Wat Jurre sei
Sjoerd Bottema
Mindert en Babs Wijnstra, Ast gelok hast foar bern fan 8 oant 88. Afûk, Ljouwert 2000. 96 siden, f 24,90.
Soms kin de televyzje je oan it tinken sette. Dat komt Joast teminsten oer, ien fan de beide haadfigueren yn Ast gelok hast:
Joast sjocht it gesicht fan in jonge frou mei sniewite tosken op it skerm. ‘It gelok laket dy ta!’ ropt in man mei in swarte snor, de presintator fan de show. ‘Gryp it gelok! Spylje mei yn ús grutte lotterij!!!’ ‘In gek wurd,’ tinkt Joast, ‘gelok...wat is dat eins? En wannear hast gelok? Ast sa'n moai gebit hast miskien?’
Joast tocht fansels oan de jonge frou op de televyzje, mei de sniewite tosken, mar yllustratrise Babs Wijnstra jout fjouwer oare foarbylden fan lju mei ‘moaie’ gebitten: fan kninetoskjes oant hynstebek. It is in moai foarbyld fan hoe't tekst en tekeningen inoar fersterkje: de kombinaasje fan dy twa soarget foar in irony dy't oars ûntbrekke soe.
Moai droech is de humor op side 17:
Syn âlders sitte al wer nei in oar programma te sjen. It giet oer de trouwerij fan ien fan de prinsen. Joast hat der fanmiddei ek al wat fan sjoen. Dit is grif de herhelling, want se gean al wer nei it stedhûs en dat hoecht oars mar ien kear. Behalve as se foar de twadde kear trouwe. Mar dan is it meastal mei in oar en dit is noch deselde as fan 'e middei.
En op side 23 liket it wol of is Frits van Egters út De avonden oan it wurd:
Lichting 3 is geschied stiet der op 'e brievebus. Joast sprekt it ludop út: ‘lichting 3 is geschied.’ It klinkt geheimsinnich, fynt er, krekt sa't de dominee yn tsjerke praat. As er de brief foar Sjutsje troch de gleuf glide lit, seit er sacht yn himsels: ‘Lichting 4 is geschied in de naam van de vader, de zoon en de heilige geest, amen.’
Prachtich realistysk - sa beare jonges op dy leeftyd ommers gauris - is de dialooch op side 45:
‘Ik ha ek sa'n rêchsek,’ seit de jonge, ‘in grienen.’ ‘Soa,’ beart Joast. ‘Allinnich minen is grutter,’ giet de jonge fierder, ‘ik fyn minen moaier.’ Joast en Sjutsje sizze neat. ‘Der kin mear yn.’ ‘Leuk foar dy,’ mompelet Joast. Hy sjocht nei bûten nei de foarbysûzjende greiden en boerepleatsen. Mar de jonge is noch net útpraat. ‘Minen komt út Dútslân,’ seit er, ‘hat fan in echte berchbeklimmer west.’
En hearlik nuchter is de reaksje fan Sjutsje, as filosoof Jippe fertelt oer Diogenes, dy't yn in lege tonne wenne en oars net hie as in âld jas en in stok:
‘It is fansels wol altyd moai waar yn Grikelân.’ Joast en syn freondinne Sjutsje reizgje nei de haadstêd om dêr by de burgerlijke stand harren ljocht op te stekken oer wat gelok is. Joast hat de amtner fan de boargerlike stân op de televyzje ommers praten heard oer ‘het jonge geluk’, dat dy sil der wol mear fan witte. Mar earst bedarje Joast en Sjutsje op it Buro foar Drege Fragen. De frou dy't harren deryn litten hat, leit út wat de allerdreechste fraach is:
‘De fraach is wêr't we wei komme en wêr't we hinne gean,’ seit de frou earnstich. ‘Wy komme fan 't stasjon,’ seit Joast, ‘en we gean nei de burgelike stam.’
Datsoarte grapkes - it letterlik ynterpretearjen fan wat figuerlik bedoeld is, it trochinoar heljen