Fan myn krityk op har wurk sil Boersma net in soad wizer wurde: ik fyn har skilderijen ‘gewoan’ moai. Mar ik haw spitigernôch gjin wurdearringswurden dy't fris en oarspronklik klinke, dy ûntbrekke yn myn fokabulêr. Trouwens Boersma & Rodenboog bliuwe sels ek hiel faach as hja skriuwe: ‘Wat skilder en dichter ferbynt is dat men yn ien en itselde wurk de rêst fielt dy't útgiet fan in poëtyske natoer en de skokjes op de emosjonele skaal fan Richter.’ Dat is praat dêr't ik hielendal neat mei kin, it is mij te sweverich.
Dichteres Rodenboog komt yn har fersen mei beskriuwingen fan 'e natoer en it noardlik lânskip. Inselde tematyk dy't ek Wilco Berga yn syn nijste twatalige bondel Eilânliet / Eilandlied behannelt. Wolken, wyn, fette klaai en slyk wurde troch Rodenboog yn ienfâldige natuerlyryk fongen. Se brûkt dêrbij nochal wat metafoaren en yn har poëzij komt ek net te min alliteraasje foar. In goed foarbyld dêrfan is it fers ‘Op 'e seedyk’. Op 'e lêste twa strofen nei - dan wurdt it tè klisjee - fyn ik dit in slagge fers. Benammen dat ‘der groeit wol yn de stikels fan it tried’ hat sizzenskrêft.
Dat Rodenboog each hat foar de natuer en dêr ek hiel byldzjend oer (be)skriuwt, lit se sjen yn it fers ‘Winterpaad’. Se skriuwt yn de twadde strofe fan dat fers de fraaie rigel: ‘Efter sjike hulst en wrotterige ikebeammen / binne de beamwallen neaken / ree foar in nij gewaad.’
It is no noch te betiid om in fundearre oardiel oer it wurk fan Rodenboog te jaan. Dêrfoar is in oantal fan tsien fersen, yn in oars kreas fersoarge bondel, ek te meager. Mar dat Rodenboog in dichter mei literêre potinsje is, dy stelling doar ik wol oan. It takennen fan in Rely Jorritsmapriis, yn 1998 foar in ferhaal en in jier letter foar in fers, jouwe ek al in oan dat Rodenboog talint hat. Meande wurden is yn elts gefal in beskieden ûnthjit, mar ek net mear as dat.