Oebele Naneur
Master Tamminga
Ik hie op 'e Snitser hbs fakultatyf Frysk fan him. Hjoed de dei soe 'k sizze: hie ik mar Frysk fan him, byneed ferplicht!
Myn (ús) geklier gong sá fier dat hy my (en noch ien of twa) der op in stuit letterlik ôftrape. En leau my: it is in prestaasje, mar perfoarst gjin trofee wurdich om sizze te kinnen datst in wâd ûnder de kont fan ‘Tamme Douwe’ mei krigen hast.
Mar ús heit en mem ha effektyf mei my ôfweefd: ik waard foar it A-diploma Frysk ynskreaun by in akadeemje, hielendal yn Ljouwert goddomme, krekt foar sa lang as ik dêr yn frije tiid oer dwaan soe om it diploma te bemasterjen.
Dat, ik mei noch in boeresoan út 'e Legeaën úteinlik op foar it eksamen.
In ûnbidige, keal-houten seal yn Ljouwert, in hûn fan in Luwadder saalwacht, fansels fierstentefolle geef-Fryske opjeftes en wy switte, switte! Op in krusiaal punt yn in opjefte Frysk-Nederlands waard sprutsen fan: frou dy-en-dy har bannich libben. Mei de saalwacht ivich tusken ús yn wienen ik en myn maat oanwiisd op ús sûne boere-referinsjekader (in bannige ko is ommers in ko dy't ynkoarten keallet) en wiene wy moai wiis mei ús beider oersetting: haar leven in het teken van de bevalling. Fout, allinnich mar: ûnbegryplik fout, dat wie wat se hjirfan yn Ljouwert fûnen. In earste feministysk golfke wie oer Ljouwert spield. Mar wy hiene fan soks gjin weet.
Wat ik doe wol besefte: D.A. Tamminga hie wat wy dêr fan makken no just wol moai fûn!
Bouke van dêr Hem