Snits te kyk en te kak
Piter Yedema
Henk van der Veer, Kajapoetoaly - fersen in ut Snekers. Utjefte yn eigen behear, Snits 2000. 52 siden. f 24,50.
Neffens de ûndertitel soe ‘fersen’ de beneaming wêze foar wat Henk van der Veer en syn fotograaf Paul van Goor mei smaak opfandele hawwe út it orale sirkwy, it folkse miljeu fan Van der Veer syn berteplak Snits. Om my mei it, as der net de ferwachting mei oproppen wurdt dat it hjir om eat heechdravends of djipgravends út de literêre bransj te rêden is.
De gearbrochte anekdoates, ferbale plaatsjes, siswizen en útspraken, de fiten en karakteristiken út it Snits fan de sechtiger jierren foarmje mei de foto's út ferskate argiven (dy fan de gemeente Snits en it Skipfeartmuseum) en fan Van Goor, in earsten eksimpel fan de ‘och-heden-ja’-folkloare. Dat moat wol in feest fan werkenning opsmite en ik stel my dêr jûnfoljende skôgings op jierdeis en yn kafees by foar, liedend ta sa'n útwreiding fan it repertoire dat de dichter skat ik, noch samar fiif bundeltsjes foarút kinne soe. Mei in oplaach fan in grouwe twatûzen stiks hoege de feestfierders yn dy omkriten foarearst net sûnder te sitten. (Ik freegje my tuskentroch wol even ôf wêrom't er, as ku-man, dizze topper yn spee net by syn eigen útjouwer brocht hat - woe er de namme ‘Boalsert’ net yn it kolofon ha, of is de Koperative Utjowerij te keken om stedsfrysk te promoten?)
Wat falt der fierder fan dit moai útjûne boekje te sizzen, wat kin men der fan opstekke? Want dat it grappich is, yn 'e smaak falt en alhiel foar himsels sprekt, sprekt foar himsels.
Ik wol in pear dinkjes neame dêr't guon teksten
en sketskes foar myn gefoel dochs mei in poëtysk kopke boppe de see fan nostalgy útstekke. (As berne Boalserter kin ik wol boarch stean foar de autintike sfear fan it wurkje, wêryn't de stedsjers meast fêstlein binne mei ûnwierskynlik snedige opmerkings dêr't se har mei út de sketste sitewaasjes rêde.)
Poëzy sit der sûnder mis yn it fers ‘Hoansdagen’. In soele simmerjûn, de húshâlding bûten op 'e stoepe mei in gleske prik, yn 'e fierté de kritende pauwen fan it park - in momint fan lok mank alle krapte dy't dêr útsprekt. De lju wiene wend om opjage te wurden en yn soargen te sitten en hiene net in soad betrouwen yn stuiten fan ûntspanning, rêst en geniet wiene