Libbenselikser
Jitske Kingma
De wolken
Hy siet neist my by it diner, dat de direkteur fan de Amerikaanske boekhannel joech foar alle Amerikanen fier fan hûs dy't Thanksgiving misse moasten. As je dan dochs net by de minsken fan wa't je hâlde wêze kinne, kinne je mar it beste hâlde fan de minsken dy't by je binne, persiflearre er in jierren-sechstich-liet mei triennen yn de eagen.
Frege nei de dingen dêr't er tankber foar wie, sei er allinne: ‘Dat ik in wrak lichem ha, net genôch te iten, myn freonen my ferlitten ha en gjin frou it mei my úthâldt.’ Dat foel net sa bêst, it wie de bedoeling dat er meidwaan soe yn 'e kring fan harmony en resonânsje. Hy fertikke it en dat luts myn oandacht.
Hy skepte wol fjouwer kear op en iderkear as er wer nei syn plak gong, siet der in oare frou njonken him...
‘Sjoch, se bliuwe net langer as nedich by my sitten’, sei er tsjin nimmen yn it bysûnder.
Hy rûkte nei farsk swit en goedkeape sigaren. Syn kaky-blûze stie in bytsje iepen en toande griis boarsthier. Syn plasse wie keal. Hy seach my mei in skean each oan en sei:
‘Do hast it moaiste profyl dat ea in keninginne sierd hat.’
Hy helle in gûne út 'e bûse en wiisde op Beatrix.
‘Sa'n munt soe foar dy slein wurde moatte. Mar dan yn 't goud fansels.’
Hy seach mei waarm oan en sei: ‘Der is noch wyn.’
Ik wist neat better te dwaan as foar ús beiden in glês yn te jitten en te klinken.
‘Op it no. Der is neat dat my oan dy bynt en neat dat my by dy wei hâlde kin’, sei er.
‘Mar...’ begûn ik.
‘Utsein in “mar”, it ivige “mar”’.
Ik besleat my te ferdrinken yn dy eagen, syn rook en joech my oer.
‘Unferwacht, op elk gaadlik momint, kin it oer je komme. Je sitte earne, ferfele je lykas altyd. De iennichste treast is alkohol en wat goedkeap praat. Oertsjûge fan it feit, dat al hoe ûnthjittend in stim, in pear eagen of in glimk wêze kinne, it ivich en altyd eindiget yn neat. Mar dan slacht de bliksem yn. Immen stelt gjin fragen dêr't gjin antwurd op is. Je sjogge yn in siel dy't je ken en begrypt. En even hiel even, liket it dochs te kinnen.’
It jilde mar foar in juntsje. Ik wit net hoe't ik thuskommen bin, mar ik hie allinne in leech sigaredoaske yn 'e bûse. Gjin adres of oare oanknopingspunten.
In pear dagen letter belle hy my. Hy stie op it punt werom te fleanen nei Amearika.
‘En dy bliksem dan?’ frege ik.
‘It bestie by it no fan it doe fan dy jûn’, sei er.
‘Tusken alles opjaan en de takomst tegearre winne sit in smelle strook fan lân, dêr't alles mooglik is. Allinne dêr wol ik dy treffe.’
Ik spoarde syn e-mailadres op en melde, dat ik him net ferjitte koe.
Hy stjoerde in mailtsje werom oer de Nasdaq, syn manyske depressiviteit en it lêste konflikt mei syn husbaas.
Mar ik woe it oer de wolken hawwe en dy smelle strook lân.
Hy sei dat ik it net begrepen hie.
Der bleau my sa mar ien ding oer: ‘Love the ones you're with.’