By Dolf op 'e kofje
Hylkje Goïnga
‘Ha, dy Martha.’ Ik hie de finger noch op 'e tingel-tangel belle, doe't er de doar al iependie. Hy soe de kat dêr útlitte.
‘De kat derút en do deryn’, sei er.
‘Dach Dolf. Ja ik kom samar oanwaaien. Ik woe graach even in boek fan jim liene.’
‘“Naar de katten”, tink.’ Hy pakte myn jas oan en hong him oan 'e kapstok.
Oan in stokje.
‘Ja, Trudy sei juster, dat ik dat beslist net misse moast. Jim fochten dêr sawat om, dat sadwaande.’
We gongen nei de keamer. ‘Wêr wolst sitte? Sikest mar wat út. En joust dy mar noflik del. Set ik kofje.’
‘Wêr is Trudy?’
‘Dy past op, by Monyk en ik gean der strak ek hinne, ite wy pankoeken.
Monyk lit wat oan har spatieren dwaan. No ja, en dan drave pake en beppe wer even op, kenst dat wol. Want Daan hat syn wurk op 't heden yn Delfsyl, God betere het, want dat is wol sa'n ferdomd ein út 'e reek. Of hast leaver tee? Nee? Guon minsken drinke de hiele dei tee. Dogge wy kofje. Kaffeïnefrij drinke wy, mar dat witst wol.’
‘Ja lekker.’
En wylst it kofjesetapparaat syn wurk die, sette Dolf twa koppen op 'e tafel del, lei der in leppeltsje by en frege: ‘Hast ek sûker? Hoe wie it ek al wer?’ Hy pakte it boek en lei it foar my del: ‘Net ferjitte. Triuw it daliks mar yn 'e tas. Dan is dat regele.’
‘Skriuw op, dat ik it ha, Dolf.’
‘Bist net wiis, Martha. Wy sjogge inoar sa faak.’ En hy wer nei de keuken ta, mei grutte stappen.
Alles oan Dolf wie grut, lange skonken en lange earmen en mei syn ljochtbrune stúsjekoarden broek en griene trui foel it my ynienen op, hoe gesellich as hy derút seach. Ik frege my ôf oft dy broeken ek noch sa âlderwets rukten. Hy hie de kofje op in blêd setten, mei twa mokken derby.
‘Us kopkes steane ommers al op 'e tafel, Dolf.’
‘Och heden ja, dat is ek sa. No Martha, dan kinst mar útsykje. Sis it mar.’
‘Ik skink yn’, sei ik. Wy dronken fan ús kofje.
‘Wolst der ek wat by ha? Sil ik ris even sjen as der noch wat yn in trompke sit?’
‘Tankje, ik ha oan de kofje genôch.’
‘Is it dy wat nei 't sin?’ frege er.