| |
| |
| |
Bou hurd in nij gemeentehûs
De weryndieling komt dêr oan!
Piet Hemminga
Sunt 1 jannewaris 1984 telt Fryslân 31 gemeenten, trettjin minder as lang dêrfoar. No, santjin jier letter liket op 'e nij in weryndieling yn de loft te hingjen. It is noch mar in earste sigentsje, mar it makket al dúdlik dat bestjoerlik Fryslân wer wat langer wat mear sin oan wat gemeentlik naai- en knipwurk kriget. Sammelje dêrom arguminten en lit de emoasjes heech oprinne.
Bestjoerskundige Piet Hemminga sjocht werom en skôget foarút. Hoewol't in soad tsjin weryndieling pleitet, sil dêr neffens him net oan te ûntkommen wêze.
| |
Dûmny Kalma
De kongresseal fan de Provinsjale Bibleteek wie op 22 juny 1977 te lyts om alle minsken te bergjen, doe't Singelsma, Sjoerdsma, Steenmeijer en oare leden fan Provinsjale Steaten oer de nije gemeentlike weryndieling kediisden. Meinommen spandoeken makken de Steaten op dy moaie simmerdei dúdlik wat de bedoeling fan de aksjefierders wie: ‘Gaesterlân by Sleat en oars neat’ en ‘Drylts en Wymbrits nea by Snits’. Mar soks woe, likemin as de 11.500 skriftlike reaksjes en 135 ferskillende beswierskriften, fansels net sizze dat eltsenien him oer de weryndieling drok makke.
It libben yn de provinsjale haadstêd gie gewoan troch en alle drokte fan boargemasters, wethâlders en dat folk liet fierwei de measte Friezen moai kâld. PB-megabrûker dûmny Kalma sette dyselde woansdeitemiddei syn âld fyts tsjin de bibleteekgevel om sûnder ek mar ien tel op al it folk acht te slaan en mei in tasfol boeken streekrjocht yn de stúdzjeseal te ferdwinen.
Kommissaris Rijpstra hie earst suver tsjin de gearsit op sjoen, mar oan de ein kommen wie it him och sa tafallen. De publike tribune koe betanke wurde, want dy ‘heeft zich op een voorbeeldige wijze gedragen, waardoor het steeds mogelijk was ongestoord te vergaderen’. Wat kin in foarsitter him noch mear winskje as makke Friezen dy't har rêstich knippe en skeare litte.
| |
Bestjoerskrêft
Weryndielen is in terapy, of, sa't Steatelid De Graaff-Nauta yn de rin fan de Steatesitting oer de Fryske weryndieling opmurk: ‘Herindelen is een pijnlijke en moeilijke operatie en het is ondankbaar werk.’ Mar yn de fierdere rin fan har karriêre krige hja dêr suver net genôch fan.
De iene weryndieling jage en jaget de oare en sa sakket it tal gemeenten yn Nederlân stadichoan werom nei in tredde part fan it tal dêr't it hûndert en fyftich jier ferlyn allegearre mei begûn. De weryndieling wurdt knipt en naaid mei help fan sawol ridlike arguminten as magyske formules. Mear bestjoerskrêft is it argumint dat net allinne yn de jierren santich, mar hûndertfyftich jier lyn ek al troch Thorbecke brûkt waard. ‘In part fan ús fraksje is foar krêf- | |
| |
tiger gemeenten’, sa sei Sjoerdsma yn 1977. Wie it oare part dêr dan op tsjin? Nee, grif net, wa soe him ommers net yn krêftiger gemeenten fine kinne?
Yn de tarieding ta de Fryske weryndieling waard bestjoerskrêft útlein as de grutte kâns om yn in gemeente mei mear as tsien tûzen ynwenners bettere rieds- en kolleezjeleden te krijen, in goed tarist amtlik apparaat te hawwen en sûnder help fan bûten funksjonearje te kinnen. Funksjonearren de gemeenten yn dat opsicht dan net goed? Wat wie feitlik de kwaliteit fan de riedsleden yn Harns, Hinnaerderadiel en Hylpen? Hoe grut wienen de prestaasjes fan de amtners fan Baerderadiel, Barradiel en Boalsert yn dy jierren? Hoefaak dienen Idaerderadiel, Raerderhim en Utingeradiel yn de jierren sechstich en santich in berop op help fan bûten en wêrfoar?
Men soe dochs ferwachtsje dat de saneamd wittenskiplike ûnderbouwing fan it úteinlike provinsjale útstel fan 1977 antwurd op dat soarte fan fragen jout. Men soe sizze de diagnoaze giet oan de terapy foarôf. Mar hoe spitich, it tsjindiel is it gefal. Dat de lytste gemeenten net doogden of yn elts gefal de moderne tiid net langer treast wienen, stie fan te foaren al fêst. In empiryske ûnderbouwing, wie blykber net nedich en yn it fierdere politike oerlis wie dat, bûten in inkeld opposysje-partijke om, feitlik gjin punt mear.De Fryske weryndieling wie yn 1970 al yn de weak set, doe't in trije jier dêrfoar ynstelde provinsjale wurkgroep fêststelde dat der dúdlike kwalitative ferskillen yn de gemeentlike tsjinstferliening wienen. It hie fansels hiel wat ferrassender west as dy wurkgroep sizze kinnen hie dat dêr gjin ferskillen tusken de gemeenten wienen. En men kin der rêstich fan út gean dat dy ferskillen ek nei in weryndieling net ferdwine. Dyselde wurkgroep woe foar de Fryske fêste wâl noch op tweintich gemeenten oan. Soks gie al te fier en koe doe dus noch neat wurde, mar op sa'n manier waard en wurdt wol romte skepen foar in wat minder fiergeande weryndieling.
| |
Sinten
Gemeentlik weryndielen kostet in pear sinten. Hoefolle? Deputearre Steaten skriuwe yn 1980 net by steat te wêzen om konkrete sifers oer de finansjele gefolgen fan de weryndieling te jaan. Mar hja witte wol fan oare kriten yn it lân dat it net fuortendaliks oan de boaiem ta reabûter is. En dat kin slim bestriden wurde. Weryndielen kostet in soad ekstra-jild. En net allinne om't de al lang frege nije sporthal oan de ein fan de rit samar ynienen kin, of dat amtners der noch hurd in skaal by krije.
Earder hienen de Fryske deputearren lykwols al in finansjeel argumint pro weryndieling brûkt, troch te wizen op it ferskil yn bestjoerskosten de ynwenner. Dy kosten wienen yndertiid yn Ljouwert likernôch in tredde part fan dy yn Drylts, Hylpen, Sleat en Starum. Soks leit no justjes oars. Yn gemeenten sa tusken de 20.000 en 50.000 ynwenners lizze de kosten de ynwenner yn Nederlân it leechst. Dat soe allinne al reden wêze om mar leafst njoggentjin fan de tsjintwurdige 31 gemeenten ûnder it mes te nimmen.
Tagelyk moat sjoen wurde nei de hegere kosten dy't mei in weryndieling anneks binne. Alderhanne earder belied moat yn de nije gemeente harmoniseard wurde en dêr wurdt it net fuortendaliks goedkeaper fan. It duorret faak jierren foardat de nije organisaasje in bytsje op gleed is en dat betsjut dat op praktysk elts mêd beliedsefterstannen ûntsteane. Yn de slimste gefallen is de hiele boel sa bot yn de war dat Louis Lyklema der oan te pas komme moat. In part fan de amtners giet mei mear of minder freugde de pre-fut yn en in oar part
| |
| |
De âlde gemeentegrinzen(...) en de nije (-)fan 1984. (Kaart Provinsjale Planologyske Tsjinst)
| |
| |
wurdt faak sa lang yn ûnwissens oer it eigen plak yn de nije organisaasje litten, dat hja der net mear oan ta komme om de enerzjy yn it primêre beliedsproses te stekken.
In ûndersyk nei de Grinslanner weryndieling makket dúdlik dat allinne it bystânsbelied dêr noch by de tiid wie, alle oare beleidsmêden hienen in grutte efterstân oprûn. Dat betsjut dat nije amtners oanlutsen wurde moatte. En dan haw ik it noch net iens oer it ynhieren fan allerhanne ynterim-fïgueren dy't de boel wolris efkes op de rails sette sille. Yn de praktyk falt dat lykwols net altiten ta. Soenen de kosten fan sokke slûchslimme figueren ôfset wurde tsjin de resultaten, dan wie it mei it grutste part fan al dat ynterim-gedoch gau dien. It is frjemd en winliken skandalich dat soks net bart.
Dan spilet ek noch dat de nije gemeente yn it earstoan op mear as ien plak sit en dat betsjut dat der mei gauwens in nij gemeentehûs komme moat. Ek dat kostet in pear sinten, mar goed, de oannimmerij wurdt der mei stipe. Dat selde bart trouwens yn dy gemeenten dy't wol yn de gaten hawwe dat it eigen bestean mooglik yn de kiif komme kin. Mei in nij gemeentehûs wurdt dan blykber besocht om de weryndieling bûten de doar te hâlden. Sa is in hiel tal fan de Fryske gemeenten op dit stuit mar wakker besteld mei de eigen nijbou...
| |
Resultaten
Hat de weryndieling holpen? Is de bestjoerskrêft nei de weryndieling yndied folle better wurden? Frjemd genôch witte wy dat net, want de Fryske weryndieling is efternei net op syn resultaten hifke. In miste kâns fan de earste oarder, sa kin men sizze, want no moatte wy it mei dyselde oannames dwaan as dêr't de provinsjale polityk yn 1977 besluten op miende nimme te kinnen.
Wy witte net oft de kwaliteit fan de gemeenteried fan Nijefurd better is as dy fan it eardere Himmelumer Aldefurd of Warkum. It is likemin bekend oft Gaasterlân-Sleat de boarger hurder oan in boufergunning helpt as it eardere Sleat. En is de ekonomyske ûntwikkeling troch de komst fan Boarnsterhim bot foarútgien yn ferliking mei dy yn it eardere Idaerderadiel of Utingeradiel? Hienen Langwar en Sint Nyk safolle better út west mei it fuortbestean fan Doanjewerstal as ûnder it bewâld fan de nije hearen fan Skarsterlân? Hoe stiet it mei de lesten foar de boarger? Binne dy foar de ynwenners fan Littenseradiel leger, as wannear't Baerderadiel of Hinnaerderadiel bestean bleaun wienen? Wat hat de útkomst west fan de harmonisaasje fan belied yn de nij foarme gemeenten? Hokfoar politike partijen hawwe foar- of neidiel fan de weryndieling hân? Lizze de diken yn Frjentsjeradiel der no better hinne as earder yn Barradiel? En hoe stiet de finansjele ôfrekken fan de hiele weryndielingsoperaasje der foar?
Fragen en nochris fragen, mar de antwurden kinne by it missen fan in deeglik opsetten evaluaasje net jûn wurde. It spultsje is spile, de nije grinzen binne lutsen, mar de einbalâns is net opmakke en de winst of it ferlies steane net fêst.
Op 22 desimber 1983 stienen de krekt troch Wiegel - ‘niet iedereen is gelukkig’ - beëdige alve boargemasters glunderjend op it portret yn de Ljouwerter. Ien glunderjende boargemaster út it treflik boargemasterskorps fan earder ûntbruts, dy fan Barradiel - ‘u hebt het wel eens moeilijk gehad met mij, maar ik ook met u’ -, hja soe net wer in boargemasterssit krije. En in inkelde wol beneamde boargemaster soe dêrnei it laitsjen yn de nije gemeente noch fergean, mar dat is fansels in hiel oar ferhaal.
| |
| |
| |
Feroare omstannichheden
It lân foar de weryndieling leit dêr hjoed-de-dei bot oars hinne as tweintich jier ferlyn. Dat hat sa syn reden.
Yn it foarste plak besteane de gemeenten fan doe mei noch gjin tûzen ynwenners net mear, hoewol't de twa lytste Waadeilannen op dit stuit mar krekt boppe dat tal sitte. Soks hat gefolgen foar de mei in weryndieling neistribbe foarútgong yn bygelyks de kwaliteit fan in gemeenteried of amtnerskorps.
Yn it twadde plak is mei de lêste weryndieling in part fan de fan âlds besteande bestjoerlike yndieling fan de kaart ferdwûn, en dat makket it weryndielen hjoed-de-dei aardich lichter. Ieuwen âlde grinzen kinne mar ien kear oer board set wurde en dus spilet de histoaryske faktor net langer yn it gefal fan Boarnsterhim, Nijefurd of Skarsterlân.
Dat hat ek te krijen mei de bining fan de ynwenners mei de gemeente. Dy wurdt wat langer wat minder. Hoe grut is it persintaazje fan de ynwenners dat tsjintwurdich noch yn deselde gemeente wennet as dêr't men berne is? Wat seit it gemeentehûs de minsken noch? Wa ken de nammen fan de eigen wethâlders? Hoe grut is de belangstelling foar it gemeentlik wjerfarren?
It binne fragen dêr't neier ûndersyk in antwurd op jaan moat, mar ik tink dat ien en oar fiifentweintich jier ferlyn noch aardich oars lei as tsjintwurdich. Dat komt ek mei om't de oerheid him wat langer wat mear op it paad fan de ekonomisearring bejûn hat. Dy oanpak soarget der mei foar dat it belied as in soarte fan produkt oan de man brocht wurdt, de boarger as klant benadere wurdt en effisjinsy en effektiviteit de heechste betingsten foar oerheidsbelied wurden binne.
Typysk gemeentlike ferantwurdlikheden as de soarch foar feiligens op strjitte of it ûnderhâlden fan in kreas algemien begraafplak wurde sûnder te ferblikken privatiseard. De iene nei de oare fergunning wurdt ôfjûn as it juridysk allegearre mar kloppet, wylst foar de werklike gefolgen gjin each bestiet.
It is de heechste tiid om it funksjonearjen fan de Fryske gemeenten no en straks deeglik te ûndersykjen.
| |
Feroarjende omstannichheden
Net allinne de omstannichheden binne feroare, ek it wurk op it gemeente- of stêdhûs is al lang net mear itselde. Soe it al of net ynhieren fan tredden de betingst wêze om al of net te weryndielen, dan bliuwt gjin gemeente bestean. En as ik it hjirfoar oer de ekonomisearring fan de gemeente haw, haw ik it ek oer de ûndernimmende oerheid. Wêr't dat ta liede kin hat de spekulearjende provinsje Súd-Hollân okkerjiers moai dúdlik makke. Mar dat is mar ien kant.
De oare kant is dat de ûndernimmende gemeente net wachtet dat in bedriuw him sels oanmeldt foar in stikje grûn, mar op de bêste A-lokaasje fan de gemeente in keapsjoch bedriuweterrein oan leit en dêr de boer mei op giet. De ûndernimmende gemeente lûkt in soad jild foar syn eigen p.r. út en slacht gjin bedriuwekontaktdei oer. Dyselde gemeente ferjit de wet likense behanneling en let en set elke ûndernimmer dy't mei moaie plannen de trep fan it gemeentehûs op komt. Tagelyk moat men him ôffreegje hokfoar gemeente op dit stuit wapene is tsjin in gewykste ynternasjonale subsydzjestruner of werklik op de hichte is fan de Europeeske regeljouwing, fûnsen en betingsten.
It is net sa'n keunst om in hiele rige fan bot feroare en feroarjende omstannichheden te neamen. Hokfoar gemeente is bygelyks opwoeksen tsjin it meunster fan de drugs of de komst fan hûnderten flechtlingen? En hokfoar gemeente is de maatskiplike en juridyske werk- | |
| |
likheid fan miljeu- en strjittekriminaliteit treast? En dan haw ik it noch net iens oer de geweldige gefolgen fan automatisearring en ynformaasjetechniken. De gemeenten en provinsje rinne op dat mêd fier by de mooglikheden achter, mar de dei dat soks feroarje moat, komt hieltiten tichterby. En dan giet it net langer om in ‘gelikte’ presintaasje op it www, mar om grutte gefolgen foar de hiele oerheidsorganisaasje.
Ien firtueel oerheidsloket lit foar de ynternettende boarger de gemeentlike grinzen foargoed sneuvelje en set de gemeentlike organisaasje op syn kop. Gemeentlik weryndielen mei pynlik, dreech en ûntankber wêze, de resultaten falle op de koarte termyn bot tsjin en it kostet allegearre in soad jild, mar ik tink dat net oan in nije weryndieling te ûntkommen falt.
| |
Romte
Yn ferliking mei de ûnmjitlike firtuele romte is de Fryske romte wol hiel beheind. It is net ien fan de minste ferantwurdlikheden fan de lokale oerheid om foar dy romte noed te stean. Allinne, dat slagget mar min. Rûnom liket it lânskip fan Fryslân en hiel Nederlân ferrinneweard te wurden. Ien, twa, trije, fjouwer of fiif nota's romtelike oardering: it helpt net. Plakken as Akkrum, Dronryp, Grou, Mantgum, Winsum, Wommels of Sint Nyk litte dat sa moai sjen.
Rûnom wurdt wat earder noch plattelân wie egaliseard, urbaniseard en globaliseard. Oeral wurdt inselde bedriuweterrein út de grûn stampt en deselde nearzige nijbou realiseard, dat alles moai ôfrûne mei in nij, benammen yn it tsjuster bylkjend Texaco-stâsjon of in sa heech mooglike Nuon-wynmole. It giet dêr op oan dat de hiele krite tusken Ljouwert, Frjentsjer en Harns fol boud wurdt. Noch efkes en tusken Drachten, It Hearrenfean en Snits groeit alles oan elkoar fêst en dêr tusken troch sweve skylk de treinen.
Dat it al yn hûndertenfyftich jier net slagge is om de ferbining Ljouwert-Grins goed foar elkoar te krijen, lit ik mar foar wat it is. Sûnder de provinsjale rezjy om mei twa sônes te wurkjen wie it noch slimmer, mar spitigernôch hat de provinsje te min rêchbonke om in konsekwint konsintraasjebelied te fieren en dat betsjut dat de gemeenten de ‘welgeordendheid’ fan it lânskip wat langer wat mear oantaaste. Om't streekplan, bestimmingsplan en Hûs en Hiem net helpe, bliuwt mar ien remeedzje oer: it drastysk werombringen fan it tal elkoar bekonkurrearjende gemeenten. Om noch slimmer te foarkommen.
| |
Amtners
Ik wol noch in argumint pro weryndieling neame en dat hat te krijen mei de amtners.
Ik freegje my ôf wat de attraktiviteit fan Ferwerderadiel, Littenseradiel, Nijefurd of Wûnzeradiel op de hjoeddeiske arbeidsmerk is. Wa wol syn karriêre op it gemeentehûs fan Ferwert, Wommels, Warkum of Wytmarsum begjinne, of noch slimmer, einigje? En dat wylst it ferlet fan goed oplate, kreative en moderne amtners krekt bot grut is. Mooglik kin in eigentiidske organisaasje helpe om dêr wat oan te dwaan. In weryndieling is ommers in moaie gelegenheid om de organisaasje ris flink op te skodzjen. De al wat âldere amtners kinne moai futterje en foar in tal jonge krêften stiet it plus klear. Sa kriget de trochstreaming lang om let syn gerak. Mar tagelyk is dat ien fan de negative kanten fan in weryndieling.
Net allinne de útbluste amtner mei foargoed nei hûs ta, mar ek de yn it sâlt bebiten amtners mei in grutte kennis fan gemeente en befolking ferdwine definityf. Mar dat wol net sizze dat krekt mei it each op in adekwaat en eigentiidsk personielsbelied oan in opwurdearjen fan foaral de lytsere gemeenten te ûntkommen is.
| |
| |
| |
Ljouwert
Foar de omfang fan in gemeente kin hiel wat makliker in beskate ûnder- as boppegrins steld wurde. Dy ûndergrins is mei ôfhinklik fan it aard fan de gemeente en yn gearhingjen dêrmei it wurk dat dien wurde moat. Dy ûndergrins wurdt stadichoan heger. Sa hawwe de Waadeilannen okkerdeis witte litten dat hja te lyts binne om foldwaande klantrjochte wurkje te kinnen en basisfoarsjennings as sosjale soarch en ûnderwiis garandearje te kinnen. En wat foar de Waadeilannen jildt leit grif net oars yn in opmerklik part fan de gemeenten op de fêste wâl. Der sil dus wat barre moatte. Mar wêr moat op oanstjoerd wurde?
Yn Fryslân lit Ljouwert sjen dat de boppegrins net al te heech lein wurde moat. It funksjonearjen en it imago fan dy gemeente makket it weryndielen yn Fryslân net makliker, mar it ferlet wol grutter. Feitlik moat Ljouwert holpen wurde om Fryslân as haadstêd tsjinje te kinnen. It bestean fan Fryslân wurdt ommers bot holpen mei in sterke en libbene haadstêd. It is om allerhanne reden spitich te neamen dat Ljouwert yn de rin fan tsientallën jierren de fûgels nei Burgum, Dronryp, Hurdegaryp, Mantgum en Stiens fleane litten hat. Dat kin ek slim werom draaid wurde, mar mooglik kin in gemeentlike weryndieling dochs helpe om nei de takomst ta de kaart lang om let op Ljouwert te setten. Dêrta is it yn elts gefal nedich dat Ljouwert de ynwenners fan Dronryp, Hurdegaryp, de Trynwâlden en Stiens binnen de eigen grinzen kriget.
De aktuele weryndieling om Den Haach hinne liket gemeenten fan sa'n lytse hûndert tûzen ynwenners op te leverjen. Soks soe foar Fryslân noch seis gemeenten betsjutte. Mar rekken hâldend mei de Fryske ûnmooglikheden sille it wol in pear mear wurde moatte.
| |
Neat bliuwt
By in nije weryndieling sille de messen wer slipe wurde. Alde tsjinstellings tusken it eardere plattelân en de hjoeddeiske stêd lôgje wer op. It doarpisme kriget op 'e nij wjukken. Boargemasters, wethâlders en gemeenteriedsleden fan de bedrige gemeenten sille har fersette, de lytse partijen binne tsjin, de krante belibbet in gouden tiid en de iene nei de oare enkête wurdt holden. By in inkeling sille de emoasjes grif heech oprinne, mar foar it grutste part fan de ynwenners is it jut om jul wat de nije weryndieling oplevert. De drompel dy't yn de jierren santich nommen is leit dêr net mear, lykas de Provinsjale Bibleteek gjin kongresseal mear hat. Dêr hat lang om let de elektroanyske ynformatika ek taslein, sadat men net mear op it fytske nei de bibleteek ta hoecht. Dûmny Kalma is net mear. Neat bliuwt.
|
|