Trotwaer. Jaargang 33(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 147] [p. 147] Klaas Feenstra Lege lannen Har hert lûkt nei de lege lannen: nij aventoer mids bluisterich fee! De maitiidsbrulloft is op hannen; dêr is de seize al, fan âlds har stee. Al hiene se yn mylder streken by 't winterdei har rak en dak, ûnrêst naam hommels har geweken: de driuw nei it fertroude plak. Hien' se net faak yn smoute oeren by pake preaun de sterke bân, en heit? Hy swarde by dat lân fan wachters, neisoarch, tûke boeren dy't warber op har pleatsen binne en hingje oan fûgel, lân en bist. Se telle oft der faaks ien mist fan al dy lammen yn 'e finne. Wach wjukkelt hy no oer de ikker dêr't sy har earste aaike lei. Mar frjemd, gjinien efter de hikke; en dan sa'n moaie maitiidsdei! Dêr't oars it jongfee rûn is 't nuver leech; it fjild is foar de fûgels no allinne. It lân krimpt kâld en iensum yn de sinne, en by de boer op 't hiem is it ien en al beweech... Vorige Volgende