[Nummer 4]
De bulten fan Hesselink
Willem Winters
Moatte wy wer vegetariër wurde? Yn de santiger jierren ha wy it in setsje sûnder fleis dien, mar we wiene net prinsipieel genôch, de saak fersleauke. Dochs grutte fleisiters binne wy, meinammen ik sels, nea wurden. In gehakbaltsje, in hinnefilee en kibbeling, dat is it wol sawat.
Fanwege de bse- en tongblierrampen komt der by ús hast hielendal gjin fleis mear op tafel. Op 'e nij sykje wy ús heil by aaien, tsiis, tahu en sa.
1953 Wat moat der fan de bern wurde dy't tsjûge binne fan de tongblierrommingen, al dy deade bisten. Dat komt net goed, wol men ha. Soe it net wat tafalle?
Sels wit ik noch goed dat yn 1953 it deade fee út Seelân yn iepen frachtweinen nei it stjonkfabryk yn Burgum brocht waard. Se namen de rûte troch it Hearrenfean. Underweis nei skoalle seagen wy se oer de Fok riden. Dat joech foar ús in ekstra diminsje oan de Ramp, dêr't wy fierder praktysk net folle fan murken.
1955 De hoanne dy't ik yn in hokje hie wie op in dei samar ferdwûn. It bist wie no by de vara seinen myn âlden. Eltse moarn koe ik him al ier en betiid hearre, myn hoanne wie by de radio! Jierren letter ûntdiek ik it bedroch.
Ut en troch kaam in omke by ús om in knyn út de jas te helpen, sa as hy it neamde. Hy pakte it bist by beide earen en joech him in klap mei in stok flak efter de earen. Net altiten wie er dan op slach dea. Jout in knyn normaal gjin lûd, nei sa'n misser raasde it bist as in baarch.
De ‘jas’ mocht ik ha, om te ferkeapjen oan in felleboer dy't op 'e Dracht wenne.
1965 Libbe Piet Paaltjens [F. Haverschmidt] yn syn jierren fan Weltschmerz yn Leien boppe in Van Ewijk, in ‘gepatenteerd doodbidder en noder ter begrafenisse’, ik wenne yn myn nuodlike ûntwikkelingsjierren neist de slachterij fan de Hoekstra's, junior & senior, op It Hearrenfean. Harren winkelfamke wie moai as de ferneamde sigeunerfaam op it bazarskilderij. Ik wie swier fereale, mar it waard nea wat: triennen op 'e stoepe lykas Paaltjens beskriuwt, ja wis:
Wel menigmaal zei de melkboer
Des morgens tot haar meid:
‘De stoep is weer nat.’ Och, hij wist niet,
Dat er 's nachts op die stoep was geschreid.
Alle moandeis slachten de Hoekstra's in ko. Ut it finster wei koe ik krekt yn de slachterij sjen. In knal fan it sjitmasker en in dreun as de ko troch de knibbels gie. De Hoekstra's wiene betûfte slachters. Allinne de baarch - tiisdeis - raasde efkes as er, nei't er yn 'e strûp stapt wie, oan in achterpoat optakele waard. Dat duorre mar koart. It sjitmasker die syn wurk.
De Hoekstra's wiene ek aardige lju. At wy jûns of nachts tefolle leven makken kaam Hoekstra jr. yn piama nei boppen: ‘Kin it ek wat minder, jonges?’ Hy waard nea lilk en wy diene it fansels wat kalmer oan.
1973 Folsleine makrobioten waarden wy nea, mar we diene ús bêst. Gjin fleis mar reade earte en grouweten makaroany.
Mar ús hûnen koene fansels net sûnder. Dus helle Annek by slachter Ite in stik pânse en wat fariabel ôfeart, lykas longen, eagen en