Meiwurkers
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jout lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it 0-nivo ôf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. Yn septimber 2000 ferskynde fan har Oxzana, ferhaalfan inflechtling.
Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as freelance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik.
Repke Hollema (1954) ûndernimmer, freelance sjoernalist, húsman, learaar Nederlânsk en FNP-foaroanman Smellingerlân. Skreau û.o. in feuilleton foar bern oer Piter op Curaçao (lc 1985). http://leden.tref. nl/~fnp.smellingerlan/fnp/
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media.
Atze Keulen (1938) Studearre klassieke talen yn Grins, wie learaar en konrektor yn Snits en Hengelo. Publisearre in oersetting fan Seneca syn Troades (1995) en in stikmannich keatslimericks yn Wis-in (1998).
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultueren einredaksje fan it Friesch Dagblad, de lêste jierren as sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, tsien jier letter oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternetutjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer.
Aly van der Mark (1939) is redakteur kultuer fan Omrop Fryslân.
Huub Mous (1947) keunsthistoarikus, is as konsulint foar byldzjende keunst ferbûn oan Keunstwurk en wie direkteur fan it Frysk Festival.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Leo Popma (1938) wie om 1970 hinne aktyf yn de Fryske skriuwerij, û.o. as dichter, proazaïst en Trotwaerredakteur. Konsintrearre him dêrnei op syn wurk yn de biblioteeksektor, oant syn pinsjonearring.
Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk, Frysk en wiisbegearte, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante. Ein foarich jier ferskynde De brulloft fan Valentijn, syn twadde ferhalebondel.
Piter Yedema (1941) prate thús gjin Frysk mar Stedsk. Wie fan berop gemysk analist en learaar natuerkunde. Hâldt him dwaande mei poëzy, fertalen, resinsje- en stikjeskriuwen en mei skilderjen.
(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens).