Trioel
Oebele Mineur
It Fryske folk is sa stom as in okse, fynt Tr. Riemersma yn Trotwaer nûmer 1 fan 2001 op side 38, om't it leaver in stómme stavering hantearret as dy fan him. No gou dizze kwalifikaasje ‘it âlde folk oan de smelle, mar ús o sa djoere stryp oan it Noarderhêf’ en ik wenje tafallich (no ja, tafallich) oan in, justjes bredere stryp oan it Easterhêf, mar likegoed wol ik der wat fan sizze. Alderearst dat Riemersma syn desennialange fernuvering oer de fersregel ‘Mei sokken sit ik oan by 't bacchanael’ net in gefolch wie fan stomme stavering, mar fan ferkeard lêzen. Der kin út dy regel oars net as mei grutte muoite begrepen wurde wat Riemersma derút begreep. Hie de dichter sizze wold wat Riemersma deryn lies, hie er it tink sa opskreaun: ‘Mei sokken oan sit ik by 't bacchanael’. Ik fyn it eigenaardich dat Riemersma de oarsaak fan syn misbegryp by de stavering siket en net by himsels of, as er fynt dat er sels ûnskuldich is oan it misbegryp, by de skriuwer, dy't op 't lêst foar de formulearring ferantwurdlik is.
Wat my noch mear fernuveret is dat Riemersma no wér oer dy staveringskwestje begjint, wylst er sels al in pear jier de standertstavering brûkt. Ik tocht earlik sein dat Riemersma ynsjoen hie dat in fonetyske stavering fan it Frysk net realistysk is. Want soe der immen wêze dy't om 'e stávering De reade bwarre in genot fynt om te lêzen? Hoefolle minsken soene it boek om 'e stavering lizze litten hawwe? Wa wol serieus it Frysk fonetysk staverje as hy wit dat it der likernôch sa útsjocht as yn De reade bwarre?
Oan de stryp oan it Easterhêf dêr't ik wenje praat it folk Finsk, in taal mei in fonetyske stavering. Ien fan de wichtichste eigenskippen fan dy stavering is, dat in letterteken altyd ien en itselde lûd transkribearret. Der besteane yn it Finsk gjin regeltsjes oer bygelyks iepen wurdlidden dy't fan ien letter ynienen dochs in lang lûd meitsje. Fierder binne de Finnen noch folle sekuerder as Riemersma yn it opskriuwen fan wat hja hearre. De Fryske wurdsjes ‘pake’ en ‘pakke’ sjogge der yn Riemersma syn stavering krektsa út as yn de standertstavering, mar in Fin soe by it hearren fan dy wurdsjes dit opskriuwe: ‘paakö’ en ‘pakö’. Ek yn lûden dêr't wy fan leare dat se suver binne, heart in Fin it twalûd, byg. de -ee- yn ‘see’ einigt op in ‘i’, is 't net sa? In Fin soe dus ‘sei’ skriuwe. Sels it earste wurdsje dat ik op skoalle lêzen en skriuwen leard haw en dat dochs jildt as lûdsuver, it Nederlânske ‘boom’, soe in Fin opskriuwe as ‘boum’, want wês earlik, it o-lûd bûcht om yn in ‘û’. De reade bwarre wurdt yn Finsk-fonetysk Dö reödö buarö.
Wichtich by in fonetyske stavering is dat men it oer de útspraak iens is. In fonetyske stavering liket faaks hiel ‘demokraties’ en ‘krities’, mar in net-fonetyske stavering jout oan de útspraak folle mear romte. Yn de standertstavering is Riemersma frij om by it wurd ‘kloatsek’ syn eigen útspraak te tinken, mar ik wurd ferplichte om by it lêzen fan De reade bwarre dat wurd as ‘klwatsek’ te hearren, krekt lykas Jan Pieter Janzen yn syn Biten en brokken mij, wâldfries, sa no en dan twingt ta in foar mij ûnnatuerlike útspraak.
Ta beslút: de lêzer moat no net de yndruk krije dat Finnen foar álles in skerper ear ha: hja hearre bygelyks gjin ferskil tusken ‘sokken’ en ‘sokken’.
Luut Klaver