De top fan de Fryske keunstproduksje
Rudy Hodel
Pijlers. Frysk Museum, Ljouwert. Oant en mei 10 juny.
De redaksje frege my om in stik(je) oer de tentoanstelling Pijlers, dy't op 't stuit yn it Frysk Museum te sjen is. En no freegje ik my al in heale sneintemiddei ôf wêrom't ik sels net op dat idee kommen bin. Oan Pijlers dogge in stikmannich Fryske keunstners mei foar wa't ik my ek ynset ha en dat noch doch. Fierders is it in prachtige tentoanstelling: foar it earst yn safolle jier jout it Fries Museum wer in oersicht fan de top fan de hjoeddeistige keunstproduksje yn Fryslân. En dan mei de hannen yn 'e bûse stean, as breaskriuwer?
Wat my dwers sit is it feit dat dêr sa'n bytsje ferkear is tusken de literêre wrâld en de wrâld fan de byldzjende keunst, net allinnich yn Fryslân mar ek dêrbûten. De iene wit net wat de oare docht of besielet en oarsom. It binne twa kampen mei in brede kleau dêrtusken. As ik my behein ta de keunst, dan sjoch ik bygelyks selden (Fryske) skriuwers op iepeningen of oare manifestaasjes. As dêr al guon omrinne dan komt hy of sy meastentiids allinnich foar in kollega, dy't dûbeltalint neamd wurdt, oftewol in skilder dy't ek skriuwt en publisearret.
Ien fan de gefolgen fan dizze apartheid is dat ik net botte motivearre bin. Der sit dochs net ien op myn bydrage te wachtsjen en boppedat: wêr moat ik it as keunstkritikus oer ha? Wat is bekend en wat net? Wêr kin ik nei ferwize? Wat in gelok dat der in redaksje is.
Yn 'e marzje fan alle tentoanstellingen dêr't allinnich hjoeddeistige Fryske keunstners oan meidogge, stiet de fraach oft der ek Fryske keunst is. En as it antwurd ‘ja’ is: hoe sjocht dy keunst der dan út? Ek de nije direkteur fan it Fries Museum begûn syn iepeningssechje fan Pijlers mei dy fraach en beändere de kwestje gelokkich mei ‘nee’. Der is yndie gjin spesifike Fryske byldzjende keunst en dy sil der ek nea komme. De ‘taal’ fan de hjoeddeistige byldzjende keunst is sa ynternasjonaal, dat regionale identiteit of eftergrûn net mear relevant is. It mienskiplike stiet sintraal en net de ferskillen. Op grutte ynternasjonale útstallingen, lykas Biënnales, moatte je bygelyks goed nei de nammebuordsjes sjen om út te finen oft de eksposant út Sina, Ghana, de usa of Frankryk komt. (Oer keunst sprutsen: it is hjir yn dit literêre fermidden in aardige kwisfraach hoe't de nije direkteur fan it Fries Museum hjit.)
De dielnimmers oan Pijlers - Henk Bleeker, Machiel Braaksma, Machteld van Buren, Anne Feddema, Tjibbe Hooghiemstra, Claudy Jongstra, Zoltin Peeter, Freark van der Wal, Ramon van der Werken en Martin Winters - binne Fryske keunstners om't se yn Fryslân wenje. Punt út. En se dogge mei oan Pijlers om't it Frysk Museum it as syn taak sjocht de keunst út de eigen regio te folgjen, te toanen en oan te keapjen. It giet hjir om âlde en nije oankeapen, oanfold mei wurk út deselde tiid, deselde searje, of stikken dy't in oar of nij gesichtspunt jouwe. Op dizze wize wurde de oankeapen fan doe yn in bredere artistike kontekst set.
Spitich is allinnich dat by Pijlers gjin ynformearjende katalogus ferskynt. Under it twajierrige bewâld fan Wim van Krimpen, de foarige direkteur, ferskynde by alles en noch wat in katalogus. Dus wêrom no net? Hat de Provinsje