By de fertaling heakke ik fuort al op 'e earste rigel dêr't ‘Heimat’ as heitelân en net as bertegea yn oerset waard, en ‘See’ as see en net as mar. Op deselde side wurdt ‘Du groszes Gestirn’ oerset as Do grut stjerreliif, wat ûnstjerlike kul is.
It konjunktyf wurdt troch Hoekstra net altyd likegoed ynskatten en soms makket er grandioaze flaters, lykas op side 20, dêr't er it wurd ‘hâlt’ oerset mei ‘oerhâldt’ en net mei ‘hânhâldt’, dêr't de sin ûnbegryplik troch wurdt. Op side 22 slacht er samar in sin oer: ‘man geht achtsam einher’ en op side 28 fertaalt er ‘Verbrecher’ mei ‘ferbrekker’, mar it is in krimineel. Op side 227 is er hielendal yn 'e war mei it wurd ‘Höflinge’, dat er oerset as ‘hegerein’, mar dêrmei wurdt it hiele stikje ûnbegryplik, want it binne ommers mar lakeien. Op side 234 wurdt: ‘Und wen ihr nicht fliegen lehrt, den lehrt mir - schneller fallen!’ oerset mei: ‘En as jim net fleane leare, lear dan flugger te fallen!’, en net dúdliker mei: ‘en oan wa...., lear dy dan...’ Op side 247 fertaalt er ‘im Nu bin ich ein Nichts’ mei ‘yn it no....’, mar it Dútske ‘Nu’ is in tel, in amerij, no time.
It liket faaks net rjochtfeardich om de oersetter op hakken en teannen nei te gean en gjin wurd te wijen oer syn trochgeande trouwens oan de tekst. Dy is der. De earlikheid ferplichtet my om te sizzen dat ik net alles fan it boek lêzen ha, wol de foarrede yn syn gehiel, oer de frou en de keinens, en de grutte haadstikken oer de Umwertung en de Ewige Wiederkunft. Ik moat ek tajaan dat ik oait, miskien net sa slim as Hoekstra, weitôge west ha fan Nietzsche, syn tsjuster- en dûbelsinnichheden, syn opwouterjen fan de keunst as it doel fan de minske. No net mear. Ik protestearje tenei om't it fan gefolgen is dat fraachstikken fan etyk werombrocht wurde ta kwestjes fan smaak, ‘wider den Geschmack’, en dat de wierheid mar ien opsje wêze soe ûnder tûzen oaren.
Moatte wy Eric Hoekstra tankber wêze foar dizze oersetting en moatte wy gefolch jaan oan syn winsk, yn syn foargeande publikaasjes mannich kear utere, om ek oer de ‘haarstrabende’ ynhâlden en konsekwinsjes dêrfan te diskusjearjen?
Mei it each op it algemien erkende ynkorrekte karakter fan syn boeken, te begjinnen mei de Zarathustra, wol ik wat dat oanbelanget, de man sels oanhelje doe't er noch wolris in stikje wrâldwizens en selskennis nei foaren bringe koe: ‘Rücksichtlosigkeit des Denkens ist oft das Zeichen einer unfriedlichen inneren Gesinnung, welche Betaübung begehrt.’
(Menschliches, Allzumenschliches. Ein Buch für freie Geister, aforisme 581)