Oerwinning troch tefolle drama ferswakke
Jitske Kingma
Riek Landman, De oerwinning. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2000. 192 siden. f 32,50.
‘“Minne resinsjes, in soad sukses!” dat wie it stopwurd fan Tetman.’ Dat skreau Riek Landman foaryn myn eksimplaar fan Skaden oer de snie, har twadde misdiedroman. Se skreau dat nei oanlieding fan in petear oer minne resinsjes. Har earsteling wie krekt hifke en te licht befûn. Tetman syn wurden klopje presys foar Riek Landman. Se hat yntusken seis ‘Sigrid en Anke’ misdiedromans skreaun. Stoarmen fan krityk hat se hân, mar der wie gjin skerpe pinne dy't keare koe dat har boeken by tûzenen ferkocht waarden. Njonken dy fakânsjeromans, weage se har twa kear oan it dregere wurk mei In sterke frou en In echte man. Dy boeken waarden swierder beoardield en, benammen In sterke frou (mei fiiftûzen Rieks topper aller tijden), noch better ferkocht.
Koartlyn kaam har tredde ‘grutte roman’ (efterflap) út: De oerwinning. Echt Landman: flot en spannend, mar se hellet der safolle yn oeral dat je as lêzer bytiden ôfheakje, wol ôfheakje moatte, wolle je it yn reedlikens ferarbeidzje kinne.
It boek begjint oars wol moai. Landman set pake Jabik, pakesizzer Jetske en har eigenaardige húshâldinkje fan strak begrinze ûnôfhinklikens knap del. Dat is ek daliks Riek Landmans grutte krêft, dy mei fine pinsieltsjes delsette karaktertekeningen, dy flitsende konversaasjesintsjes, dy ferdúdlikjende bywurden. Mar it giet fout sadree't se oan it oerdriuwen slacht. De drama's stekke al nei tsien siden de kop op en it wurdt allinne mar minder, grutter, swierder, breder.
Pake en Jetske wenje earst tegearre yn Den Haach. Har âlden en har broerke binne ferûngelokke doe't se njoggen wie. Sels ûntspoart se al frij jong. Pykt der jûns nei tsienen tuskenút om by in groep smokende, drugsbrûkende âldere jeugd om te hingjen en komt letter en letter thús. Har pake is syn frou en bern al oan syn hurde wurkjen ferlern en ferhuzet mei Jetske nei Fryslân om foar te kommen dat er ek har noch kwytrekket. Se binne op elkoar oanwiisd, hâlde in protte fan elkoar, prate in opmerklik bytsje oer saken dy't har echt dwaande hâlde en beheine inoar likefolle as se inoar romte jouwe.
Jetske hat pake syn lêste kâns op leafde, Kobe Frieswijk, mei har stûfens fuortjage en pake hat Jetske har selsfertrouwen in dúst jûn, mei't er sa noed foar har stiet, dat er him oeral mei bemuoit. Sa krijt se net de kâns, har eigen fouten te meitsjen. Se moat dan ek wol flechtsje, fansels folslein nei de ferkearde persoan, om har oan de klammende ban fan pake syn leafde te ûntwrakseljen.