De tocht liedt Sjûk nei Dreamelân, dat krekt is as in stik bôle mei kleurde hageslach, dêr't er slij nei west hat as lytse jonge, mar dêr't de mûle him no fan gearlûkt. De sande himel is it moaiste part fan Dreamelân. Dêr hearsket de moaiskyn en is alles rôze. Sjûk krijt hiel gewoan iten op prachtige boarden. De kening krijt altyd hearlik en djoer iten op skurf servys.
Sjûk praat mei in ingel, dy't de kening, as se [er?] him op bed hat, earst skylt, him dan twa oeren hiel foarsichtich fynwriuwt sadat er as moal it hiele bêd oer leit en him dan wer byinoar faget. Mar al hoe yntym de details ek binne dy't er heart troch mei de froulju dy't it de kening nei't sin meitsje te praten, Sjûk kin net útfine wat de klûs fan de kening is. De keninginne lit him wol sjen wat harres is.
Hy bliuwt jeien, fûleindich en bedreaun, om de oerwinning: wyn drinke en de leafde bedriuwe mei de keninginne, smeitsje te kinnen.
En as lêzer jeie je mei him mei, it hiele boek troch, al kinne spesifike kluzen je faaks net safolle skele, je wolle wol witte wat mei it ferskynsel bedoeld wurdt. It liket mei lok te meitsjen te hawwen, it is eat wat je allinne belibje, it kin ferskil meitsje tusken fertriet en freugde. It is eat wat je foar jesels útfine wolle, mochten je earder fan it bestean dêrfan noch net witte. It moaiste fan it boek fan Piter Boersma fyn ik dizze tematyk, orizjineel en meinimmend.
De taal is in oar posityf elemint. Boersma brûkt de taal fantasyfol en floeiend. Benammen syn flitsende dialogen hâlde faasje yn it boek. Dat hat it ek wol nedich, want dêrsûnder soe it ferhaal no en dan wat langtriedderich driigje te wurden. Benammen de lange reis fan Sjûk troch Dreamelân hie faaks wat koarter kind. De geografyske oantsjuttingen en nammen fan kafees binne ek aardich. Sa hjit de heechste berch fan it lân It frommiske, rydt er oer it Wrâlddak nei de Sande Himel en útfanhûzet er yn hotel It Fleurige Famke.
De gebrûken yn it boek binne eigenaardich. Minsken jouwe har mear of minder bleat, letterlik, as se belang by immen hawwe of der fereale op binne. De keazen foarm is dy fan it toanen fan lichemsdielen. Soms jouwe de minsken dy't meiïnoar prate har op deselde wize bleat, mar faak ek net. Soms toant Sjûk bygelyks syn bleate earms, wylst dejinge mei wa't er praat, syn bleate kûten sjen lit. Hy kin ek in bleate tean toane, wylst in oar him dan de hakke toant. Allinne by de keninginne klaait er him hielendal út en wer oan en sy docht dat ek.
De klûs fan Copmanshurst is in bytiden wat mytysk ferhaal, mei ferwizingen nei it no en gefoelens fan alle tiden. Werkenber, moai opset en mei in hiel nij ljocht op relaasjes en leafde. It set je oan it tinken, bûten je kaders en kluzen, om nei jesels en wat je beweecht te sjen. It is in fertsjinste fan Boersma, dat er út syn finster op de wrâld wei in nije yndieling makket, mei oare gebrûken, mar mei deselde gefoelens en eangsten.