Kitsch: net oan te ûntkommen? (4)
...niemand van ons is zo'n supermens dat hij helemaal aan kitsch kan ontsnappen. Hoezeer we die ook minachten, kitsch hoort tot het menselijk lot.
Milan Kundera, De ondraaglijke lichtheid van het bestaan (s. 292)
It is oarsom, de minachting foar kitsch heart ta it lot fan de mins, je moatte tsjintwurdich in superminsk wêze om ta te jaan dat je kitsch moai fine. Dat wurdt makliker at kitsch it stimpeltsje keunst krijt, want de grins wurdt hieltyd dizeniger.
Yn de Prins van Leeuwarden, de útstallingsromte foar moderne keramyk yn it Princessehof yn Ljouwert, ha bylden fan Bart Drost stien: Golden boys, goudkleurige bylden mei in heech kitschgehalte en it Frysk Museum hat ferline jier twa wurken oankocht fan Gé-Karel van der Sterren, mei in protte kitscherich rôze. Beide keunstners eksposeare yn grutte musea, dus it is keunst. Wat in segen foar minsken sûnder smaak: se meie de Boys fan Drost en de kischhoanne fan Van der Sterren moai fine en dêrmei miskien ek oare saken dy't feitlik net kinne.
Doe't de útstalling mei de kar fan de keninginne yn it Stedelijk Museum iepene waard, frege in ferslachjouwer oan direkteur Rudi Fuchs: ‘Hoe fine jo it oardiel fan de keninginne?’ ‘No,’ sei Fuchs, ‘dat is hiel apart, se sjocht earst en oardielet dan.’ ‘Mar dat is dochs hiel normaal’, woe de ferslachjouwer ha. ‘Nee,’ sei Fuchs, ‘yn de hjoeddeiske keunst giet it dêr hielendal net om, it giet om nammen en hypes en kommersje.’
‘Lit Beatrix ús foarbyld wêze: oardielje sels en ha gjin minachting foar jo eigen oardiel, nim jo lot yn eigen hannen en at kitsch dêr bij heart, soit!
Aly van der Mark