Trotwaer. Jaargang 33
(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 111]
| |||||||
Dionysos yn 'e stringen
| |||||||
1. De rûp en de flinterTsjêbbe Hettinga publisearret syn earste dichtbondel yn 1973, it jier dat er 24 waard. Yn dit lân hyt it boekje. It wurdt útjûn yn eigen behear en yllústrearre troch Jelle Kaspersma. De titel liket goed keazen. It giet benammen om romantyske natuerlyryk. Fakentiden ferbynt de dichter syn eigen gefoelens mei fasetten fan de natuer. Hope, leafde, lok wurde nochal ris ferbylde mei ljocht, dei, maitiid en simmer, ûngelok, ferfal en fergean mei nacht, hjerst en winter. Dochs is de natuer almeast yn uterlike sin oanwêzich. Yn it fers ‘Hjerst’ krije we de yndruk dat it echt hjerst is, yn it fers ‘Nacht’ dat it echt nacht wurdt; it lânskip, it seizoen, de tiid fan 'e dei jouwe oanlieding ta bespegelingen. Fierder wurdt de ‘tiid’ by namme neamd as fijân. Yn in inkeld fers wurdt de leafde foar de natuer ferwurde as maatskiplik engaazjemint: as protest tsjin lânskipsbedjer (‘Nije maitiid’). Soms wurdt de leafde neamd as útkomst út wanhope, soms ek it dreamen, lykas yn it beaeftige ferske ‘Midsimmernachtsdream’: De bining mei de natuer nimt, lykas by oare romantyske lyrisy, bytiden mystike trekken oan, bygelyks yn it fers ‘Blau en grien’:
yn it sêfte súdweste maitiidswyntsje
haw ik doe in krús slein
fan defoarholle nei it hert
as it lûd fan de fûgels
dat blau is
en fan skouder oan 't skouder
as de feile flakte yn de stilte
dy't grien is
It neifolgjende, titelleaze gedicht soe as tematysk kaaifers fan de earste bondel sjoen wurde kinne:
it geheim
fan de leafde
leit bisletten
yn de draechkrêft
fan de wyn
dêr't de sinne
yn al syn ûnoantaestberens
de kaei fan is
De natuer berget it geheim fan de leafde, de sinne is de boarne fan de rêding. Itselde fers mei ek tsjinje om de tekoarten fan de bondel te yllústrearjen. It boadskip wurdt faak te iendiminsjonaal foarmjûn, de | |||||||
[pagina 112]
| |||||||
toan is te foarsisber-romantysk, de fersen komme sa net echt fan 'e grûn. Yn de wat kompleksere fersen is de byldtaal soms obskuer. Sa sprekt de dichter yn ‘Doestou dea wiest’ oer ‘peallen’ dy't ‘harren eigen stim sochten’, in metafoar dy't mar net by de lêzer oankomme wol. De twadde bondel, Loft, lân en see (1974), op 'e nij yn eigen behear útjûn, befettet neist fersen fan Hettinga ek fersen fan Jelle Kaspersma. Hettinga syn wurk slút tematysk fierhinne oan by de poëzij fan Yn dit lân. Wer fine we de ferbining fan it gefoelslibben fan de dichter mei de natuer, wer fine we de âlde kontrasten: de simmer en de sinne, dy't it opnimme tsjin de tiid, tsjin de winter, tsjin it fergean. Op foarmtechnysk mêd barre der lykwols nije dingen. De ienfâld út Yn dit lân komt soms werom, mear of minder trefseker, mar Hettinga skriuwt no ek fersen dy't langer en komplekser binne fan opset, barokker en muzikaler fan taal. Assonânsje, alliteraasje en binnenrym, al dy dingen wurde yn sokke fersen oerdiedich brûkt. Ik sitearje de earste trije rigels fan it fers ‘Lúster’:
húskje hoeden yn myn eagen
hoedzje linich oer myn lippen
hannelje handich mei myn hannen
De taaltechnyske ferriking betsjut net oeral in ferbettering. De dichter jaget it effekt bytiden te oerflakkich nei, it resultaat wurdt dan bombastysk en patetysk: ‘hoe kin de tiid fierder gean / fordylgjend de matearje / dy't ik iepenbierje wol / ta rjochtfeardiging fan / in lyts protsje minskdom’. Suver sels-parodistysk wurdt de bombast yn it engazjearre fers ‘Oan kant mei dy rudige rékréant’, dat him, lykas de titel al oanjout, rjochtet tsjin de oantaasting fan it plattelân troch de rekreaasje: ‘[...] hwant fryslâns frede freget om frijwilligers/ om by de graesje fan de argewaesje en altomets de alteraesje / mei faesje dat naesje dan de rike-rékréaesje / de konsternaesje ûnder de kont to kriemen [...]’. Dochs binne der yn Fan loft, lân en see ek twa gedichten opnaam dy't har gruttere talige rykdom folslein wiermeitsje. Dat binne de gedichten ‘Ljocht út en troch’ en ‘q.b.f.f.q.s. Snieflokkefeest Fan De Kâlde Gloarje’. De ûntjouwing dy't dizze twa fersen betsjutte foar it eardere wurk oer is sa grut, dat der sprutsen wurde kin fan in metamorfoaze. It byld fan de rûp en flinter, dat ik yn 'e titel fan dizze paragraaf brûkte, fynt hjir syn rjochtfeardiging. Yn suver alle opsichten liket it eardere wurk yn fergeliking mei dizze fersen rudimintêr. De taalrykdom, de opfallende oerdied oan bylden, oan fergelikingen, oan assosjative ferbiningen, wurdt yn dizze krêftich komponearre fersen substansjeel. Yn ‘Ljocht út en troch’ besjongt de dichter it dichtsjen as rêding, sa't it skynt fan de wanhope dy't it gefolch is fan fergien lok en fergiene leafde: ‘dichtsjen is [...] waermte sykje op de stove fan de tael of/ kunstdong struije nei in forlerne leafde’. De needsaak fan it dichtsjen is grut, want it leed weaget swier:
it ljocht lit de eachlidden del
noch tsjusterder is nou deforstienne stêd
dy't sliept as in roas
sûnder rook
De ekspresjonist Hettinga, dy't him yn de earste bondel sporadysk oppenearre, jout hjir folslein de toan oan. It fjirde kûplet fan ‘Ljocht út en troch’ begjint mei de wurden: ‘dêr sit ik dan / nei binnen strûpt’, en dat ‘nei binnen strûpt’ liket my in wichtige oantsjutting. Yn Yn dit lân folge de dichter it lânskip ornaris noch yn syn uterlike werklikheid, no wurdt dat lânskip foarmjûn troch it ynderlik. It leveret de matear- | |||||||
[pagina 113]
| |||||||
je dêr't de dichter syn geastestastân, syn oantinkens, syn gefoelens kleur en ynfolling mei jout:
de mâlle moanne
ûnrêststoker ûnder de úthymjende heakapen
kapel fan leafde
foar de flamjende fammen
Hettinga struit yn dit fers suver achteleas mei oarspronklike, sfear- en kleurrike bylden, fergelikingen, assosjaasjes. De nacht wurdt yn kûplet twa in persoan, dy't ‘katte-sprongen-meitsjende taesthierren’ fielt, yn kûplet trije sjogge we hoe't fan dyselde nacht ‘it oaljefantefel’ ferljochte wurdt troch de leafde. Buorkerijen wurde fergelike mei ‘net nûmere dominyhoutsjes’, dy't ‘harren spul mei de stjerren’ spylje. It leit foar de hân om de ferynderliking fan it lânskip en de sterke klam dy't yn dit fers op ljocht- en tsjuster-metafoaren leit, te ferbinen mei it minne en minder wurdende gesicht fan de dichter. Ek it woldiedige wurkjen mei klankeffekten kin mooglik yn dit perspektyf besjoen wurde. Hettinga soe dan syn eachkrupsje net sasear direkt tematisearje - al docht er dat hiel inkeld ek - mar dy krupsje soe sa de sfear en it karakter fan syn fersen mei bepale. Dochs sette de twa krekt neamde fersen net werklik de toan foar Fan lân, loft en leafde (1975), Hettinga syn tredde bondel. Yn dat boek kiest de dichter meast wer foar koarte rigels, foar in wat soberder toan en opset, al binne der ek inkelde fersen opnaam - lykas ‘krystdei sûnder dij’ - dêr't de rigels yn langje en de taalmuzyk krêftich yn opklinkt: ‘myn stammerjende stimme stjert yn myn eigen stilte’. ‘Krystdei sûnder dij’ heart grif ta de sterkere fersen út dit boek, dat nochal ûngelikens fan nivo is. Betreklik ienfâldige observaasjes (yn in fers as ‘droech as hoppe’) wurde ôfwiksele mei
Tsjêbbe Hettinga op ‘Maniverstatie’, in dichtersjûn yn de Ryks Pedagogyske Akademy yn Drachten, 1974. (foto Argyf flmd/Andries van der Meer)
sfearfolle, byldrike fersen, lykas ‘skieding’. Yn dat fers ropt de dichter in gefoel fan sombere ferfrjemding op. It einiget, krekt as ‘Ljocht út en troch’, mei in tsjuster-byld:
in stille groet
forsinkt
nea kend
yn de lytse romte fan it greate tsjuster
tiidleas roukleedfan ûntelbere dagen
| |||||||
[pagina 114]
| |||||||
Tematysk giet dizze bondel fierhinne de âlde romantyske wegen. De dichter besiket te ûntkommen oan dea en fergean. De leafde jout rêding, sinne en simmer binne faak de bylden dy't it lok oantsjutte; hjerst, winter, nacht foarmje de tsjinstellingen. No en dan dûkt it maatskiplik engaazjemint nochris op. Yn inkelde fersen beneamt de dichter syn minne gesicht. Yn it slotfers, ‘beslút’, liket er te sizzen dat er him net troch syn eachkwaal op 'e doele bringe litte wol:
de eagen wurde minder
it libben jonger
myn loften wurger
en de fierten mearoan fealer
ik gean op deselde foet fierder
| |||||||
2. Surplace of beweging?Tusken de publikaasje fan Fan lân loft en leafde en dy fan Tusken de bidriuwen troch is âlderdom (1982) lizze seis jier, mar yn dizze bondel folge Hettinga in line dy't al foàr it útkommen fan de bondel Loft, lân en see (1974) ynset waard. En dat is dan de line fan de fersen ‘q.b...’ en ‘Ljocht út en troch’, dy fan de ambisjeus opsette, langere fersen, mei har ynspirearre, dionysyske ritme, har útwrydske bylderigen en har rike taalmuzyk. It seit yn dit ferbân gâns dat er ‘Ljocht út en troch’ yn dizze bondel op 'e nij opnaam, mei wat lytse feroaringen. It frjemde is allinne, dat ‘Ljocht út en troch’ ek yn dit boek in útsjitter is. De breed opsette fersen yn Tusken de bidriuwen... befetsje soms prachtige strofen, mar bliuwe te faak stykjen yn in tefolle oan ferboasiteit, yn in firtuoas mar frijbliuwend boartsjen en assosjearjen mei wurden. It oars wol sfearfolle ‘syklopysk lânskip’ lit in wat nayf protest hearre tsjin nije lânboutechniken en riget de wurden te loswei oan elkoar: ‘...it suveloerskot suver en skerp as de hillige konkurrinsje / each greater as de mage...’ It fers ‘hjerst (in suterich kredo)’ kombinearret sterke mei swakke strofen. Yn it earste kûplet jit de dichter de nuânses fan syn gefoel prachtich yn hjerstige bylden. Hy wapenet himsels mei al wat er oan lok, oan blide jeugd, oan ‘memmeljocht’ yn him hat tsjin it fergean, lykas in boer dy't de simmerrispinge yn 'e skuorre hat: ‘ik haw myn rispe simmer dryst ûnderdak jown / yn de feilige skuorren fan bloed en stof...’ Mar der is ek ûnrêst yn him, en dy fergeliket er dan mei de ûnrêst fan de trekfûgels, dy't har op harren eigen manear wapenje: ‘mar myn memmeljocht wurdt mei ûnrêst mongen / en saeit nei it suden del mei de flechtsjende fûgels / as foarse fûsten tsjin de oanboazjende loften’. En yn de lêste rigels fan it kûplet komt it byld wer oan 'e grûn: ‘om mij hinne binne nou de neakene buorkerijen / myn bihâld’. Sjochdêr, it Fryske hjerstlânskip úttekene, mar dan yn bylden dy't it ynderlik staljouwe. Yn datselde fers ‘hjerst’ lykwols, komme we efkes letter it folgjende kûplet tsjin: ‘septimber oktober novimber / helske trijeienheid wetter wyn en mist / babelbibelsk sprekkend spoek / fan de galle-spuijende hjerst’, dat bleek by it earste ôfstekt. De assosjaasjes lykje hjir hastich ta stân kommen, se binne foar de hân lizzend - ‘wetter wyn en mist’ - of neatsizzend - ‘babelbibelsk sprekkend’. It twingende ferbân fan oarspronklike bylden, dat we yn it earste kûplet sa dúdlik oantroffen, ûntbrekt eins totaal. It fers ‘Yn 'e bisnijing fan 'e djipte tusken ljocht en ljocht’ en benammen it fers ‘Bline fynsten’ foarmje troch har ferheljende tried in wat sterkere ienheid, mar ek hjir ûntbrekt it byld en assosjaasje te faak oan twingende konsintraasje. ‘Bline fynsten’ wikselet geve, autintike bylden (‘de sinne slingere der as in sulveren | |||||||
[pagina 115]
| |||||||
slange oer it wetter’) ôf mei te eksplisite, klisjeemjittige formulearringen (‘mei bûnzjend hert bilânne ik bekôf’, ‘dwylsinnich fan fortwifeling’) en banaliteiten (‘de wirtschaftforwûndere heinzwurst’). Sokke kontrasten tekenje de bondel, dy't yn guon opsichten dan ek in stilstân betsjut. It is krekt as is de dichter skrokken fan de ynspiraasje dy't him it geskink ‘Ljocht út en troch’ oplevere, en as besiket er dy ynspiraasje om 'e nocht wer te berikken. De iene wylde fingeroefening nei de oare komt him út 'e hannen, mar de ymprovisaasjes bliuwe faak te frijbliuwend, de krityske kontrôle ûntbrekt. Mar foarmtechnysk en yn toan en sfear binne der wol ûntjouwingen te sjen. Hettinga bringt yn dizze bondel faak sterk regelmjittige struktueren yn syn fersen oan. De fersen telle likefolle rigels, de rigels like folle of likernôch likefolle lettergrepen. Ek wurde fersen faker as earder op parallelle wize opboud, mei herhellingen, mei oerienkomsten yn wurd, klank en syntaksis. Ek de epyske struktuer fan fersen as ‘Bline fynsten’ betsjut in fernijing. | |||||||
3. Dionysos yn 'e stringenNei Tusken de bidriuwen troch is âlderdom duorret it alve jier foardat der wer in nije bondel ferskynt, dy't diskear in dûbele namme hat, omdat er út twa parten bestiet: Under seefûgels /De kust (1992). It twadde part fan dizze bondel sil ek yn in Frysk/Nederlânske en Frysk/Ingelske fersy ferskine, mei de oantekening dat yn dy oersettingen it fers ‘Blabze oan kleuren’ net opnaam waard en it lange fers ‘It faderpaard’ tafoege. De alve jierren dy't der foar it ferskinen fan dit boek ferstrike, hawwe wierskynlik de fruchtberste west út Hettinga syn dichtersbestean. Yn Under seefûgels /De kust, útwreide mei it fers ‘It faderpaard’, berikt Hettinga syn dichterskip grutte hichte. De strakke, regelmjittige kûpletfoarm en de regelmjittige rigels, de ymprovisearjende, assosjative wurkwize, de dionysyske hertstocht út Tusken de bidriuwen troch... dat alles fine we wer. Mar de lege ferboasiteit is mei krityske mastershân út de fersen snien. De fingeroefeningen binne subtyl útwurke komposysjes wurden, de wurden hawwe gâns mear substânsje krigen, de bylden jeie elkoar yn ymposante tichtheid op. Dat dizze winst oan kwaliteit en konsintraasje it resultaat is fan in ambachtliker, langazemerige wurkwize makke de dichter dúdlik yn in ynterview dat er yn oktober 1992 mei Johan Oppewal hie. Hettinga sei: ‘Ik probearje sa'n tekst as in gehiel yn himsels te sjen. Wat langer ast der mei oan 'e gong bist, hoe better ast dat sjochst. De ellinde is mei dit guod, dat it noait perfekt is. De taal is in tsjems, in lekke slang.’ En Oppewal konkludearre: ‘No skaaft en filet er skoften oan syn teksten. De rûchhouwer waard perfeksjonist [...].’ Under seefûgels is in rige fan trettjin fersen, allegear besteande út fiif fiif-rigelige strofen, hieltyd mei in regelmjittige rigellangte fan likernôch alve lettergrepen. De tematyk fan de syklus is de leafde, de eroatyske leafde, dy't ‘eros’ is en ‘thanatos’ tagelyk, dy't belibbe wurdt op it skerp fan it mes en ûnder it skaad fan 'e wankende dea. De leafste draacht dalik al in ‘swart gewaad’ en se wurdt omskreaun as ‘widdo / fan it ljocht’. Se rint yn ‘it swarte flaaks / Dat nei sichten winkt’; de ‘jiften’ (= jeften) fan har eagen binne ‘ljocht en fergif’ tagelyk. De leafde ta de tsjustere widdo wurd besongen yn in mannich fasetten, dêr't de dichter benammen it dierlike fan dy leafde by ferbyldet, it tsjustere, it gefaarlike, de striid tusken man en frou. De dichter jout al yn it earste fers oan dat er ‘de see fan it bloed / Efternei’ giet, ‘de slangedûns fan swart fleis / Temjitte’. De | |||||||
[pagina 116]
| |||||||
leafste wol besitte, de dichter hat it oer ‘Dyn ynklauwerichheid’, is bang om syn frijheid te ferliezen. Mar hy wurdt ek ynspirearre: ‘Under seefûgels bin ik / Under gjalpen fan geniet, ûnder ynfloed...’ Mar de leafde is net foar ivich. Yn it lêste fers liket der sprake fan oergeunst - de ‘ik’ wurdt ‘Yn it soldategrien fan dyn eagen betrape’ - fan leafdesfergean - ‘Hjerst hearst’ en yn 'e slotrigels wurdt fertrietlik weromtocht oan de leafdesboat fan lokkiger tiden. Dêr is sprake fan ‘It drippende ljocht fan de grutte bear / Dat in skulp fan in sloep tefoarenropt’. Hettinga riget yn dizze syklus byld oan byld, mei ferbluffend gemak, mei firtuoaze fernimstichheid. Hoe suggestyf wurdt yn dizze rigels de ûntweitsjende leafdesbegearte oproppen, mei help fan skipfeartbylden:
Kalm, mar talend, kletst it wetter
Fan it fleis tsjin de romp dy't gleon is
Op fjurrige tongen. Oan heupen, helmhout
De hân.
En lês ris hoe byldryk de dichter de leafste beskriuwt: ‘Sy, mei de swierbefiske mûle, see, fiskfol ferhaal [...] de eagen, fierskitterjend / Areaal fan 'e fiskediven, it hier, skarrel / fan 'e wyn’. De bylden lykje yn dit fers te ferwizen nei in persoanlike mytology. De see en de seefûgels spylje in haadrol. De seefûgels lykje meast te stean foar de dionysyske, de dierlike leafdeshertstocht. De sloep fan 'e hertstocht, dêr't de dichter fan seit: ‘do sylst yn my’, wurdt yn it fjirde fers oansprutsen mei ‘O Glaros’, dat is Nij-Gryksk foar ‘seefûgel’. Mar se steane ek foar de langst nei befrijing fan 'e dea, de langst nei it paradys, foar de dichterlike ynspiraasje. Miskien moatte we sizze dat de seefûgels steane foar de ‘eros’ yn syn breedste, yn syn platoanyske betsjutting - de eros as langst nei it hielwêzen, nei de ferfolling, it paradys. De see stiet skynber symboal foar de ivichheid -
Mei de see spiele de dagen oan, nachten
Oan mei de see fan oankommen, yngeand en
Utstoarten.
- mar benammen ek foar it paradys, foar it lok dat de tiid treast is. Op it hichtepunt fan de leafdesroes ‘ryd’ de ‘ik’ syn leafste ‘oer de dwaalljochtdiken fan 'e drift / Werom nei de see’. De see en de seefûgels sille we ek yn lettere fersen tsjinkomme, krekt as de ferbining fan de kleur swart mei de leafde. De syklus hat in epyske kant, mar de epyk ferrint yn episoaden dy't mar in fers lang duorje. Der is winliken gjin sprake fan in ferhaal dat in lineêre wei giet, al krijt de rige mei it ‘oergeunst-kûplet’ wol in ôfsluting. Hettinga suggerearret oan 'e ein fan de syklus in gong nei it lân, nei de kust - in kust ‘dy't / Foar geien en jûgjen noch ferburgen leit’, en hy lit de bylden fan it fers mear as earder ‘lânje’. It is net oeral like dúdlik wat er dêr krekt mei suggerearret. De syklus ferliest oan 'e ein wat oan sizzenskrêft; hy ferglidet hjir en dêr yn in wat troebele bûntheid - dy't inkeldris de kearside wurdt fan de plastyske rykdom. Mar dêr liket in ferbân te wêzen tusken ‘it lân’ en it fertutearzjen fan 'e leafde (‘Hjerst hearst’). Foarmet de syklus as gehiel dêrmei in yntuïtive, persoanlik-mytologyske ynlieding op it twadde part, op ‘De kust’? It liket der op. De see, dy stie yn ‘Under seefûgels’ foar de ivichheid, foar it paradys dat tydlik berikt wurde kin yn de leafdeshertstocht, al is de dea ek dêryn oanwêzich. It twadde part fan de bondel, De kust, dat yn syn licht feroare foarm letter Frjemde kusten kaam te hiten, stiet tematysk foar in fernaam part yn it teken fan de ferfrjemding, fan it syk- | |||||||
[pagina 117]
| |||||||
jen nei in thús, it sykjen nei leafde, it ferlies fan it paradys. ‘Thús wol ik wêze, al is 't mar / Foar in nacht...’ seit de dichter yn it fers ‘Frjemde kusten’. Yn ‘Hotelkeamer’ wurdt in ‘leafde sûnder hûs’ besongen, en sprutsen oer de ‘o, God, sa fiere / See’. Yn ‘It Wikeler Hop’ is der sprake fan ‘de lekkende kraan fan it fertriet’. En yn ‘It weinhûs’ tinkt de dichter wêrom oan in fergiene, ‘simmerske’ jeugdleafde. De see, dat is ek de óarsprong fan de leafde, it berteplak fan Venus. Neidruklik wurdt nei Venus ferwiisd yn ‘Dat blauwe skaden’, dat krekt as ‘It faderpaard’ minder persoanlik-lyrysk, mytologysker fan toan is as ‘Under seefûgels: ‘Sy, dy't út 'e skulp kroep’. En it fers begjint mei de wurden: ‘Yn 'e see ûntsprong har bestean / En út 'e see trêde se...’ Venus ferlit yn ‘Dat blauwe skaden’ de see, om har ûnder de ‘harpoeniers fan 'e simmer’ te bejaan, dy't ‘simmers / Oan brutsen ljocht ferkwânselen’, om de minsklike leafde te belibjen, dy't ûnûntkomber ferbûn is mei ferfal en dea. Venus komt ek op it aljemint yn ‘It faderpaard’, dêr't se, yn 'e nacht dat it fers begjint, stiet ‘te wachtsjen op dy ynswarte hiinst / Dy't no aanst yn in dream fan ljocht riist út syn seesâlte stâl’. De mytology dy't Hettinga yn dizze bondel ûntwikkelet, skept net sasear ien ‘goadewrâld’, ien boppeminsklik hielal dêr't alle stjerren har fêste plak hawwe. It giet om in persoanlik oanfielen fan boppe- en ûnder-persoanlike en boppe- en ûnder-rasjonele ferbannen, en dat persoanlik oanfielen kin ek per fers ferskille, of it kin yn ferskillende bylden ferwurde wurde. Yn ‘Under seefûgels’, yn ‘Dat blauwe skaden’ en ‘It faderpaard’ wurdt nei besibbe yntuysjes ferwiisd, dy't út ferskillende ynfalshoeken wei besjoen wurde, mar dy't allegear betrekking hawwe op oarsprong, wêzen en ein fan drift en langst. ‘De see’ en ‘de seefûgels’ spylje in bepaalde rol yn dit fielen, krekt as de kleur blau (‘Dat blauwe skaden’!) en it wurd sulver, mar ek begripen dy't we al oantroffen yn Hettinga syn eardere wurk - ‘It ljocht’, ‘de simmer’, ‘de winter’, ‘de nacht’ ensfh. De begjin- en einrigels fan ‘It faderpaard’ hawwe har werkenbere plak yn dizze grillige systematyk. ‘Moarn sil it foar ivich maitiid wêze, mar nacht is it no.’ - sa set de oarsprongsbyldtaal yn dat fers útein. En de lêste wurden fan it biddende, hoopjende, profetearjende faderpaard binne: ‘...lit komme, lang om let, de stilte, de nacht, de dream, / En lit dêryn dyjingen yn dy't sochten, om it ljocht.’ De natuermystyk út it iere wurk hat in kompleks, fynsinnich ferfolch krigen. ‘It faderpaard’ en ‘Dat blauwe skaden’ nimme in apart plak yn ‘Frjemde kusten’ yn. Se soene sjoen wurde kinne as in mytologysk ramt foar it gehiel, mar sa'n formulearring ûnderstelt te folle it bestean fan ien bepaalde mytologyske systematyk, en dêrom sis ik leaver dat se it persoanlik belibjen fertsjintwurdigje dat him ynbêde fielt of dat longeret nei in ierdsk-mytysk gehiel. Foar de oare fersen yn ‘De kust’ (útwreide mei ‘It faderpaard’) jildt dat de ‘ik’ der sterker yn oanwêzich is. yn alle fersen, lykwols, is in, mear of minder heldere, epyske line oanwêzich. Yn de ‘ik’-fersen fungearret dy epyske line, de fertelling, sa't we dy yn Tusken de bidriuwen troch is âlderdom soms ek al oantroffen, faak as fehikel fan, as oanlieding ta bylden en assosjaasjes, dy't dan wer op lyryske wize útdrukking jouwe oan alderhanne gefoelsnuânses en refleksjes. Ik brûk it fers ‘Hotelkeamer’ as foarbyld. De fertelling rint yn dit fers ûngefear sa. Yn it earste kûplet fertelt de ‘ik’ dat er oer in paad rint dêr't foksespoaren op te sjen binne. Der wurdt ferwiisd nei in foarbye nacht, nei in gearsit yn de bar fan in hotel. Yn it twadde kûplet fertelt | |||||||
[pagina 118]
| |||||||
de ‘ik’ hoe't er de frou beetkrijt en tsjin har seit dat se in foto meitsje moat: ‘gryp dyn doaze fan 'e dea’. It tredde kûplet is nei alle gedachten in flash-back: de ‘ik’ tinkt werom oan de leafdesnacht dy't er mei de frou belibbe hat op in hotelkeamer; de frou hat op de keamer sa't skynt ek foto's naam. Yn it tredde kûplet nimt de ‘ik’ de frou mei nei wat in braaklizzend fjild liket; der lizze alteast fuortsmiten dingen: in ‘sierbûgel fan in koplampe tusken / Hûnebeien’, ‘En in kuolkast - merk Eskimo - mei in iepen doar’. Yn it lêste kûplet nimme de twa ôfskie fan elkoar, op in treinstasjon; de frou riidt mei de trein fuort (‘Fan izer wurdt it spoar / Fan 'e foks’). Mar dizze fertelling foarmet noch mar it bonkerak fan it fers. It giet hjir om de betsjutting, dy't der troch de ‘ik’ oan de fertelling jûn wurdt, en dy betsjutting ûntstiet troch rigen bylden, fergelikingen en assosjaasjes, dy't stipe krije fan ritmyske en muzikale aksinten. De rigen foarmje mei elkoar sa'n kompleks gehiel dat se yn it bestek fan dit essay ûnmooglik allegear beskreaun wurde kinne; ik lit it dus by inkelde foarbylden. De frou wurdt yn 'e rin fan it fers ferbûn mei alderhanne rôfdieren. It is in ‘buteo buteo’, dat is in ‘mûzefalk’. Se hat ‘katteëagen’ en, ‘nachtlike neilen dy't my yn 'e rêch boarje’. Har fototastel groeit út ta in ‘doaze fan 'e dea’, ta it ynstrumint dat it fergean symbolisearret. De hotelkeamer dêr't se oan weromtinkt, hat in ‘beripe yntimiteit’ - ‘beripe’ ferwiist nei winter, nei kjeld, úteinlik nei dea. Hotelkeamers yn it algemien wurde ‘ommuorre simmers fan berekkene ljocht’ neamd; de simmer en it ljocht, by Hettinga altyd bylden fan lok en leafde, wurde troch muorren ynkapsele, troch kille berekkening. De kuolkast mei de iepen doar befêstiget de izige, kâlde sfear - de rust fan it ding, it tsjuster wetter dat der útrint of útrûn is, wurde byld fan ‘ûntsnapte tiid en kjeld’. De ferlegenheid fan de twa by it ôfskie wurdt oerdroegen op it plak dêr't se elkoar de lêste tút jouwe: ‘in stasjon dat hoasset fan ferlegenheid’. Opfallend is fierder it feit dat de dichter guon fersen strukturearret as in ramtfertelling. Yn ‘It gers it hea en de rook fan beide’, nei myn idee ien fan de sterkste gedichten út it boek, wikselet er fragminten monolooch ôf mei fragminten kommentaar fan de ‘ik’. Yn ‘It weinhûs’ lit de dichter syn ‘werberte’, syn oantinken, it twadde kûplet sjonge. Yn ‘It faderpaard’ suggerearret er dat it lêste, kursivearre part in gebed is fan it faderpaard. Benammen yn ‘It gers ensfh.’ en ‘It faderpaard’ brûkte de dichter dizze technyk op tige effektive wize om de toan fan it fers te fariearjen en te yntinsivearjen. Inkelde fersen litte in ynfloed sjen fan Dylan Thomas. ‘Dat blauwe skaden’ docht yn opbou en toan hiel yn 'e fierte wol wat tinken oan dy syn ‘A Winter's Tale’. ‘De blauwe hauk fan Wales’ hat yn syn fûle toan, yn syn yntinse ritme, yn syn taalmuzikaliteit, ek wat Thomaseftichs. ‘Blabze oan kleuren’, nei myn idee it iennichste swakkere fers út 'e bondel, dat de dichter mei rjocht net opnaam yn de lettere twatalige edysjes, hat kwa opbou en toan wat fan Thomas syn fers ‘Now’. Ek yn guon fasetten fan Hettinga syn byldtaal, benammen yn de wize dêr't er seizoen-metafoaren as ‘simmer’ op brûkt, fiel ik in ynfloed fan en in besibbens oan Thomas. | |||||||
4. De epyske symfonyNei it lytse yntermezzo fan It doarp always ready, ferskynd nei oanlieding fan de manifestaasje Simmer 2000, in sfearfolle oade oan de lokkige, soargeleaze bernetiid, dy't lykwols it nivo fan de fersen út Under seefûgels /De kust net benei komt, wurdt der hjerst 2000 in nije bondel yn it ljocht jûn: Fan oer see en fierder. Dizze bondel betsjut op 'e nij in frij yngean- | |||||||
[pagina 119]
| |||||||
Tsjêbbe Hettinga anno 1993. (foto Argyf flmd/Friesch Dagblad)
de fernijing. Dêr't yn Under seefûgels de barokke, soms demoanyske lyryk faak de boppetoan fierde, rekket dy yn dit nije boek mear nei de eftergrûn. De bylden presintearje harsels meast yn minder tichte rigen, se jeie elkoar minder op. De toan wurdt ‘klassiker’, helderder, serener, mylder en besonkener, it ferheljende komt sterker nei foaren. De bondel as gehiel foarmet in epos, besteande út njoggen fersen, dy't skreaun binne út it perspektyf fan in Gryksk eilân wei. Yn it earste fers, ‘Oankomst’ lêze we hoe't de dichter op it eilân arrivearret, yn it lêste, ‘De moerbeibeam’, nimt de dichter ôfskie, makket er him op foar in nije seereis. ‘Oankomst’ begjint yn in Homerus-eftich ritme, mei in sin dy't haadnamme en tiidwurd lang útstelt, en dat is net tafallich. De dichter suggerearret in besibbens mei Odysseus, de swalker. Hy lit it eilân foar him opdûke ‘lykas ea [...] dat fan Kalypso foar in soan fan Erisos’. It eilân is, sa't we dat by Hettinga ferwachtsje kinne, mear as allinnich in eilân. Want sa't it | |||||||
[pagina 120]
| |||||||
strân fan it eilân ‘noch socht om in float dy't útgie om in frou’, sa't dat strân dus siket om de om Helena sykjende float, sa siket de siel fan de dichter:
Yn dat sykjen sûnder finen koe de siel him
Wer as in eilân troch eilannen omspield.
Sa jout Hettinga it tematysk ramt fan de syklus oan. Syn siel is as in eilân, isolearre, sykjend, longerjend nei lok en leafde, nei ferfolling. Ek de see, byld fan ivige ferfolling, fan oarsprong, fan paradys, de tsjinstelling mei it eilân, komt gauris werom; soms suver as in strange god, ‘rjochtsprekkend / Oer in siel dy't net in anker ferneare’, as gizelder fan 'e siel (‘Ik, finzen yn de stim fan nimf en see’), mar ek lokjend (‘De see ropt’!), en leaflik, ‘goadenspegeljend’, mei ‘ivich rûzjen’. Alderhanne fasetten fan dit sykjen krije yn Fan oer see en fierder stal. It giet hjir net om it klassike epos, dêr't yn deselde fersfoarm, min ofte mear op deselde toan, yn wêzen ien ferhaal ferteld wurdt. Ek net om in epos as de Omeros fan Walcott, dat lykmjittiger en ienfoarmiger fan opbou is. Hettinga syn fersen ferskille omraak yn gefoelstoanaliteit en yn fertelnivo. It gehiel krijt dêrtroch wat fan in symfony, dêr't de dielen fan fariearje yn tempo en sfear.. It fers ‘De rots’ docht yn opbou tinken oan ‘It gers it hea de rook fan beide’. Ek hjir wurde fragminten monolooch ôfwiksele mei kommentaar en beskriuwing. Mar de monolooch komt hjir fan de ‘hy’, dy't de fisker Petros oansprekt. Yn de monoloochfragminten oerhearsket it gefoel fan gemis, fan fertriet om dea en foarbije leafde. De toan is lykwols minder dy fan tsjustere ferskuordheid, lykas bygelyks yn ‘It gers it hea...’, mear dy fan besonken refleksje: ‘Ferjou it my, dat ik my gean liet. / Ja jong, se bliuwe wei...’ En de ein is yn sekere sin harmoanysk:
[...] de swarte
Rots fan fluwiel, dy't net lûder as in rûzjende kinkhoarn
Sprektfan in goeie nacht'
Ek ‘It skipssjoernaal’ is konstruearre as ien fan dy typyske Hettinga-ramtfertellingen. It kursivearre, ynramte diel befettet ‘Flarden fan ferhalen’, dy't de tematyk fan langst en sykjen ferbyldzje. Sa wurdt der ferwiisd nei Odysseus, sân jier lang de ûnwennige finzene fan de nimf Kalypso. Der wurdt ferwiisd nei ‘In siler’, dy't in soad wei hat fan de dichter - ‘of is er in roeier soms, / Wurden boetsearjend út 'e klaai fan 'e nacht’ - en dy't identifisearre wurdt mei in ‘wjokslaande albatros’, dreamend ‘fan kapseizende / Loften en fleanende stoarmen’. Fansels twingt him hjir it oantinken op oan it fers ‘L'albatros’ fan Baudelaire, oan it ‘Le Poète est semblable au prince des nuées / Qui hante la tempête et se rit de l'archer’. En der wurdt ferwiisd nei in kreeftfisker, dy't ‘Yn 'e rjochting fan de Elysyske Fjilden dinderet...’. Mar ek yn it fertelramt is de tematyk oan 'e oarder. De ‘nachtlike fiskers’ wurde ûnrêstich, troch de see roppen, it skaad fan in seemearmin - de mytyske figuer dy't hjir leafde en paradys ferieniget - glidet ‘stom de see yn’. De fiskers binne yn dit boek ek de sikers, de minsken dy't de see opgeane om har lok en leafde te finen. Sa is de fiskersfrou, klaaid, lykas de leafste yn Under seefûgels, ‘yn it swart’, no en dan byld fan in lokjend, mar tydlik oanhâld yn 'e leafde, idyllysker lykwols as dat yn Under seefûgels: ‘en hy / Wie har heuvel beklommen, hie him lave oan har krûk’. Idyllysk, pastoraal eins, is ek de toan fan it fers ‘De skieppehoeder’. It is it meast objektive fers út 'e bondel, yn alle oare fersen komt de dichter ús, sij it persoanlik, sij it yn syn eigensinnige mytologyen, mear neiby. En alhoewol't | |||||||
[pagina 121]
| |||||||
ek dit fers moaie byldenrigen befettet - ‘It doarp fan oalje [...] at syn skieppehoeder / De nuete fierte ynstjoerd, oerâlde / Driften del’ - is it nei myn gefoel soms wat te eksplisyt-idealisearjend fan sfear: ‘Ek dan / Sjocht men it minlik twiljocht fan syn glim, / Syn mar net stikken te krijen paradys’. Alderwetsk dionysysk-hertstochtlik klinkt it leafdesfers ‘Dûnsje dy de dolken yn myn hûd’, dat yn syn foarm en yn syn weagjend, jeiend ritme wer mear oanslút op ‘Dat blauwe skaden’ en ‘De blauwe hauk fan Wales’; Dionysos en de ynfloed fan ‘Syn lichtsinnige moanne’ wurde trouwens wurdlik neamd. Eleni, en har namme moat grif ferbûn wurde mei dy fan de frou dêr't ea de Grykske float om útgie, is hjir de leafste, en sy is wer bepaald net mak. Se is ‘Klausuchtich’, se wurdt in reade snaffel fan 'e dea neamd, in ‘Draaikolk fan pikswarte driging’. De eigensinnige Hettinga-mytology krijt yn dit boek in twaliddich ferfolch. Alderearst is dêr it prachtige ‘Fan oer see en fierder’, dat in donkere, Karaïbyske Afrodite oanropt en besjongt, in swartlivige leafdesgoadinne, dy't ta de hertstocht ynspirearret mar úteinlik sereen en memmich dreame kin: ‘oant yn it sân fan myn dreamen al / Myn alve krobben al widzjend al te sjongen stean...’ De hiele opset fan it fers en ek it beswarrende, bea-eftige ein docht tinken oan dy fan ‘It faderpaard’, mar minder bloedbespatten, leafliker is hjir de sfear. En dan is der it kompakte, krêftige, bylden-tichte ‘Under de wrâld’, dat as gehiel symboalysk te lêzen is, as gelikenis fan libben, leafde, en fergean. Twa personaazjes ferskine der yn dit fers: de fisker, in tragyske figuer, dy't ‘mei it sicht op it grêf / Fan syn soan’ bout ‘oan syn boat’, en syn frou, dy't him ynspirearret, oanfjurret ‘mei út 'en djipsten lossleine driften’. Fergonklikheid en breklikheid fan it lichem wurde ûnferjitlik moai útsplitst yn ‘hert’ en ‘lea’: de dichter neamt it hert
Underwurpen oan de hammerslaggenfan in boat fol bloed,
Dy't mei roeispieren tsjin 'e stream fan 'e kiel yn bealge
de lea binne ‘Oerjûn oan de wil fan 'e tiid dy't earst yn himsels / Yn folle genede ûntweitsje soe’ mar
[...] ek ûnwil
Fan in taknipende romte, dy'tyn himsels datjinge
Beethold dat gjin genede koe
De ûndergong hat wat apokalyptysks: it magma brekt út 'e ierde, de ierde skoddet, it reint roet, de deaden trilje yn har kisten. It is de see dy't it eilân berint en oerspielt, de ivichheid dy't it breklike libben ferneatiget. En dan is der de dea, dy't we hjir oantreffe yn it prachtige byld fan
[...] it wyt bonkerakfan infiskersboat
Mei in roer as in hammer en folblaasde overall,
Sünder fisker [...]
en yn de âldtestamintyske metafoar fan in omsjende ‘frou fan sâlt’. Yn it slotfers, ‘De moerbeibeam’, set de reizger ôf, ferlit er it eilân, nimt er ôfskie fan 'e fiskersfrou. Hy, de sykjende siel, sit op in ‘sieltôgjende’ ezel, as wie er in profane, suver wat koddige neisiet fan Kristus, en de ezel stapt nei de see, it ljocht yn 'e mjitte. It ferbliuw op it eilân wie in tydlik sykjen, no giet de siiktocht fierder.
De syklus fan de sykjende siel, it is foarlopich it lêste stadium yn in dichterskip dat yngripende feroaringen ûndergie. De ienfaldige, spontane | |||||||
[pagina 122]
| |||||||
lyryk bloeide iepen yn in wielderich ekspresjonisme, dat ynearsten alinne op de bêste mominten syn útsûnderlike byldzjende yntinsiteit fûn. De dichter moast in manear fine om syn útwrydskens te kanalisearjen, en doe't er dy fûn hie, ûntstiene de behearske masterstikken fan Under seefûgels /De kust. De demoany fersêfte en heldere op yn de epyske symfony, al ferdwûn er net folslein. De mystike natuerleafde yn Hettinga syn wurk ûntjoech him stadichwei ta in komplekse, aparte mytologyske dynamyk. Dochs bleau de tematyk fierhinne romantysk: hieltyd wer stuitsje we op de ferfrjemding, op de langst en it sykjen nei leafde en lok, op it skrinende besef fan de fergonklikheid. Der binne inkelde symboalen dy't fan it begjin ôf oan mei dizze tematyk ferbûn binne, en ta de treffendste symboalen heart grif dat fan it ljocht. It simpele fers ‘Hjerst’, dêr't Yn dit lân mei iepene, rûn út op ‘de hope/ dat men noch in eintsje/ opride kin/ nei it ljocht’. It knier-fers ‘It ljocht út en troch’ slacht in sombere toan oan; dêr liket it ljocht suver wei te wurden. Mar it ferdwynt nea. Yn ‘It faderpaard’ mei it as lêste wurd de útkomst fan alle stribjen oantsjutte. En yn ‘Fan oer see en fierder’ dûkt it fannijs op yn 'e lêste sin, ‘as lokies’ foar de ezel syn ‘bline passagier’. Yn it ljocht sykje alle langsten ferfolling. | |||||||
Literatuer - in seleksje
|
|