Atze Keulen
Carmina Burana
Carmina Burana is de namme fan in ferneamde samling Latynske lyryk út de Midsieuwen, dy't bewarre bleaun is yn in âld hânskrift, dat yn 1803 ûntdutsen waard yn de abdij Benediktbeuren by München. It is in bûnt ferskaat fan û.o. leafdesfersen, drinklieten, en moralistysk-satyrisk wurk.
Carl Orffhat dêr foar it oratorium mei deselde namme, dat er yn 1956 skreau, in seleksje út makke. In part dêrfan is troch Reinder van der Leest ferfryske en fan tekeningen foarsjoen útjûn (Boalsert 1995). Hjirûnder oersettingen fan in stikmannich lieten dy't net yn dat boekje steane.
3. Veris leta facies
Maityd mei har blier gesicht
Rûchburd rekket út it sicht,
fûgels sjonge heech en fier
Yn har skerte, langút, loai,
Zephyrus syn gong is rêd,
Litte wy op 't leafdesmêd
no om it hurdste rinne! Ah.
As in harpe sjongt en slacht
greiden laitsj' yn bûnte pracht,