Trotwaer. Jaargang 33
(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 123]
| |
Kitsch?Ik hâld fan de Alpenmuzyk op N3 - en fan dy Turkse stjoerder - sangeressen yn glitterjurken yn in glitterdekôr - fan cowboyfilms, fan de personaazjes fan Ed McBain - hoe komt Meyer Meyer oan syn dûbele namme? - fan Frânske oarlochsmonuminten - la grande guerre, soldaten yn aksje, stjerrend yn de earms fan in ingel - fan de poezeportretten op fleisbrokjes yn blik, fan de tvsearje Xena - mei dy machtich prachtige froulju - fan de Selvera's - Hoog over berg en dal.... - fan Gainsborough - it portret fan mrs Graham! - fan Elvis, fan bidprintsjes, fan sniebollen, fan drs. P, fan de Vondelingskes fan Alice Nahon - Daar stond een late zonnebloem / Te sterven in de leste zon; / En niemand in de wereld, / Die haar nog helpen kon / - fan Peter Falk as Columbo - syn jas fral - fan stereofoto's, fan boeke-omslaggen fan Hans Borrebach - Een liefde op Bali bygelyks - fan sirkus, fan abba, fan An gy fan de Stones - leafst de Spaanske fersy - fan de hertsjes fan Van Meegeren, fan de Matterhorn, fan dy omlutsen sovjet-realistyske stânbylden yn in Moskous park, fan beskildere dakpannen neist de foardoar, fan Loretta Schrijver - skande dat se it rtl-nijs net mear docht - fan de sinne-undergong boppe it Waad - leafst op ansichtkaart... en doch Kundera de groeten mei syn fierstente
La Grande Guerre: stjerrend yn de earms fan in ingel. (foto Willem Winters)
serieuze útspraken oer kitsch. Leaver as yn it safolste ûnnutte petear oer kitsch & keunst, duk ik yn myn Erbauliches, belehrendes, wie auch vergnügliches Kitsch-Lexicon von A bis Z, zu Nutz und Frommen eines geschmackvollen Lesers präsentiert und kommentiert von Hrn. Gert Richter, Doctor philosophiae (1972). Willem Winters |
|