It oeuvre fan...
Tanksij ekstra subsydzje fan de Provinsje en it Literair Produktiefonds ha wy de ôfrûne jierren in tal opdrachten jaan kinnen foar it skriuwen fan langere skôgingen en essays. In part dêrfan gong oer it oeuvre fan foaroansteande Fryske auteurs: Harmen Wind (troch Remco Ekkers), Albertina Soepboer (Anneke Reitsma), Durk van der Ploeg (Jabik Veenbaas) en Eppie Dam (Henk van der Veer).
Yn dy rige past ek Jabik Veenbaas syn skôging oer de ûntjouwingen yn it dichterskip fan Tsjêbbe Hettinga, fierderop yn dit nûmer. Underweis binne noch essays oer it wurk van Hylkje Goïnga (Doeke Sijens) en Johan Veenstra (Tineke Steenmeijer).