Dwersreed
Jan Pieter Janzen
Taktysk management
Koffietijd is net mear. It oait sa populêre rtl4-programma wurdt per 1 maaie opdoekt. Op oanstean fan haadsponsor Unilever. It ‘kijkersprofiel’ doogde net mear: der seagen te min húsfroulju fan tusken de 20 en de 49 nei. Folle minder as foar de opfrisbeurt fan foarich jier septimber. Doe moast it legindaryske presintaasjeduo Mireille Bekooij en Hans van Willigenburg plakmeitsje foar in jonger en dynamysker twatal. Oanlieding foar de lytse helte fan de 300 tûzen sjoggers om ôf te heakjen. Foaral ‘jongeren’ hienen it wol besjoen: it oanpart fan de fyftich-plussers rûn omheech fan 37 nei 49 persint.
In iroanyske ûntwikkeling: de ferjonging fan de presintaasje draaide út op in fergrizing fan it publyk.
In aardige les foar Omrop Fryslân. Dy docht ek wakker syn bêst om jong en bij te bliuwen en hat opiens in iepen each en ear foar de jeugd-fan-hjoed-de-dei. At it oan direkteurhaadredakteur Pim Gaanderse leit komt der sa gau mooglik in twadde stjoerder bij, spesjaal rjochte op de jongerein! In konkreet plan is der noch net. It moat in stasjon wurde mei programma's oer alles wat him yn it Fryske jeugdlân ôfspilet, fan de muzykscene oant en mei de agraryske sektor. (De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân is yntusken alfêst dwaande mei it oprjochtsjen fan in aparte jongereinklup.)
De Omrop hie de Provinsje earder al frege om sân miljoen ekstra foar útwreiding fan de stjoertiid en de útbou fan de siden op it Ynternet. Dêr sil no grif noch wol wat bij moatte.
Foar de programmamakkers en de oare meiwurkers komt it allegear net sa goed út. Dy ha op 't heden wol wat oars oan 'e kop as wèr in útwreiding fan it tal oeren dat se yn 'e loft wêze moatte. Earst mar ris mear omtinken foar kwaliteit en behoarlik management, fynt in grutte mearderheid fan it wurkfolk.
De klachten wienen net nij, se kamen wol op in heel ûngelokkich momint yn 'e publisiteit. Febrewaarje 2001 waard in rampemoanne. Earste wiene der de lulke ynstjoerde stikken oer it skrassen fan de moanlikse tsjerketsjinst, doe yn Trotwaer in krityske noat oer it swalkjende belied fan de direksje en de programmalieding en amper in wike letter - mar dêr sil gjin kausaal ferbân tusken sitten ha, bin 'k bang - kamen de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd fan wegen mei ûnthullende stikken en skerpe kommentaren.
‘Wat de problemen bij Omrop Fryslân tot een publieke zaak maakt,’ sa skreau it Deiblêd, ‘is het feit dat het hier een door de gemeenschap gefinancierde monopolist betreft. Zij maakt op kosten van de burger een product dat, naar eigen inzien, onder de maat is. En tegelijk vraagt ze nog veel meer geld van de Friese burger.’ De lc brocht in heldere analyze fan ‘De groeipijn van de Omrop’. Ut in dêryn opnommen organisaasjeskema waard pynlik dúdlik hoefolle sjefs at der de ôfrûne twa jier al fersliten en/of oan 'e kant setten binne.
En Gaanderse hie syn minsken noch sa warskôge foar ‘een voortijdige, ondoordachte algemene uitspraak over de groei van Omrop Fryslân. Zo'n uitspraak kan tactisch heel negatief zijn; we moeten oppassen dat we niet een verkeerde reactie afgeven aan de buitenwacht.’
Krekt as soe it management sels sa ‘tactisch’ wêze. Twa foarbylden.