Meiwurkers
Joop Boomsma (1945), learaar Nederlânsk oan in fierste grutte skoallemienskip yn Ljouwert. Publisearret yn 't Frysk (yn alle mooglike rubriken) sûnt 1968, mar it ourûne desennium benammen as misdiedauteur. Wennet yn Menaam. http://members1.chello.nl/~j.boomsma02/
Pier Boorsma (1944) dichter en filosoof te Grins. Studearre filosofy yn Amsterdam en Frysk yn Grins. Publisearre twa dichtbondels. Lêste publikaasje (mei Teake Oppewal) Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994). Meiwurker fan Tzum en de Riepe.
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei, yn febrewaarje 2001 syn trêde, It aai fan Siderius, in ynspekteur Hofstra mystearje.
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jout lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it 0-nivo ôf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. Yn septimber ferskynde fan har Oxzana, ferhaal fan in flechtinge.
Johan Gezels (Zottemgem 1956) schrijft columns over literaire en artistiek onderwerpen voor De Beiaard (weekblad voor Zuid-Oost Vlaanderen). Heeft als oriëntalist verscheidene artikels voor tijdschriften en bijdragen aan verzamelwerken over de christenen in het Nabije Oosten geschreven.
Sipke Jansma (1923) is keunstskilder.
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, koartlyn oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer.
Gerbrich van der Meer (1968) wurket yn dieltiid by it Friesch Dagblad op de ein- en kultuerredaksje en is dêrneist op muzikaal mêd warber. Hja studearre Fryske taal- en letterkunde en hat dêrneist in oplieding folge oan de Pedagogyske Akadeemje en it Konservatoarium.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale haan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan.
Willem Schoorstra (1959) is tiimlieder by de Flaggesintrale yn Dokkum en sûnt twa jier yntinsyf oan it skriuwen. Debutearre yn 1999 mei poëzy yn Hjir en Trotwaer, wûn in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal en krige in priis foar Proms 2000. Hy besiket no stil te libjen fan de ynkomsten út ien en oar.
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres.
Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk, Frysk en wiisbegearte, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante. Ein foarich jier ferskynde De brulloft fan Valentijn, syn twadde ferhalebondel.
Piter Yedema (1941) prate thús gjin Frysk mar Stedsk. Wie fan berop gemysk analist en learaar natuerkunde. Hâldt him dwaande mei poëzy, fertalen, resinsje- en stikjeskriuwen en mei skilderjen.
(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens)