Fryske bern’ mei de Fryske leskes fan Muoike Wike (earder Omke Jan en letter Muoike Jant). Wylst de bern yn Fryslân sûnt 1980 hast allegear Fryske les krije op skoalle, prestearre de lc it ferline jier en kom mei in Hollânsktalige berneside Peper. Hoesa ferantwurdlikens foar de Fryske taal en kultuer oer?
De namme Paadwizers foar de lytse advertinsjes is ynienen ferfongen troch it neatsizzende en ôfstjittende RubriekSadvertenties. Dat de hâlding fan de redaksje foar it Frysk oer de lêste tiid der net better op wurden is, soe ek bliken dwaan kinne út it feit dat yn 'e tachtiger jierren de offisjeel yn it Frysk fêststelde gemeente- en plaknammen wol konsekwint yn it Frysk yn 'e krante komme, mar dat soks net bart mei de yn 'e njoggentiger jierren yn it Frysk fêststelde namme fan ús provinsje.
Fansels is der ek noch wol wat posityfs te melden. It falt op, dat yn 'e lc gauris Frysk brûkt wurdt yn 'e stikken oer sport. Meastal lês ik dy net, mar troch dat Frysk faak wol. It is al lang wenst dat sitaten fan Fryskpratenden yn 'e krante ek yn it Frysk oanhelle wurde. Dat is in hiel goede manier om minsken oan it Frysklêzen te wennen. Mar it falt gauris op dat der Hollânske sitaten oanhelle wurde fan Frysktaligen. Neffens Pieter de Groot kin mar in minderheid fan 'e redakteuren Frysk skriuwe. Dat liket fansels nearne nei as it mienens is mei dy ferantwurdlikens foar de Fryske taal en kultuer oer. Dan heart de reeëns om Frysk te learen in funksje-eask te wêzen. Jierren lyn hawwe der ek wol kursussen Frysk west foar lc-redakteuren, mar de yndruk bestiet dat dêr net folle mear oan dien wurdt.
Redakteuren dy't wol goed Frysk skriuwe kinne dogge dat meastal net, om't dat blykber net past yn it taalbelied fan de redaksje. Neffens De Groot komt dat trochdat út lêzersûndersiken bliken docht dat mear as de helte - it lêste ûndersyk skommele sels om de tachtich persint hinne - gjin bek sette wol op it Frysk. In jier as wat lyn bin ik ris ûnderfrege foar sa'n lêzersûndersyk. It heucht my noch dat my doe frege waard oft ik ek fûn dat der tefolle Frysk yn 'e krante stie. Doe't ik sei dat der neffens my te min Frysk yn stie, wie de enkêteur efkes stil. Doe moast er tajaan dat sa'n antwurd ek mooglik wie. By sokke ûndersiken hinget in soad ôf fan de fraachstelling en faaks ek wol fan de taal dy't dêrby brûkt wurdt.
Ut eardere ûndersiken fan de Fryske Akademy kaam ornaris nei foaren dat likernôch in fjirde part fan de lêzers fûn dat der te min Frysk yn 'e kranten stie en in fjirde part dat fûn dat der tefolle Frysk yn stie. De oaren wie it wol bêst. De krante is - neffens P. de G. oars as de omrop - in kommersjeel produkt. Dat ûnderskie tusken kranten en omrop is mar hiel betreklik. Omrop Fryslân is ek tige ôfhinklik fan stipe fan de harkers en sjoggers. Dochs hat dy it oandoard om de eterkrante folslein te ferfryskjen.
De lc nimt as ‘haadblêd’ fan Fryslân fierhinne in monopoaljeposysje yn. Lêzers dy't net folle fan it Frysk hawwe moatte, sille de krante net gau opsizze, om't hja dan in soad regionaal nijs misse soene. Dochs hâldt de redaksje mear rekken mei dy lêzers as mei de lêzers dy't graach mear Frysk yn 'e krante hawwe wolle. Neffens De Groot komt dat om't dy lêzers har nea streekrjocht ta de redaksje rjochtsje. Hy freget him ôf hoe't dat komt. Beskôgje se de krante as in natuerferskynsel dêr't jo gjin ynfloed op hawwe kinne? Of as in komplot fan redakteuren dy't it Frysk út 'e krante keare wolle? Dat lêste is neffens him net it gefal, mar dochs hawwe wy de yndruk dat Fryske lêzers der ornaris fanút geane dat de redaksje net folle fan it Frysk hawwe moat en him net folle oanlûkt fan it eigen redaksjestatút.