Trioel
In evangelyske oersetting?
It Trioel-stikje fan Dick Eisma yn it foarige nûmer fernuvere my om mear as ien reden. Foarst, is it noch altiten sa, dat in kffb-skriuwer troch it bestjoer tsjin de krityk yn beskerming nommen wurde moat lykas yn 'e dagen fan Dieuwke Weening-Meijer? Hâld dochs op mei dy skriuwers te bepopkjen! Jakobus Knol is mânsk genôch om sels fan him ôf te sprekken.
Twad ferbaasde my de ferwizing nei de opposysje dynamysk-ekwivalint vs. letterlik, as soe Knol dwaande west hawwe in âld evangeelje oer te setten. Eisma liket de oersetmanier dy't troch teologen as dynamysk-ekwivalint betitele wurdt, better te finen as it letterlik oersetten. Ik moat sizze, dy oersetmanier, hy mei noch sa'n klinkende namme ha, komt del op it bedjerren fan in tekst, krekt as ‘fernijfryskjen’: in tekst út in oare kultuer wurdt sa behoffene dat er past yn in nije kultuer. En dat allegearre mei it nobele doel om in tekst foar in nij publyk te ‘rêden’. In folslein a-histoaryske fyzje op literatuer docht dêr út bliken en in grinzeleaze ferachting fan dy âlde kultuer.
Boppedat, men wit wêr't men begjint mei dynamysk-ekwivalint oersetten, mar net wêr't men ophâldt. Sil de Hearegod Adam en Eva wier beklaaie mei bistefellen as se út it paradys jage wurde of krije se in hânsum spikerpakje oan? Wurde oerhoerige froulju noch stiennige of krije se wurkstraf of wurdt de hele passaazje yn 'e oersetting weilitten om't oerhoer yn ús kultuer yn juridyske sin gjin fergryp is? Wier dynamysk-ekwivalint oersette is grutte gekheid en it earste skrutene stapke dy kant út is al gekheid. Lit in tekst yn syn wêzen, skriuw der in knappe ynlieding by oer de kulturele en sosjale omstandichheden fan doe en heakje in pear tûzen fuotnoaten ta.
Wat no Knol syn oersetting oanbelanget, frou Van der Meulen hat dy sekuer besjoen en flaters fûn. Dy flaters ha, liket my ta, neat noadich mei in beskate oersetstyl, mar mei temin kennis fan it Frânsk en/of fan 'e destiidske Joadske wizânsjes of mei sloadrichheid. Mar Knol soe him tsjin soksoarte oantigingen ferwarre kinne.
Tr. Riemersma