| |
| |
| |
Fjouwer poëzydebuten
Pier Boorsma
Tsead Bruinja, De wizersyn it read. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert 2000. 64 siden. f 19,50.
Lida Dykstra, Frou Ule, Utj. Frysk en Frij, Ljouwert 2000. 62 s. f 24,50.
H.J. Hilarides, Tersk. Utj. Frysk en Frij, Ljouwert 2000. 40 siden. f 15.
Eric Hoekstra, De floeibere bân. Utj. Frysk en Frij, 2000. 120 s. f 24,50.
| |
De wizers yn it read
De earste Fryske bondel fan Tsead Bruinja giet oer saken yn it libben dy't misgean kinne en sa ‘de wizers yn it read sette’. De dichter brûkt twa ferskillende fersfoarmen: it frije fers en in foarm dêr't de sinnen efterinoar trochrinne en sa nedich mei in enzjambemint yn de folgjende rigel fierder gean. De frije fersen binne swak, op inkelde nei dy't oer kanker geane en nochal skokkend binne:
sjoch mar
ik wit net mear wat ik ferwachte
wêr't ien boarst minder wie like it tichtskroeid
De dichter debutearre mei twa Nederlânsktalige bondels, mar dizze fersen oer kanker mòasten yn it Frysk skreaun wurde:
yn de minsken dy't it tsjinhâlde
en de minsken dy't it neat skille kin
mar it in de taal dêr't dit yn gebeurde
De fersen mei trochrinnende sinnen binne sterker en net sûnder talint skreaun, lykas ‘Kelder’, dêr't ik de earste twa kûpletten fan sitearje:
at se achter har heart hoe't in hân de klink betaast
de fear yn de keldersdoar spant plûmpt de blauwe slok
spiritus noch net fermongen mei harflibe
yn 'e búk fan de plestikflesse werom sinkt,
de moed har weryn de skuon rint har kop read oan draait
se de dop deropfaget mei de achterkant fan de linker
hân rimpele oer de mûle begjint pas te
azemjen yn de sêfte eagen fan har dochter
Bruinja eksperimintearret noch mei de foarm en besiket sa út te finen wêr't syn krêft leit.
| |
Tersk
Yn syn debútbondel Tersk jout Hein Jaap Hilarides yn koarte staccato-eftige sinnen wer wat hij waarnimt of hoe't in hanneling efterinoar ferrint. Yn in oantal fersen binne de waarnimmingen tradisjoneel en is it taalgebrûk konvinsjoneel, lykas yn ‘Melkerstiid’:
| |
| |
Hjir makket de dichter it hin al te maklik. Hij jout in opsomming fan de foarfallen sa't dy efterinoar barre en foeget allinne in tal adjektiven ta. Elke ferrassing is dêrmei útsluten en folle sfear jout it fers ek net.
Yn it titelfers foeget de dichter sels gjin adjektiven ta en wurde allinne de hannelingen beneamd:
combine glydt troch weetfjild
smyt strie op stoppel del
stoart kerrels yn containers
Fan sa'n fers nei in gedicht dat net mear is as in opsomming fan wurden, is mar in lytse stap:
Fryslan yn simmer ut yntersity wei
toulûkheechspanningsmêsten
Yn it fers ‘Ringwei’ jout de dichter in opsomming fan automerken. Fjirtich jier nei de poëzy fan de Barbarbergroep en dan benammen fan K. Schippers wurdt troch Hilarides op 'e nij it tsjil útfûn. Bij Schippers wie syn poëzy in yllustraasje fan in program, mar dat program is yntusken wol slim ferâldere.
Yn ‘Bus’ brûkt de dichter mei syn readymades ek wer Barbarber-eftige effekten:
‘gaat deze bus over Engelum?’ freget immen op Saailân
‘dan maak ik daar snel 72 van’
oanplakbiljet achter sjauffeur
stremming bolsward: Met ingang van
26-10-1998 rijden alle bussen via een noodbus-
station aan het plein 1455 op de G. Japicxslaan.
reade stipletters boppe sjauffeur
... moderner!! mooier!! groter!!...
...sans souci opent op 1 oktober in berlikum!...
De fersen fan Hilarides binne slagge as hij in subjektive kar út de waarnimmingen makket:
Septimbermiddei yn tun
houtdowenfleane beamkrún út
kastanje glipt út stikelskyl
rôlet troch fingerblêden yn
Hjir is sprake fan in konsintraasje yn de waarnimming en krijt it fers in sekere spanning. It fers ‘nachtmist’ ropt reminisinsjes op oan it wurk fan R.R. van der Leest:
trije wite strepen middelste ûnderbrutsen
koplampen achter fangrail
| |
| |
Yn de bondel Tersk fan H.J. Hilarides steane in pear slagge fersen, foar it meastepart makket de dichter him der te maklik fan ôf.
| |
Frou Ule
De debútbondel fan Lida Dykstra hat fiif ôfdieligen: ‘Spegel, Spegel, ‘Eleminten’, ‘Gjin ivige maitiid’, ‘It heinen fan krêften’ en ‘De macht fan twa’. De fersen hannelje oer skilderijen, mytology, folklore en bisten en geasten yn 'e natoer. Der binne in tal frije fersen, fersen mei rym en inkelde sonnetten. Ik sil tal fersen sitearje dy't mij befalle of dy't om oare redenen ynteressant binne.
Yn de ôfdieling Eleminten steane fersen dy't ûnder oaren geane oer fabeldieren, bijgelyks de bazelisk:
De ierde fertoarret yn 't skroeiende hjit
fan syn azem, soer stjonkend en giftich.
In sjongfûgel spinfuottet driftich
as it libben syn lyfke ferlit.
De stolp lûk ik djip oer myn antlit,
ik sjoch nei de slange meifearren.
Syn eachgif wjerkeatst dêr't it glês sit;
hjoed is it syn dei om te stjerren.
Om dit fers better te begripen, is it wol handich as je mear fan sa'n fabeldier ôfwitte. De bazelisk is fóar in hoanne en efter in slang. Syn azem is giftich, sadat planten en bisten dy't dermei yn oanrekking komme stjerre. As de minske it bist earder sjocht as it bist him, dan stjert de bazelisk.
Yn ‘Minotaurus’ giet oer in mûnster op Kreta, heal minske, heal bolle, dat opsletten wie yn in labyrint. It waard fuorre mei minskefleis. It slagge de Ateenske keningssoan Theseus de Minotaurus dea te meitsjen.
In labyrint groeit yn myn kop
mei tichte hagen fan laurier.
En oer de paden dwaalt it dier,
it deadlik dier mei bollekop.
Soms bûcht er krûme tûken fuort
of knoeit se yn 'e hjitte hei.
En wurdt in plak fan swakte gat
dan brekt er noch de hagen frij.
Mei reade azem blaast er my
de hiele harsens barstensfol.
De bongel slacht de nacht foarby;
komt Theseus net, komt Theseus wol?
Yn ‘Nachtgesicht’ wurde kweageasten neamd, dy't de Fryske folkskundigen sûnder mis thús bringe kinne:
Doarst de nachtwrâld te ûntdekken?
't Skûlplakfan dyn sêfte tekken
op te jaan? Silst kweageasten suchtsjen
hearre, it fearremantsje duchtsje,
grouwelje fan Antsje mei it tsjil,
foar Hantsje Plús, de bûzehappert
Doarst it, doarst it oan?
Kinst it tsjuster iepenbrekke?
Wis, in spoek dat is in lekken
mei wat lucht. Skilderje in nachtgesicht
yn hûndert kleuren swart mar, licht
fan toan. Snúf de geur fan kamperfoelie,
skûlje net foar alle buien, doar te
| |
| |
In moai fers is ek ‘Iepen boek’:
Silst myn skimer-skepper wêze,
my belibje sa't ik werklik bin.
Kinst de ynhâld better lêze
as it omkaft neat ferriede kin.
Nim de bân, ferbrek it segel,
lês ferburgen siden sêft en wyld.
Gjin kristallen bol of spegel
skoep fan my in wêzentliker byld
De dichteres brûkt yn har bondel in tal ynfryske wurden: wyldige (wyld), bongel (Ned. klepel), swine (ferdwine), krieming (Ned. wending), deal (duvel), snebbe (Ned. snavel). Sokke wurden fyn ik yn poëzy wol moai, yn proaza soene se my tsjinstean.
Lida Dykstra hat in bondel ferskine litten mei in grut tal respektabele fersen. Doch bin ik net oertsjûge fan de needsaak fan dizze gedichten. As de dichteresse it ferhaal fan de fabeldieren neifertelt, dan mist de emoasje. Dizze fersen binne wat flak. Mar as debút is de bondel sûnder mis slagge.
| |
De floeibere bân
De debútbondel Defloeibere ban fan Eric Hoekstra bestiet út fjouwer ôfdielingen, dy't elk mei in emoasje te meitsjen hawwe: ‘Bewûndering’, ‘Ferachting’, ‘Oergeunst’ en ‘Meilijen’. Op de lofter side stiet hieltyd in stikje proaza mei de oanlieding foar it gedicht derneist. Sa stiet op side 29 it fers ‘Majesteit’:
Ik sjoch dy dêr noch altyd
O majesteit fan de mei hageboeken
begroeide Boerhaaveleane.
Yn it bijbehearrende stikje proaza dielt de dichter ús mei, dat hjir sprake is fan it ôfskie fan in dierbere freondinne, fan wa't er moannenlang skaat wêze sil. Hij skriuwt: ‘Ast in goed sin hast sjochst har dêr noch stean, ast nei it stasjon stapst om op 'e trein, yn it neisimmerljocht dat troch de boekebeammen fan 'e steatlike Boerhaaveleane falt, in professoarebuert yn Leiden, it plak dêr't ik sa lang mei har wenne hat.’ As ik útgean fan de autonomy fan in gedicht, dan hie in soad dêrfan yn it fers werom te finen wêze moatten, al of net yn generalisearre foarm. Sa't it gedicht der no stiet is it fierste meager. Mar lit mij net al te dogmatysk wêze. Wat wol nammentlik it gefal, ik fyn de proazastikjes folle ynteressanter as de gedichten. Mar de gedichten moatte besprutsen wurde.
It moaiste byld út 'e bondel stiet op side 15. Yn ‘Ut 'e mûle fan 'e mem’ neamt de dichter de folle moanne ‘in pupil yn it each fan 'e himel’. In apart leafdesfers is ‘Piama’:
om, en kaam op myn neakene
en skonken en búk en oare parten
It geheim fan har lea en it swiete ûnthâld
In goed fragmint út it fers ‘Wrede redens’ is:
Troch itfleis yn myn winterjas snijt
in seine fan heil en snie.
Under de swipe fan 'e wyn
| |
| |
beferzen op 'e drompel fan 'e dea.
Mar myn redens slaan werom enfykje
de mystykfan har identiteit
yn 'e kreakjende mar, de bearende
Oansprekkend troch syn fatalisme is ‘Daai fan fellen en bellen’, dêr't ik it earste kûplet fan sitearje:
De gleone hjerstwyn skuort
de rokken fan 'e beammen,
pakt de krunen by de kûnt,
en swaait sefoar syn stjit
Mar der binne net allinne positive punten. Sjoch bijgelyks it folgjende fragmint út it gedicht ‘Boarne’:
Hjir is net allinne de foarm mar ek it gedachteguod al te simpel. Dat jildt ek foar dit fragmint út ‘De ferlieders’:
Ast yn 'e lytse loege sitst
en biede dy de almacht oan
as wiene se God syn rjochterhân
of komme mei New Age ferhalen
ferûntskuldigjende psychology.
Ast yn 'e lytse loege sitst
har software rint op swakke geast
en wol ienfoarmichheid it meast.
Dat is net mear as flot rymwurk.
De earste bondel fan Eric Hoekstra is gjin ûnferdield sukses, dêrfoar binne de fersen te wikseljend fan kwaliteit.
|
|