Oebele Naneur
Grincourt-lès-Pas
Wy hawwe jierrenlang ús kommen hân yn Normandië en Brittanje. De earste deis moat men in almeugend ein ride om in kemping te finen. Net earder as foarby Arras, as men de yndustry en mynbou efter jin hat, fynt men guodden. Wy hawwe al in pear kear yn Warlincourt-lès-Pas stien, in eintsje lofts fan 'e dyk fan Arras nei Doullens. Ferline jier stienen wy der wer en doe kuieren wy nei in oar doarpke ta, Grincourtlès-Pas.
It wie in déja-vu: eksakt de lokaasje sa't ik my dy foarsteld hie by it lêzen fan Steven de Jong syn De spylman op in binnenpaad, haadstik viii De Sûndfloed, dêr't de ferfallen mairie en it tsjerkje in ein yn 'e djipte beskreaun wurde. Der stie nearne op 'e dyk of in gevel krite fan Steven was here, mar it koe hast net misse. Dan is men ek noch sa ûnnoazel en ferwachtsje dat der in kreaze frou mei in keppel bern út 'e mairie komme sil om alle fermoedens te befêstigjen, mar útsein keallen wie der gjin kop te bekennen.
Kloppet it, Steven?
Tr. Riemersma