lik sa yn 'e besnijing dat er in dûbluere net langer foarkomme koe/woe, want it gedicht fan Poortinga stiet ek al yn de sammelbondel Glad en wijd ligt het ijs.
Dêr't it iis it Fryske bloed brûzje en siede lit, dêr noeget de snie út ta bespegeling: ‘Wy flokken, fersille yn romte en tiden, / Us Stjoerder ûntflechte, fan 't doel net mear wis, / Al sweevjend en sykjend de paden ûntgliden, / Mei dreamen fan takomst en langst nei 't ferliden, / Wy geane werom ta de Iene, dy't is.’ (J. Piebenga, ‘Snie’) Net mei fan Piebenga's bêste, mei 'k hoopje, dizze dûmnyspoëzy, dy't behalven fan klisjees ek nochris te lijen hat fan in grouwélige rymtwang: ‘langst nei 't ferliden’! Dat itselde (soarte) gefoel ek hiel oars - en hoe prachtich! - ûnder wurden brocht wurde kin, docht bliken út in fers fan Jan Jepma, oer in âldjierspreek yn Lytsewierrum, op in wite âldjiersjûn: ‘De tserke is in romteskip / los fan d' ierde telt de tiid net mei. / En altyd snijt it. / “Wês ivich ús tehûs” wurdt songen / as wie it doarp yn dizze jûn / ûnder swiere snie fergongen.’ (Jan Jepma, ‘Aldjiersjûn’) Hat it miskien de bedoeling fan Oppewal west om sjen te litten hoe't inselde tematyk liede kin ta sokke (kwalitatyf) útienrinnende poëzy?
By snie heart fansels ek it ‘winterwonderland’-gefoel: ‘Under de snie bedutsen wachtsje nachtgeheimen: / alles ûnthjittend teken? Mearkelân?’ (Baukje Wytsma, ‘Winter’) Elk hat fansels syn eigen assosjaasjes, mar ik hie it moaier fûn as it fers fan Freark Dam folge wie op dat fan Baukje Wytsma, ynstee fan oarsom, sa't no it gefal is: ‘Gjin wintermearke, o heden nee,’ begjint it gedicht fan Dam mei en dan folget hiel moai it kontrast tusken twa perspektiven: dat fan de bisten dy't de winterkjeld oan liif en lea belibje en dat fan de taskôger, dy't fral it moaie plaatsje sjocht: ‘Inkeld twa hazzen út it Bûtefjild / troch snie en kjeld ferdreaun nei / smouter stee. Tegearre sitte hja / wach mar ienriedich yn har pels / op 't tinne iis fan de âlde spoarsleat. / Sinne rûnom en wûnderbaarlik blau / en goud de snie en brûns de hazzen.’ (Freark Dam, ‘Gjin wintermearke’) Wie it dêr mar by bleaun. Schrijven is schrappen. Mar nee hear, de dichter moat sa noadich noch wat kwyt, in fersuchting dy't jin nei de prachtige rigels fan niiskrekt suver sear oan 'e earen docht en dy't oantoant hoe't in oant dan ta slagge fers yn twa rigels nei de barrebysjes holpen wurde kin: ‘Lokkich de reizger dy't dit barre mocht / te sjen doe't dêr en doe syn trein foarbyskeat.’
Snie wurdt ek gauris sjoen as in tekken dy't âlde spoaren útwisket en âld sear bedobbet, lykas yn it prachtige fers ‘Ouwe Sneeuw’ fan Wilco Berga: ‘Ik prate met ouwe mannen, / wij stonnen sumar wat te praten, teugen / un kafeemuur, en gyn woard over sneeuw. / Myn fader ging foarop naar binnen, / syn hannen altyd swart, en nou su wit / fan niks te doën, / en sufeul as der fyl, sufeul was ok fergeten. / Wij saten tussen ouwe mannen in en / dronken op 'e sneeuw dy't mar fallen bleef, / allien sigare-as bleef légen.’
Sa is der mear moais yn dizze bondel te finen, lykas ‘Winter yn Fryslân’ fan Tiny Mulder: earst mankelyk - ‘... yn it lêst kertier foar 't nachtsjen / feroarje terp en doarp / yn blau en griis porslein, / delsetting as in print fan d' oare ein: / in snielân yn Mongolië of sa.’ - dan wanhopich - ‘men kreaut mei God om leechten sear en kâld / wylst boppe guozzen kreauwe oer har rûte.’ - en by einbeslút sarkastysk - ‘Aanst wer de dames, hearen / fan de ster-reklame / mei har jong en skjin.’
Behalve troch de ‘spannende associatieve opbouw’ krijt dizze bondel ek wat ekstra's mei troch de Nederlânske oersettingen, dy't bytiden ek ‘spannend’ binne. Om ferskillende redenen.