It steile wurd, de hurde toan
Piter Yedema
Jelle Kaspersma, Ave Marije - Madonna fan Starum. Koperative Utjowerij, Boalsert 2000. 48 siden. f 22,50.
Sa klear sa't sy jin mei har gutich kopke ynspirearjend taglimket fan it omkaft ôf, sa klear ik har op slach werkende, sa dizich wie myn ûnthâld dat har namme mar net, as mei in sprong, priisjaan woe. Ik hie der maklik achterkomme kinnen, ien telefoantsje faaks, mar sa woe ik net. Om myn sleauwens ôf te straffen bin ik op in suterige sneintemoarn, novimber 2000, nei de godsikker op 'e Jouwer tein.
It miggele wylst ik paad nei paad it hôf oer rûn dêr't wy har, Kaspersma syn earste frou, nei it grêf brocht ha. It wie om tachtich hinne, Sybe wie derby, Piter, Tsjebbe, de ploech fan Hjir. Ik hold de nammen op 'e sarken yn it each, en op in stuit sprong de oplossing ynienen op my ôf; earst de fan, doe de foarnamme. Doe wie it simpel en nei in pear minuten stie ik foar de stien. In stilearre fûgel, har namme en jiertallen, kwalik seisentweintich en ûndertekene mei Onen, wat faaks Yndiaansk is en farwol betsjut.
Safier de anekdoate, dêr't de dichter - hy sil dochs de foto oanlevere ha - sels oanlieding ta jûn hat, relevant of net. Mei har portret sa prominint te bringen, wurdt it de lêzer hast oplein om de titel mei har yn ferbân te bringen, mar de bundel dy't de yndruk opropt ien gehiel foarmje te wollen, giet yn it earste plak oer Jelle Kaspersma sels.
It hannelt dêryn foaral oer de aventoeren dy't de dichter belibbe hat mei fertsjintwurdichsters fan it froulik slachte yn it generaal en dy't er yn de opdracht betinkt: ‘Foar alle madonna's dêr't ik ea tsjinoanrûn.’
Om mear redenen stûket der wat by dizze presintaasje, se ropt by my suver in beskate wjersin op. Om by de opdracht te bliuwen, dy kin bepaald net ferearjend neamd wurde.
My tinkt earst al dat der in taalflater yn sit, om't de sin in barren yn 'e folsleine doetiid oanjout en dat dêrom eins it wurdsje ‘bin’ tafoege wurde moat. Dit mei faaks hinnebruie want it skynt ek yn it Hollânsk langer moade te wêzen om sa tsjin it gefoel yn de ûnfolsleine doetiid te brûken. Wichtiger foar it begryp fan de bondel en fan de dichter syn ynhouten is de wize wêrop't hjir yn ien sin wurden mei symboalwearde ferbûn wurde mei wurden dy't omskriuwe hoe't de ‘ik’ dêrmei yn 'e kunde komt en se behannelet. In lantearnepeal faaks is in ding dêr't ik ‘tsjinoanrûn’, as it treft, of in oare banaliteit as bygelyks in guodkeape oanbieding, dêr't it tsjinoanrinnen fan hast ferplichting is, mei't se jin oeral yn it paad set wurde. Mar in madonna, dy't troch it brûken fan de meartalsfoarm al likefolle yn wearde sakket as yn in winkelfol marijebylden, in madonna, dy moetsje ik, dy sjoch ik oankommen fanwege har útstrieling, har aura, dat ik de siken ynhâld, stilstean byneed, mar tsjinoanrinne - dat soe respektleas, dom en blyn tagelyk wêze.
Wjersin of net, faaks ha wy yn dizze rigel al te krijen mei it ideaal fan dichterlike sizzing, dat Kaspersma neistribbet en dat er op side 23 omskriuwt as in kombinaasje fan ‘it steile wurd’ en ‘de hurde toan’. It steile wurd is dan it oanheljen fan besteande begripen, symboalen, dy't wolbeskôge bûten it berik fan de dich-