Breedbyld op syn smelst
Yn de foaroankundiging fan it programma wurdt elkenien de woarst foarhâlden dat it tritich minuten lang gean sil oer de ach-en en oan-en om it tròchbrekken fan in jonge skriuwersgeneraasje hinne, mar wat sjogge wy tiisdei 20 febrewaris om healwei achten? Trije âldere manlju by Eelke Lok om 'e tafel en op 'e tribune in nustje (tolve) belangstellenden, mantsjes foar, wyfkes kreas dêrachter. Wêr binne al dy útjouwers dy't mei op syn minst trije skriuwers nei de studio ta komme soene?
Lok is út op fjoer, mar skriuwminnend Fryslan foarmet by de earste kneppel yn it hoannehok dalik in ienriedich blok. Hoe sa argewaasje oer de ûnbidige reklamekampanjes fan de Friese Pers Boekerij, wêrtroch it lêzerspublyk mient dat der mar trije Fryske skriuwers binne? In bestseller is wier net ôfhinklik fan reklame; dy ferkeapet himsels, seker as de skriuwer ek noch mei it boek op 'en paad giet. En in literêr boek rint by in lytsere útjouwer krektlike min of bêst as by de Boekerij. Sjesa. Dat ha wy wer dúdlik.
It inisjatyf fan Utjouwerij Fryslân, ku en fp Boekerij om in heal miljoen oan fûnsjild oan te freegjen foar in rige ‘modernen’ en sa'n fyftjin nije/jongere skriuwers de kommende trije jier in opdracht te jaan, wurdt troch twa nestoaren dalik de grûn yn boarre. Gjin grevel kreatyf of konstruktyf meitinken.
‘Dy nije skriuwers lizze grif noch yn 'e widze’, gnysket Trinus Riemersma. Gottegot, altyd wat! Tink je dat je it hân ha, komt nei de klap in twadden: hy en Joop Boomsma binne noch gjin santich en kinne dêrom noch wol even mei. Bedoelt er miskien dat de skriuwrotten/rotskriuwers earst oanein moatte, ear't der wer wat sûps yn byld komme mei? Nee dochs, hoopje ik?
As der mei dizze útstjoering ien ding nèt berikt is, dan is it om in breed byld te jaan fan de hjoeddeistige Fryske literatuer.
Marga Claus