deagean litten hat, him mear en mear. Dy twa saken bliuwe de hiele roman troch oan him fretten. It is lykwols te maklik om Hartman domwei de skuld te jaan. It liket my dat Van der Ploeg mei dizze barrens de lêzer op 'e nij útdaget om in oardiel te jaan en de skuldfraach iepen te brekken: wa en wat is hjir it wurk fan de duvel? Hartman dy't te skiterich wie om doktershelp te freegjen of de froulju dy't net bakerje wolle: ‘Do hast in oar syn wiif oanhelle, jim libje yn sûnde en dêrfoar moatte jim de straf ek drage.’ (286)
Van der Ploeg wikselet yn syn roman it rinnende ferhaal ôf mei koarte flashbacks, dy't kursyf oanjûn binne en dêr't Hartman út de fertelsitewaasje fan it ik-ferhaal wei weromsjocht op syn jonge jierren. Hoewol't de relaasje ta de tekst fan it rinnende ferhaal deromhinne lang net altyd dúdlik wurdt, sterker noch - it liket faak krekt oft Van der Ploeg de stikken oeral mar wat delsiedde hat -, jouwe de flashbacks op himsels wol in ynkringend byld fan Hartman syn siiktocht nei syn eigen identiteit. Stilistysk kriget dat sykjen klam troch de regelmjittige werhelling fan de sin ‘Ik bin Hartman, mar se neame my Nappe’ yn allerhande fariaasjes. As soe Hartman himsels oan ien tried wei befêstigje moatte as unyk minske as reaksje op de minsken dy't him figuerlik útklaaie ta in ‘Napoleontsje’.
It gemis oan syn heit, besiket Hartman te kompensearjen mei in ofsiersjas, dêr't er yn syn bernejierren ûnskiedber mei ferbûn is en dêr't er altyd yn omrint oant syn mem de jas ferbaarnt. Wylst Hartman yn syn tinzen hâld siket by syn biologyske heit, is it pake dy't him as in twadde heit ‘it libben leart’ (235). As Hartman der foar kiest om yn it sok fan syn pake krûdedokter te wurden, lit Van der Ploeg Hartman - hiel subtyl - wer in swartlekkense jas oantuge, dy't er letter ek by syn konsulten draacht. Pake en heit binne yn dy twadde jas (ûn)sichtber, tagelyk oandwaanlik ferbûn mei Hartman, ‘harren soan’.
De lêzer rekket yn de roman aardich op de hichte fan de posysje en funksje fan in krûdedokter út it begjin fan de njoggentjinde ieu. Yn rike bewurdings docht de skriuwer út de doeken hoe't Hartman yn neifolging fan syn pake drankjes gearstalt en tapast op syn pasjinten. Hartman appellearret yn syn funksje lykwols net oan it byleauwe dat yn dy tiid o sa sterk oanwêzich is. En dat wurdt him troch de heidsjers net altyd yn tank ôfnommen en somtiden sels tsjin him brûkt. Ek al bliuwt Hartman der yn neifolging fan syn ferljochte pake hiel evenredich by, it seit wol wat oer de belibbing fan dy tiid oangeande duvelbanners, tsjoensters en krûdedokters. De roman makket net allinnich dúdlik dat leauwe en byleauwe tige nei oan elkoar besibbe wiene, mar dat werklikheid en fantasije yn dy tiid faaks ek troch elkoar hinne rûnen.
De prolooch, dy't ferhellet fan in moard fan houtfester Haersma, wurdt yn de rin fan it ferhaal ek hieltyd mear ferfoarme. Wat raarder, wat mâlder, mar de minsken leauwe alles fan it begjin oant de ein.