Totaal produkt fan Wilco Berga
Santjin Fryske fersen yn kadoferpakking
Joop Boomsma
Wilco Berga, Eilânliet / Eilandlied. Gedichten schilderijen. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 2000. 60 siden. f 35.
Healwei oktober beseach ik yn Galerie Goutum in tal nije skilderijen en objekten fan Wilco Berga. Ik bin gjin keunstkenner dy't him liede litte kin troch teoretise kennis en in brede achtergrûn fan fergelykjende sjocherfaring. Ik skôgje keunst mei yntuysje: fyn ik it moai of net moai, docht it wurk wat mei my, wol ik it yn myn keamer ophingje en der elke dei nei sjen? Ienfâldige kritearia, ik wit it, mar dat is net oars. De skilderijen fan Berga fûn ik nijsgjirrich en mear as ien fan de stikken soe 'k graach romte foar meitsje yn ús húskeamer. Ik seach it Waad en de fûgels. Ik seach de kleuren fan dat gea. Ik hie it besef dat ik, wat Wilco Berga skildere, earder sjoen en wurdearre hie. Mei eigen eagen. Mei myn eigen gefoel.
Doe't ik in skoft letter de bondel Eilânliet / Eilandlied ûnder eagen krige, yn 'e hannen naam, trochblêde, wiene it dan ek de yllustraasjes dy't ynearsten myn oandacht krigen. Lytse reproduksjes fan de keunstwurken dy't ik noch op it netflues hie - werkenning. Doe lies ik de gedichten. Yn it Frysk. Letter de oersettings yn it Nederlâns. De Fryske teksten nochris. En wer beseach ik de yllustraasjes. Op 'e siik nei it ferbân tusken fers en byld. De bylden yn 'e fersen.
Al gau waard it my dúdlik dat Eilânliet / Eilandlied gjin dichtbondel is yn de wenstige betsjutting: in tal fersen bondele. Hjir ha wy te krijen mei in boek fan in mearsidich minske: skilder, byldzjend keunstner, dichter yn it Frysk en it Nederlâns, foarmjouwer. It wol my dêrom ek net oan dat Berga op in stuit syn wurk yn hannen jûn hat fan in útjouwer om dêrnei geduldich te wachtsjen op it einrisseltaat, de bondel. Wilco Berga moat him oan it ferskinen ta fiks bemuoid hawwe mei it ta stân kommen fan dit boek, oant yn 'e allerfynste puntsjes. Dêrom moat Eilânliet /Eilandlied nei myn betinken sjoen wurde as in totaalprodukt fan in byldzjend keunstner/dichter. Unyk yn de Fryske literatuer, tocht ik. Dat de reproduksjes troch freondin Tanja Blokland útsnien en mei de hân op de siden plakt binne (en dus net meiprinte), sil in sintekwestje west hawwe. Mar soks jout tagelyk wol in apart effekt oan it gehiel.
De bondel befettet santjin nije Fryske fersen, ferstruid oer 60 siden stevich papier en ferskûle tusken Nederlânse oersettingen en tsien reproduksjes fan byldzjend keunstwurk. En soks allegear ferpakt yn in prachtich omslach. Ik bin djip ûnder de yndruk fan dizze útjefte. It boek.
Mar it moat hjir ek gean oer dy santjin Fryske fersen, dêr't guon fan ‘lieten’ neamd wurde: ‘Liet fan simmer’, ‘Liet foar in opera’, ‘Liet fan drokte’, ‘Liet fan oaren’, ‘In havenliet’ en fansels it titelfers. In liet ymplisearret sjongsumens, in lichte toan, mar yn de fersen fan Berga is dy lichte toan komselden te finen, ek yn dy lieten net. De dichter lit benammen syn jongestiid yn him omgean