Libbenselikser
Jitske Kingma
Obsessive leafde
‘De jacht is moaier as de fangst. Ik jei graach, mar as ik raak sjit, dan lit ik myn proai rinne’.
‘Altyd?’
‘Meast wol. Ik haw leaver it fertriet fan in ûnberikbere leafde as de totale iensumens fan in relaasje dy't fêstrûn is’.
‘Mar wat as immen op dy jaget?’
‘Ik lit se sjitte, sadree't se my it inisjatyf út hannen slane’.
Wy sitte yn in kafee yn Amsterdam. It hat in publyk fan strakke pakken, modieuze strikken, lekkere luchtjes en frisse gesichten.
Hy falt in bytsje út 'e toan. It jaske is okee, makket syn skouders breed. It kapsel doocht ek. Mar de trui is krekt wat te blau. En de broek slobberet om it keine kontsje.
Hy hie my maild dat er graach mei my prate woe. Oer leafde? grapke ik. Oer in leafdeleas libben, woe er ha. Gjin gruttere utdaging as sa'n foarset.
Ik wist wol hoe't er oer jeien tocht en hie út it rút fan tramlijn 5 wei in lokaasje mei in passende namme sjoen om ôf te praten: Wildschut. De irony ûntgong him.
‘It klinkt allegear sa teoretysk, hat se dy sitte litten?’ besykje ik.
Syn eagen fûnkelje. Hie Remco praat?
‘Nee, nee. Yntuïsje’.
Wat fûn ik dan fan in type as hy?
‘Ast tsien jier jonger wiest en deselde eagen hiest: de treast foar froulju op jierren mei sloppe knibbels, ilastykstriemen op har heuvelheupen en in teloarstellend sekslibben.’
Hy wurdt lilk.
‘Ik wol net de leechte fan in oar bedjipje, ik wol myn eigen resonânsjes fersterkje’.
Ik freegje hoe't hy ea fongen hat as er it by jeien litte wol.
‘Soms, soms fyn ik immen, dy't hat wat ik mis en dy't snapt hoe't ik tink.’
‘En dan?’
‘Dan lit ik my hielendal gean. Belje har op.
Stjoer mailtjes. Wol har hieltyd sjen’.
‘En watfoar frou berikt dat dan by dy?’
Hy knypt syn eagen justjes ticht en pakt, hiel licht, hiel koart, myn hân.
‘Immen dy't presys is, wat ik net bin’.
Ik tink oan syn mailtsjes fan de lêste wiken, syn knypeachjes fol betsjutting. Hy is hiel lang. Wy laitsje nea om deselde dingen. Hy is in man fan de klok. Hy wit alles fan kompjûters. Hy smookt, slikt. Is o sa rasjoneel. Siket it ûnberikbere.
‘Dat hat wat fanatyks. Wat obsessyfs. As is de oar foar dy net wat sy is, mar watsto mist’, sis ik.
‘Mar dat is dochs wat leafde is? It ûntbrekkende oanfolje?’
‘It liket as jeisto op it folslein meitsjen fan dysels. Sikest net de oar, mar sikest dysels’. Dat fassinearret him en hy wol dat ik it útlis. Mar ik krij dat net mear foarelkoar. Syn favorite drankje hat my sloppe knibbels jûn. Tiid foar lijn 5.
De oare deis mailt er my: ‘Hiest gelyk. Mar no wol se my nea mear sjen’.