| |
| |
| |
Isis
Willem Schoorstra
Sa't Hans in stoaterske hoanne like doe't er de keamer binnen kaam. Syn latinte niging ta teatraliteit waard dúdlik doe't er lyk foar har stean bleau. Hy sprate de earmen en sei: ‘Beste freonen, kollega-skriuwers; dit is de nije oanwinst foar ús rûnte: Isabella de Coninck. Hja lit har Isis neame. Isis, sil ik dy de oaren even foarstelle?’ Hy die in stap fansiden sadat Isis oer 't fuotljocht kaam. De earste yndruk wie der ien fan folsleine wytheid. Steil blûn hier rûnom in graniten gesicht mei sûpelippen. As wie se dwaande om te ferskinen fan in oare diminsje út wei. Himpen, net grutter as ien meter sechtich. Mar har eagen makken har kolossaal, ymponearjend; joegen har it foarkommen fan in wjerljochtslach. Dy eagen wiene grien, it grien fan suvere jade.
Hans genoat fan de rol dy't er spile. Hy lei de hân by har op 't skouder (fertrou my, it is de hân fan in psycholooch) en sei: ‘Dit is Arnold, achtenfjirtich jier, gemeente-amtner. Skriuwt meast klassike fersen lykas sonnetten, rondelen en kwatrinen. Is erchtinkend foar frije fersfoarmen oer, mar altyd ree ta in hecht kommentaar.’ Arnold kaam heal omheech út de stoel, treau mei de wiisfinger syn bril teplak en fûstke mei Isis. Doe late Hans syn beskermeling nei de bank dêr't Elizabeth siet. Dy kaam oerein en stiek Isis de hân ta.
‘Hoi,’ sei se, ‘ik bin Elizabeth, ienenfyftich jier, haw fjouwer bern en bin skieden. By my telt allinnich emoasje. In gedicht moat emoasje wêze, dan is it goed. Nee Hans, hâld dy stil, ik wit watst sizze wolst. Hans is nammentlik fan betinken dat in gedicht just gjin emoasjes befetsje mei. Mar goed, dizze diskusje sil sûnder mis wol wer op it aljemint komme. Trouwens, hiel aardich datst meidwaan wolst!’
Isis glimke.
‘En dan binne wy ta oan de lêste dielnimmer, de muzikant fan it selskip: Hedzer Risselada. Hedzer is ek de jongste fan dit fermidden mei syn twaentritich jier.’
Hedzer wipte fan 'e tafel ôf en omklamme mei syn lange fingers de hân dy't him as in labaratoariummûske tastutsen waard. Se wiene perfekte tsjinpoalen, want Hedzer hie in donkere hûd, swart hier en brune eagen; skaaimerken dy't er nei alle gedachten te tankjen hie oan in gleone Spaanske soldaat.
‘Hast wurk by dy?’ frege er. ‘Dan kinst fuortendaliks wol wat hearre litte.’
‘Sill’ wy Isis oars even de rûmte jaan om yn 'e kunde mei ús manier fan wurkjen te kommen?’ kaam Hans dertusken.
‘Ik heb kortgeleden een nieuw gedicht geschreven dat ik jullie wel wil laten horen,’ sei Isis. Har aksint wie ûnmiskenber Flaamsk, mei dy karakteristike sjongerigens dy't makke dat sels in deafûnis klonk as in swiet ûnthjit. Hans seach even sneu, mar krige doe in stoel en joech Isis in knikje dat se út ein sette koe. Dy droech har fers út 'e holle foar. It wie in betsjoenend, en op it earste gehoar nochal hermetysk wurk, mei tsjustere metafoaren en ferlikings. Doe't se klear wie, gie se neist Elizabeth op 'e bank sitten.
‘Sjoch,’ begun Hans, ‘gewoanwei stjoere wy inoar nij wurk yn 't foar ta, op skrift. Dan kinne wy it rêstich op ús ynwurkje litte. No, op dizze manier, giet it nochal fluch, en bin ik net by steat om der fuort wat ferstannichs oer te sizzen. Myn útstel is dan ek datst it ús tastjoerst, sadat wy it de oare kear wiidweidich besprekke
| |
| |
kinne. Dan soe ik no oergean wolle ta it foarlêzen fan de fiif gedichtsjes dy't ik jimme tastjoerd haw.’
‘Ik fûn it in fassinearjend gedicht, Isis,’ sei Hedzer. ‘It hat in rêchbonke, in sterk útwurke dichterlik idee. Ik kin dy yndie net in detaillearre miening jaan, mar ik haw fuortendaliks al sa wat fan koe 'k it sels mar sa.’
‘Ik weet het niet, ik ken jouw werk nog niet.
Maar bedankt voor het compliment.’
‘Hedzer skriuwt sels ek hiel nijsgjirrige dingen, hear. Wy hawwe allegear trouwens in eigen styl, dat is in ding dat wis is. Mar ik fûn it ek prachtich, Isis. Der wie sprake fan in krêftige emoasje, hoewol't ik de betsjutting sa fluch net benei komme koe.’ Elizabeth nokkere. ‘Myn gedichten binne tagonkliker, dat silst noch wol gewaar wurde.’
‘Even wat oars,’ sei Arnold. ‘Kinsto Frysk ferstean?’
‘Verstaan, maar ook lezen. Spreken zal niet gaan.’
‘Isis is slim taalgefoelich,’ sei Hans, wylst er wat foaroer line. De hollehûd ljochte him babyrôze troch de flintertinne, grize krollen. Hy krige in papier fan 'e flier dêr't syn fiif gedichtsjes op stiene. Op dat stuit stelde Arnold út om earst wat te drinken.
‘Fansels, fansels,’ sei Hans. ‘Op 'e tafel stean termoskannen mei tee en kofje. Ik sil der even wat oar guod njonken sette. Sherry, port, wyn. It is de bedoeling dat elk himsels rêdt, Isis. Mar foar dy, as nijeling, wol ik graach in útsûndering meitsje. Wat sil 't wêze?’
Wylst Hans de gasthear úthong, rekken de oare leden fan de skriuwersrûnte yn petear oer rol en betsjutting fan keunst yn de hjoeddeiske maatskippij. Benammen oer it sponsorjen troch it bedriuwslibben hiene Elizabeth en Arnold tsjinoerstelde opfettings. Op in stuit kearde Hedzer him fan it hottefyljen ôf en sei tsjin Isis: ‘Oer dat gedicht fan dy. Ik fûn dat it in suver goatyske sfear hie, yn 'e styl fan Poe. Oan 'e iene kant benearre it my, en oan de oare kant waard ik der troch oanlutsen. Begrypst wat ik bedoel?’
Isis knikte. Har yngriene eagen fiksearren Hedzer. Dy betocht him dat se eins sa ûnsjoch as de pest wie. Net allinnich dat se hean en skier wie, mar se hie ek nochris in behoarlik grutte heaknoas. Al mei al wie it in nuveraardige ferskining.
‘Ik begrijp het. De aspekten die dit specifieke effekt, deze aantrekkingskracht op jou uitoefenen, houden mij nogal bezig. Ik vind het interessant dat je dit zo zegt. Als mijn intuïtie mij niet bedriegt kon dit wel eens een boeiende periode gaan worden.’ Hedzer geat harren op 'e nij in glês wyn yn en frege: ‘Hoe bisto eins mei Hans yn 'e kunde kaam?’
‘Hans kent veel mensen.’
‘Ja, dêr bin ik mei op 'e hichte. Je hoege mar in namme te neamen út it kulturele wrâldsje en Hans ken him of har. Ik freegje my wolris ôf as it oarsom ek sa is. Hawar. Dêrmei fertelst my noch net hoe't it no sa kaam is.’
‘Eerlijk gezegd spreek ik er liever niet over. Het is ook niet belangrijk.’
‘Bliksem, leit it sa gefoelich? Hy is wol troud, hear! Mar hast gelyk, wêr bemuoi ik my mei? Nim it my net kwea ôf.’ Hedzer fielde him ûngemaklik ûnder de kear dy't it petear naam hie, en om de oandacht ôf te lieden begong er mei Elizabeth te praten. Dy ûntferme har fuortendaliks oer de lytse Flaamse. It duorre net lang of Isis krige in besitekaartsje yn 'e hannen drukt: Elizabeth Rekkers, Aura-chakrahealer, Lichaamsbewustwording, Mandala tekenen. Hedzer mocht stommegraach oer Elizabeth, mar hja wie in softy, en dat hie er ek wittefaak tsjin har sein. Sûnt se in pear jier lyn fereale wurden wie op in frou, hie ek har persoanlik- | |
| |
heid in omslach makke. Stie se earder mei beide fuotten op 'e grûn, no sweve se der in meter boppe. Neffens harsels wie it in kwestje fan groeiend ynsjoch yn de rin fan 'e dingen, ûnderdiel fan in proses dat by einbeslút liede soe ta androgeniteit foar de minsheid, it iepenstean foar mear as ien werklikheid en it oergean nei de fjirde diminsje. Hedzer fûn it allegearre rimram en esotearyske flauwekul, in trochsichtich aliby om har hommels lesbys wêzen foar de bûtenwrâld akseptabel te meitsjen troch it in spirituele lading te jaan. ‘Els, do bist gewoan in pot, gjin avatar,’ hie er har gauris foarhâlden. Dan lake se golhertich, en sei dat er mei syn nivo fan begryp noch in grut tal ynkarnaasjes foar de boech hie.
Hy hearde dat se tsjin Isis ek al aardich op dreef wie. Hja hie it oer in ‘froulju's fjoer feest’ dêrst dy ferdjipje koest yn de krêft fan it hert en de eigen seksualiteit. Isis wie ien en al ear, en ynienen stiek it Hedzer om har sa yn in oar op gean te sjen. Hy waard kjel fan syn eigen fielen. Hy koe it frommiske net, se seach der net út en boppedat hie er in freondinne dêr't er sljocht op wie. Hy sloech syn lêste stealtsje wyn nei binnen, klapte yn 'e hannen en sei: ‘Wat sizze jimme, sille wy noch even trochsette?’ Hans heakke der begearich op yn.
‘Wy dogge it meastal sa, Isis: wurk yn 't foar opstjoere, op 'e gearkomste foarlêze en iepen stean foar it kommentaar dat der op komt. It is faak hiel ferhelderjend om te hearren hoe't oaren oer jins wurk tinke.’
‘Zoals je al eerder hebt gezegd,’ sei Isis.
‘Krekt. No, as jimme de papieren foar hawwe set ik út ein.’
Mei twa minuten wie Hans klear. De minimalistyske observaasjes dêr't er him mei dwaande hold hiene epyske pretinsjes, mar wiene like plat as se lyts wiene. Hy droech se foar mei djipsinnige stilten, dy't it tekoart oan ynhâld allinnich mar promininter makken. Dochs hie der yn 'e ôfrûne fjouwer jier net ien west dy't de moed opbrocht hie en sis plan-út dat it folslein kloate wie. It kommentaar beheinde him ta taalkundige oanwizings en eventuele tikfouten. Der wie nimmen dy't sei dat syn skriuwsels like dea wiene as de fûgelkarkassen dy't oanspielden op 'e seedyk, it plak dêr't er in soad omtoarke om ynspiraasje op te dwaan. Namste pynliker wie it om't elk it fan de oar wist. Hja preauwen it út har hâlding foar Hans oer, út de wurden dêr't se him sa hoeden mei oan kamen. It punt wie: hy wie aardich, nayf; hie eat fan in grut bern dat ferdwaald like yn in wrâld fol folwoeksenen. In idel bern, mar in bern. Bûtendat wie er de inisjator fan de skriuwersrûnte sa't dy no funksjonearre. Ut ein set as de autoriteit, wie dy rol troch de jierren hinne ferdizene ta dy fan gewoane dielnimmer. Syn kommintaar waard op priis steld, mar syn poëzij hie neat om 'e hakken.
‘Wat fine jimme derfan?’ frege er nijsgjirrich. Dêrop folge it ritueel fan standert opmerkings, it miereneuken om in punt of in komma en de stuolledûns fan it om de hite brij hinne draaien. Isis observearre hoe't it der om en ta gie en sei neat. Oant Arnold har frege wat sy der, as debutante, fan fûn.
‘Deze poëzie kent geen pijn,’ sei se.
It waard yntins stil yn 'e keamer.
Har stim klonk sêft, melodieus. Hie it effekt fan in kettingsêge.
‘Het spijt me dat ik het moet zeggen, maar ik moet eerlijk zijn; tegenover jullie en tegenover mezelf. Hans, het ontbeert je gedichten aan bezieling, aan passie. Het zijn snoepjes waar je geen cariës van krijgt; zonder geur, kleur en smaakstof. Ze lossen op zonder één enkele indruk achter te laten. Als het de intentie van deze groep is om datgene wat je doet aan te scherpen en beter te maken, dan dient er geen
| |
| |
blad voor de mond te worden genomen. Daar schiet niemand iets mee op.’
Hans stoarre nei it papier dêr't syn wurk op ôfprinte stie. De hals flamme him read boppe de wite kabeltrui. Isis wie noch net útpraat.
‘Wat je moet doen Hans, is het echte leven toelaten in je schrijven. Want wat ik hoor is surrogaat, artificiëel. En ik denk, omdat ik je een beetje ken, dat je beter kunt. Voor mijn gevoel ga je er te gemakkelijk mee om.’
‘No,’ sei Hans, wylst er himsels yn har eagen joech, ‘dêr kin ik it mei dwaan. Ik wurdearje dyn iepenheid, mar it komt wol hurd oan. Ik wit ek net oft ik mysels der wol yn fine kin, dêr sil ik oer neitinke moatte.’ Hiel even like er lytser as it skepsel dat foar him oer siet. Doe rjochte er de rêch en sei: ‘Mar kom, lit ús it rûntsje ôfmeitsje. Arnold?’
En Arnold die syn ding, lykas Elizabeth en Hedzer nei him. Der waard oer praat, diskúsjearre soms; mar de geast wie út 'e flesse en hong as in wolk boppe de oars sa ynspirearjende gearkomste. Doe't se oan 'e ein fan 'e jûne in nije datum foar in folgjende gearkomste prikt hiene, fielden Hedzer, Elizabeth en Arnold harren nochal ambifalint oer it ferrin derfan. Hja wiene oan de iene kant ferromme dat ien no krekt sein hie wêr't it op stie; en oan de oare kant koene se net goed ynskatte as it skea tabrocht hie, skea oan Hans syn ego, skea oan de rûnte as gehiel. Hja wiene trijeresom ôfstutsen, Isis wie by Hans bleaun. It hie in eigenaardich byld west: dy rizige, âldere man njonken dat ynwite, behindige frommeske mei de griene eagen. Dy't op 'e ien of oare manier better yn 'e keamer liek te passen as hy.
Dat skeat allegear troch Hedzer hinne doe't er fiif wike letter de foardoar iependie en Isis oantrof. Op 'e nij dy eagen.
‘Dag Hedzer,’ sei se.
‘Do hjir,’ sei er. ‘Kom deryn.’
De wenkeamer wie in soadsje. Hedzer ferûntskuldige him, en fertelde dat syn freondinne fjirtjin dagen yn Londen siet. Hja wurke yn de ict-sektor en moast der geregeldwei op út foar de nijste ûntjouwings.
‘En as ik allinnich bin kin it my neat skele hoe't de brot der hinne leit, útsein wannear't ik besite krij. Dan fyn ik it sjenant.’
‘Hoezo genant?’
‘No, dan is 't sa stereotyp: de frou is fuort en de man makket der in brol fan; kin him amper rêde. Mar ik bin gewoan maklik. Wachtsje even, dan sil ik in stoel foar dy frijmeitsje.’ Hy raamde wat klean fan in stoel en helle de hân oer de sitting.
‘Sa,’ sei er, ‘wat wolst drinke?’
‘Heb je rode wijn?’
‘Hiele bêste sels, út Súd-Afrika.’
‘Graag.’
Doe't er by it oanrjocht de wyn yn 'e glêzen skonk, trille him de hân. Hy griemde en flokte sêft. Om it griemen en it triljen. Hja hie de eagen ticht en harke nei de muzyk doe't er de glêzen op 'e tafel sette. Se hie ek wol dea wêze kinnen sa't se dêr siet: ien foet ûnder de kont, de holle wat achteroer tsjin it bekling, de hannen ûntspannen op 'e skonken. Sa stil, sa wyt, sa brekber.
‘Bevalt het wat je ziet?’
Hedzer gie njonken de wyn op 'e tafel sitten. No krekt foel it him op hoe lang't har teisters wiene.
‘Wat bedoelst?’
‘Je weet wat ik bedoel.’
‘Dyn uterlike ferskining.’
Hja iepene de eagen en knikte.
‘Ik fyn dy hiel opfallend. Net kreas. Wol bekoarlik. Miskien dochs wol kreas. Ik wit it net.
Wat is dit no foar fraach?’
‘Gewoon, één van de vele die je aan elkaar
| |
| |
kunt stellen.’
‘Just. Dan haw ik ek ien foar dy: Wat wolst hjir eins?’
In amper waar te nimmen glimke loek har om 'e mûle.
‘Ik ben hier omdat ik je interessant vind. Jij koppelt lijden aan passie, een combinatie die mij erg bezighoudt.’
Hedzer hie wilens in sjekje rôle, blies in pylk blauwe reek de keamer yn.
‘It klinkt hiel nijsgjirrich, mar wêr basearrest soks op?’
‘Dat baseer ik op jouw liefde voor de tango, de fado, de blues. Muzieksoorten waarbij je dezelfde mengeling van pijn, lijden en passie aantreft. Ik bespeur het ook in de poëzie die je hebt laten horen op de schrijversavond bij Hans. Je hebt een absoluut gevoel voor het lijden in de kunst. Kunst is lijden. Lijden is kunst. Ook leven is lijden. Lijden is ten volle leven.’
Hedzer skodholle.
‘Dat lêste fyn ik in nuvere útspraak.’
Mississipi John Hurt hie syn lêste nûmer spile. Rein klettere tsjin de ruten; yn it ljocht fan de strjitlampen glieden kleurde slangen nei de drompel fan 't kezyn. Isis kaam oerein en gong foar it rút stean. Mei de wiisfinger folge se it spoar fan ien fan de drippen.
‘Pijn is een bewustmaker,’ sei se tsjin de nacht. Doe't se it gesicht wer nei Hedzer ta kearde, seach er dat de reade wyn in waas oer har lippen lein hie. It wie in merkteken dêr't er de eagen net ôfhâlde koe, in obseniteit; en tagelyk eat dat de klam nochris ekstra op har ferhoalen seksualiteit lei. Sa kaam it alteast op him oer, no't er se sa dúdlik prononsearre seach. Hy helle de flesse út 'e keuken en geat de glêzen op 'e nij fol.
‘Bewust wêrfan?’ frege er, wylst er op 'e bank sitten gie. Hja kroep njonken him, en even rekken harren knibbels inoar.
‘Van alle facetten van het leven,’ sei se. ‘Het maakt je bewust van schoonheid, gemis; van sterfelijkheid en geluk. Het doet je je eigen nietigheid beseffen, maar ook je grootheid.’ ‘Ik moat sizze dat ik it ferdomd aardich fyn watst hjir allegear op 't aljemint bringst, mar it is wol de abstrakte kant it neist. It komt op my oer as in literêre konstruksje, mei oare wurden.’
Isis lake. Har laits wie djip en gol, hast yn tsjinspraak mei har stal.
‘Ik kan je verzekeren dat ik niet over een literaire konstruktie spreek. Maar goed, laten we er over ophouden. Nu, ik heb van Hans vernomen dat je gitaar speelt in een band. Zou je mij iets willen laten horen?’
‘Okee.’ Hedzer gie oerein en krige ien fan de trije gitaren dy't yn 'e keamer stiene. Twa wiene akoestysk. Hy naam syn favoryt, de Larrivée steel string. It wie de earste dy't er kocht hie. Sechttjin wie er, en folslein ûnder de tsjoen fan minsken as Leo Kottke, Stefan Grossman en Django Rheinhardt. Yn dy snuorje wurke er gauris by syn omke op 't kantoar fan 't boubedriuw. Omke Germ wie in echte fakman, mar wat de administraasje oanbelange de sleauwe kant it neist. Hedzer folge doe in oplieding as meiwurker yn de administrative sektor, dat sa koe de iene hân de oare waskje. Mei de earste fertsjinsten hie er lang om let de Larrivée kocht. Noch koe er himsels sitten sjen op 'e sliepkeamer, oan 'e ein fan in moaie simmerdei, it gefoel fan de ranke hals yn syn lofterhân; it brûnzen lûd dat ûnder de hoannebalken kroep. Letter hie er dat stuit faak omskreaun as in hast relegieuze gewaarwurding, in pyk-gewaarwurding. Los fan himsels, los fan 'e omjouwing; inkeld de waarmte, de yntinse foldwaning, de muzyk.
Hy spile in ynstrumintaal jazzy-blues nûmer foar har; in eigen skreaun stik, technysk dreech
| |
| |
mar geweldich om út te fieren. Doe't er klear wie krige er in beskaafd applauske fan syn taharkster. Dêrnei spile er noch twa stikken, beide nûmers dêr't er by song. Isis sei dat se it har net begripe koe dat hy yn in cover-bandsje spile.
‘Der moat wol brea op 'e planke komme,’ sei er. ‘Boppedat fyn ik it net slim. It fertsjinnet goed, wy ha in protte wille mei-inoar en ik bin oerdeis moai thús. Ik haw genôch frijheid om de dingen te dwaan dy't ik dwaan wol.’
Hy dronk syn glês leech en sette it wat knoffelich op 'e râne fan 'e tafel del. It kipere om. Ympulsyf besocht er noch om it op te heinen, mar it iennichste wat er dêr mei úthelle wie dat er himsels snie. Bloed dripke him fan 'e wiisfinger. Foardat er lykwols aksje ûndernimme koe krige Isis him by de hân. ‘Levenswijn,’ sei se, en stiek Hedzer syn finger yn 'e mûle. Waarm, sêft, fochtich. Hedzer wist net hoe't er reagearje moast. Op ien of oare manier hie er noait sa wat yntyms meimakke. It like sensueel sa't se de lippen om 'e finger sleat, en tagelyk ûnskuldich, as in mem dy't har bern helpe wol. Hy fielde hoe't se sobbe, hoe't har tonge koeze. Hy waard him skerp bewust fan syn lichem, de druk fan 'e bank tsjin 'e kont, de klopjende ier by de sliep; it bloed dat him troch de earmen en skonken jage; de kul dy't begûn te wippen. Mei it swit op 'e holle loek er de finger tebek en bûgde him, yn in hommelse oandriuw, foaroer om har op 'e mûle te nimmen. Hja roek swiet, net it swiet fan in parfum of in deodorant, mar it swiet fan kleare frouljusferomonen, ree om oan te lûken, te ferlieden. Doe fernaam er in hân op it boarst.
‘Niet doen,’ sei se.
Hedzer die even de eagen iepen, taksearre, besocht it nochris.
Isis glûpte by him wei.
‘Het is al laat. Tijd om op te stappen.’
Hedzer kaam oerein en rûn achter har oan nei de gong ta.
‘Isis ferdomme, dit kinst net meitsje!’
Hy hearde mei walging hoe skril syn stim klonk. By de doar kearde se har om en joech him in hân.
‘Bedankt voor de fijne avond. Ik vond het erg inspirerend.’
En fuort wie se. Hedzer bleau ferbjustere op 'e stoepe stean. De stoartbui wie oergien yn storein. Isis rûn beret de strjitte út, ferdwûn yn it wiete waas. Hy koe har fuotstappen amper hearre. Yn in tastân fan ferdôving rekke er nei boppen ta. It wie kâld, mar dochs die er de fentilator oan doe't er, mei klean en al, op bêd lizzen gie. It swypkjen fan de wjokken rûn lykop mei de gong fan syn tinzen. Fan beide kriich er pikefel. Isis hie him yn 'e besnijïng. Hy woe har hawwe. Mar hoe moast it mei Gerda? Sûnder Gerda woe er net, koe er net. Hja wiene suver ien. Gerda wie in iepen boek foar him. Isis net. Dy sei ûnferwachte dingen, skreau betiizjende poëzij; sobbe op syn wiisfinger om. Syn pimperjende finger.
Nei har besite koe Hedzer gjin rêst mear fine. Oerdeis net, nachts net. Doe't Gerda út London thús kaam fûn se dat er der min út seach. Hy stonk ek, neffens har. Se frege oft er siik wie. Hy sei fan nee. Dan moast er yn alle gefallen mei har ûnder de dûs, even lekker ôfspiele. Doe't se inoar ynsjippe en ôfspield hiene, begûn se him mei de hannen te stimulearjen. Se wie hongerich, sei dat se ferlet fan him hie. Dochs duorre it folle langer as oars, foar't er stiif genôch wie om by har nei binnen te kringen. Under it neuken wei die er de eagen iepen en seach er hoe lyts en rjocht har noas wie. Stadichoan koe er oan nimmen oars neat mear tinke as oan har, de lytse Flaamse. Wêrom hie se him oanhelle, om him dan wer ôf te stjitten?
| |
| |
Hy wist dat se har ta him oantrutsen fielde. Wêrom dan sok nuver hâlden en dragen? Ut meifielen foar Gerda? Nee, hy wie net by steat om befredigjende antwurden te finen op de fragen. Alles begûn der lykwols op in stuit ûnder te lijen: it wurk, de sûnens, syn relaasje mei Gerda. Dy hie him al withoefaak frege wat der wie, mar wat moast er sizze? Ik bin fereale op in oar? Sels dêr wie er net wis fan. Miskien wie it kleare lichaamlike oantrekkingskrêft, hoewol't him dat frjemd oer kaam. Der wiene jûnen by dat der foar it poadium gâns moaiere froulju stiene. En dêr fielde er neat by. Dus wat wie it dan? In geastlik oerienkommen, in twillingsiel faaks, dêr't er Elizabeth wol ris oer heard hie? Mar dat wie sweverich gelul, mearkes foar frustrearre folwoeksenen dy't tiid en jild tefolle hiene; har op djoere kursussen in ear oannaaie en in poat útlûke lieten.
Gerda hie him oanret om nei in dokter ta te gean. Hy iet ek net goed, miskien hie er wol in maachswolm, hie se oppere. Hedzer sei dat er dêr oer neitinke soe. En dat hie er dien, op in jûne, doe't er net fuort hoegde te spyljen, en Gerda mei in freondinne yn 'e squashseal omhuppele. Op 'e klanken fan Satie en ûnder de woldiedige ynfloed fan goeie deeglike Nederwiit wie er ta de konklúzje kaam dat it sa net fierder koe. Hy moast in stap sette om dit dilemma út 'e wei te helpen. Dêrta moast er noch in kear mei Isis prate, foar't se inoar wer mei de dichtersrûnte treffe soene. Utfine wat se werklik fan him fûn, wat se werklik foar him fielde. Mar wêr moast er begjinne? Hy hie gjin adres, gjin tillefoannûmer, neat. Frjemdernôch hie nimmen fan harren doe by Hans der oan tocht om har húsadres te freegjen, sadat se har eventueel wat tastjoere koene. Stom. Mar it meast foar de hân lizzende wie dus om by Hans te begjinnen. By einbeslút hie dy har yntrodusearre. Ja, sa moast it. Moarn soe er Hans belje en om har adres freegje.
Hy sakke tefreden yn 'e kessens en boude noch in joint.
Hans koe him net oan it adres fan Isis helpe, sei er oer de tillefoan.
‘Mar do hast har yn ús rûnte helle,’ sei Hedzer. ‘Dat ûntken ik net. Mar ik kin dy har wenadres net jaan. Ik ha it dy jûn fergetten te sizzen, mar as jimme materiaal foar har hawwe, dan kinne jim dat gewoan nei my tastjoere. Dan soargje ik dat it teplak komt.’
‘Dus do witst wol wêr't se omhúsmannet.’
‘Hedzer, do moast it my mar net kwea ôf nimme, mar mear kin ik der net oer sizze. Ik haw der myn reden foar.’
Klik. Hedzer seach nei de hoarn as wie it in glêzen bol dêr't ferhelderjende bylden yn oprize soene. Hjir hie er net op rekkene. De mage kromp him yninoar. Hy moast har sjen. Sa maklik soe Hans der net foar weikomme. Hy smiet de hoarn op it tastel, pakte syn jaske en de autokaâien. Even letter belle er by Hans oan 'e doar. Dy loek fernuvere oan de wynbrauwen, mar hy noege him deryn.
‘Gean mar nei de keamer,’ sei er, ‘dan kom ik daliks by dy. Ik haw in kliïnt dêr't ik hast klear mei bin. In pear minuten.’
Yn 'e keamer wie it deastil. Hedzer hie hjir noch noait allinnich west. It wie in klassyk ynrjochte rûmte, krekt sa't je dat by in man fan syn profesje ferwachtsje soene. Deeglik meubilêr, gjin design, wol kwaliteit. In boekekast dy't ien lewant yn beslach naam. De oare twa muorren behongen mei reproduksjes fan Matisse, Chagall en Renoir. Der hong in skilderij fan syn frou, Annetje. It wie in abstrakt lânskip, en neffens Hedzer doekfergriemerij. De list fûn er wol moai. Fierders droech de romte gjin spoaren fan froulike bewenning; de hiele keamer wie inte op 'e ynteresses fan Hans. Achter- | |
| |
yn, in bytsje fuortmoffele tsjin de skodoarren nei wer in oare rûmte, stie in kompjûter. Hedzer glimke.Dat wie gjin ynteresse fan Hans, mar in needsaaklik kwea. De man wie folslein a-technysk, wie net by steat om in bout fan in moer te ûnderskieden. De oan- en útknop op 'e pc koe er lykwols fine, en dat wie al hiel wat. Hedzer rûn der op ta en seach dat er oan stie: der skode in astronaut oer it byldskerm. Hy tikke tsjin de mus en de screensaver sprong fuort; liet in tekstferwurkingsprogramma sjen. Ynienen skeat him wat yn 't sin. Soe Hans der gjin database op neihâlde, in kaartebak fan freonen, famylje, kliïnten? Sünder der fierder oer nei te tinken gie er oan de slach. Yn sân hasten sleat er Word ôf en socht Access op. Earne yn it hûs hearde er in doar tichtslaan. Hy besocht kalm te bliuwen en tikke de Coninck yn. Fuotstappen yn 'e gong. Ja ferdomd, dêr hie er it te pakken! Syn eagen flitsten oer it skerm, yn in besykjen de feiten yn 'e harsens te baarnen.
Hy hold in keunstich snien boeddha-byldsje yn 'e hannen doe't Hans de keamer yn kaam. ‘Unthechting,’ sei dy, wylst er nei it byldsje wiisde, ‘is eat om nei te stribjen. De yllúzje fan it deistich libben trochsjen. Loslitte. En tagelyk witte dat soks it dreechste is wat der bestiet. Hawar. Wat is 't boadskip?’
Hedzer sette de boedda wer op 'e planke.
‘It boadskip is dat ik dyn reáksje oer de tillefoan koart om 'e hoeke fûn. Ik begryp ek net wêrom ofst der sa geheimsinnich oer dochst. Ik freegje oars neat as it adres, of byneed it tillefoannûmer fan ús nije skriuwster. That's all.’ Hans knikte. Stiek de hannen yn 'e bûse. Seach nei de snute fan 'e skuon.
‘It punt is,’ sei er, ‘dat ik mysels yn in slim dreech parket pleatst ha. Ik kin én ik mei neat oer Isis weijaan om't hja in kliïnt fan my is.
Wie, moat ik eins sizze, want de sessy's binne ûnderwylst ôfrûn. It hat in hiele stomme set fan my west om har yn ús rûnte te beheljen, want ik hie op 'e fingers wol neitelle kind dat der fragen komme soene. Mar ik fûn har poëzij sa goed, dat ik tocht: dy moat mei ús meidraaie. En sels stie se der ek hiel iepen foar. Dêrmei haw ik regel ien fan ús etyk oertrêde: noait beropsmjittige mei priveerelaasjes minge. Op dit punt bin ik in eedbrekker.’
Hedzer gie sitten en liet de bekentenis fan Hans yn him omgean. Soks betsjutte dat se swierrichheden hie. Mar goed, dat wie syn saak net. It feroare neat oan syn fassinaasje foar har. It makke har noch nijsgjirriger, noch frjemder as se al wie. Hy hâlde gewoan fêst oan syn eardere foarnimmen.
‘Begrypst no wêrom't ik dy neat fertelle kin?’ sei Hans. ‘Ik bin eins al fierstente fier gien. Do moatst my tasizze dat wat wy hjir besprutsen hawwe binnen dizze muorren bliuwt.’
Hedzer knikte dat er der mei ynstimde.
‘Goed. Dan sil ik der foar soargje dat se sa fluch mooglik in postbusnûmer krijt, om ferfelende sitewaasjes as dizze tenei foar te kommen. Miskien dat de skea dan noch tafalt.’
Hy gie sitten, sloech de skonken oer inoar en seach Hedzer hifkjend oan.
‘Mar mei ik dy freegje wêrom ofsto dit sa'n lading joust? Do fûnst myn reaksje koart om 'e hoeke, mar earlik sein fyn ik it wol wat nuver datst der dan spesjaal foar by my komst; my steurst wylst ik konsult jou. Wat is de grutte driuw? Wêrom bist sa hastich?’
‘Ik haw in nij fers skreaun dat ik har ta har wol. Net allinne har, jim ek fansels. Miskien hast wol gelyk dat it wat ferheftich oerkomt. Ik bin ek wat nitelich de lêste tiden. In pear kear let thús, wat tefolle rookt en dronken. Net goed foar 't sin. No ja, ik wit genôch. It spyt my foar de oerlêst. Dan wachtsje ik har postbusnûmer wol even ôf.’
Hy gie oerein en sette op de doar ta.
| |
| |
‘Do makkest my nijsgjirrich nei dat nije gedicht fan dy,’ sei Hans. ‘It moat grif bysûnder wêze datst der sa'n drokte fan makkest.’
Doe't Hedzer de strjitte útried, ferflokte er himsels om't er no wol eat skriuwe moast. Hy seach yn 'e achterútsjochspegel dat Hans as in stânbyld him neiseach.
Hy besocht om syn tinzen op in rychje te setten. Mar elke kear wie it as stapte er mei leaden learzen yn driuwsân. Hy bleau inkeld stykjen yn de kliber fan: ik moat har sjen. Wat er ferwachtsje moast as er har opsykje soe wist er net. Yn alle gefallen ferlossing, dwêsten fan de ûnrêst. Twa dagen hie er der noch mei ompakt. Earst hie er hast eufoarysk west om har adres. Mar ienris thús twifele er. Wat sette er op 't spul? Wat beweegde him eins? De drege rin fan syn tinzen seach er no werom yn it tal kladsjes en proppen papier dy't op en ûnder de tafel leine. It wiene oansetten ta it skriuwen fan in fers dêr't syn gemoedstastân yn ta utering komme moast. Risseltaat kut.
Yn 'e stêd koe er amper de auto kwytreitsje. Rûnom wiene de strjitten iepenbrutsen. Echt in sykte fan dizze tiid, tocht Hedzer, doe't er in parkearkaartsje achter it foarrút lei. As hjoeddeisk stedsbestjoer moasten jo jins stêd op 'e kaart sette, wat meastentiids in eufemistyske omskriuwing wie foar it fergromjen fan it karakter, ten geunste fan it ekonomysk belang. Foar him betsjutte it op dit stuit in hiel ein bonkeljen troch stegen en achterôfstrjitsjes. Dochs bedarre er earder by it âlde keapmanshûs as er tocht hie. Der wie net in protte folk op 'e lappen. Hy stiek de strjitte oer en kipe wat slûchslim op 'e nammebuordsjes om. Nûmer 28 A moast er hawwe, it sûterrên sa't bliken die. Der stie lykwols gjin namme by. Hy wist dat er goed siet om't er har belle hie. It adres hie er yn de cd-foangids tikke en dêr wie keurich in tillefoannûmer út rûgele. Krekt foar't er ôfstiek hie er belle. It lûd fan har stim swarme him noch yn 'e earskulp om. Sûnder wat te sizzen hie er oplein.
De trep nei ûnderen wie fan beton en telde seis treden. Wêrom't er op sokke dingen acht sloech wist er net. Nei alle gedachten om himsels ôf te lieden. Of sa. Wat er ek altiten die wie tinke oan sifers en getallen. It hûsnûmer wie 28, dat waard acht plus twa is tsien; ien plus nul is ien. Ien hie in geunstige klank. Hy woe him wol mei in ien yn litte. Elizabeth wist fan dizze gewoante en hie him wat boeken jûn oer kabbalistyk en numerology. Om har net hielendal foar de noas te stompen hie er der al wat yn omblêde, mar wat dêr yn úthâlden waard stie fier fan him of. Foar him wie it mear in spul, in aardichheid; neat om serieus konsekwinsjes oan te ferbinen.
Hy belle oan.
In gerdyn waard fuortskood en de doar swaaide iepen.
‘Hedzer,’ sei se. In fêststelling. ‘Kom.’
Hy stapte in oare wrâld yn. De earste yndruk wie ien fan koelte. Sawol de muorren as it plafond wiene blau, lapis-lazuli blau. De kleur like te bewegen troch it grutte tal kandlers dy't rûnom stiene te baarnen. Lange blauwe kearsen. Yn 'e hoeken fan 'e keamer hongen sierlik drapearre stikken stof. Fan in ljochtere kleur, mar likegoed blau. Wat dêrnei yn 't each sprong wiene de religieuze en semy-religieuze ôfbyldings fan martlers en hilligen. Mei de spesifike geur fan wiereek wie it as kaam er yn in timpel telâne. Nei't er him wat ûnhandich op in sitsek deljûn hie, foel der in stilte. De stedslûden klonken domp, as fan kilometers fier.
‘Wat zoek je?’ frege Isis. Hja hie har op in oare sitsek deljûn.
Hedzer betocht him net.
‘Dy,’ sei er.
| |
| |
‘Je hebt me gevonden,’ sei se. Har katte-eagen lieken te gluorkjen yn it skimerdonker.
‘Ik sil iepen kaart mei dy spylje. Nei'sto dy jûnes by my op besite west hast, haw ik dy net mear út 'e kop krije kinnen. Sûnt bin ik mei mysels oan. Myn spyljen hat der ûnder te lijen, myn relaasje mei Gerda ek. Ik sit yn in ympasse. Om dêr út te kommen moast ik dy wer sjen. Fral omdatst doe sa hastich fuort gien bist.’ Isis wachte. Sei: ‘En nu?’
‘En no? ferdomme, ik wit it net...Wy moatte prate, tink ik.’
Hy kaam oerein. Knibbele foar har del. Op 'e nij dy swietrook yn 'e noas. It byld fan Pavlov's hûn skeat troch him hinne doe't er suver ynstinktyf foaroer bûgde. En wer dy smelle hân op 't boarst fielde.
‘Hjir wurd ik dus sljocht fan,’ sei er sêft. ‘Ik wit net wêr't ik oan ta bin. Sis it my. As ik opkroadzje moat, kroadzj' ik op. Ast wolst dat ik bliuw, dan bliuw ik. Stommegraach. Want ik langje nei dy.’
Hy hearde himsels de wurden sizzen en koe der wol fan spuie. Wearze en opwining hâlden inoar yn lykwicht.
‘Kom,’ sei se. Hja gie oerein en rûn sûnder om te sjen nei achteren ta. Hy folge har. Yn in smel kezyn hong in kleed. Dit tearde se fansiden. Dêrefter wie har sliepkeamer. Dizze romte wie folslein swart. Hedzer seach dat net earder as mei't Isis ek hjir kearsen oan stiek. It wie in lyts keammerke; sûnder ruten. It bêd dat der stie paste skraachoan tusken de muorren. Oan wjerssiden wie in smel rinpaad, krekt genôch om by it bêd lâns te kommen. Oan 'e linkerkant stie noch in soartemint ladekast. Fierders neat. Isis draaide har nei him ta.
‘Dus je verlangt naar me,’ sei se. Har stim klonk justjes oars, foege him nei de kleur fan 'e keamer. Hedzer knikte. De deistige beslommerings lieken ynienen ûnwerklik. Wêzentlik wie de frjemde atmosfear, de spanning yn syn liif, it riedseleftige skepsel tsjinoer him.
‘Kleed je uit,’ sei se. It klonk as in befel en dat wie it ek. Even hie er oanstriid om te wegerjen. Hy hâlde der net fan om oarders te krijen. Mar tagelyk fielde er dat er ûnder stroom stie, dat in bûtenwenstige geilens him troch de lea sloech. Doe't er him útklaaid hie waard him hjitten om op 't bêd lizzen te gean. Isis rûn nei de kast en kriich fjouwer repen swarte stof út it boppeste laad.
‘Wat sil dit?’ frege Hedzer, dy't sitten gie.
‘Vertrouw me.’ sei Isis. ‘Ga liggen.’
Mei tûzen fragen en langsten gie er lizzen. Op in wize dy't betûftens ferriede begûn se him de hannen en de fuotten oan de fjouwer roeden fan it bêd fêst te binen. Frjemdernôch makke de machteleazens him net ûngerêst. Wat him sels fernuvere, om't er oars net sa fluch de kontrôle út hannen joech. Mar no't er him ienkear oerjûn hie, koe it him ek neat mear skele. Hy wie dêr't er wêze woe, en winliken rekke er yn in rûs fan de sitewaasje.
Sûnder eat te sizzen rûn Isis, doe't se klear wie, nei it fuottenein fan it bêd en begûn har út te klaaien. De azem stike Hedzer yn 'e kiel. Se hie stevige boarsten dy't hast te grut lieken foar har himpene stal. Har prûm wie keal skeard. Yn it sunige ljocht fan de kearsen like it krekt as in folwoeksene frou har út it lichem fan in famke wraksele.
Ut in slachfjild.
Earst nei in pear tellen krong it ta Hedzer troch dat se fan groeden oerdutsen wie. Grutte. Lytse. Brede en smelle. Fjurrige en donker ferkleurde. Hy seach se op har liif; op 'e rêch en op har skonken. In âlde plattegrûn fan pine. Hy wie ferbjustere. Mar de opwining bleau.
Ut in oar laad krige Isis in lateks slipke en in masker. Yn dy folchoarder strûpte se it oan. It guod glom yn it kearsljocht. Fan har gesicht
| |
| |
seach er no allinnich de eagen, de mûle en de noas.
‘Ik zie dat je nog steeds naar me verlangt,’ sei se. Hja kriich in kears út ien fan de hâlders oan 'e muorre en knibbele njonken Hedzer op it bêd.
‘Branden van verlangen is zo'n cliché. Toch hebben cliché's de neiging om waar te zijn, vind je ook niet?’
‘Do hast prachtige eagen. En in moai lichem.’ De earste gleone drip waaks foel him op it boarst.
‘Dank je. Je bent heel beleefd.’
‘Ik mien it. Do kinst sjen dat ik it mien.’
In twadde en tredde drip foelen krekt under de ribbekast.
‘Ik merk dat je hard bent. Heel hard. Dat vind ik opwindend. En lief. En toch ook brutaal. Ik ben een vreemde voor jou. Je kent me niet.’
‘Ik wol dy kennen leare.’
‘Iemand leren kennen kan pijn met zich mee brengen.’
Der foelen in pear drippen waaks op syn liif.
‘Miskien is dat wol ûnûntkomber.’
‘Je praat er gemakkelijk over. Weet je waar je het over hebt?’
No hâlde se de kears oer syn kul. Unwillekeurich begûn er flugger te sykheljen. Boppe de nút liet se him kantelje, as yn slow-motion. De foarhûd wie heal werom lutsen, en krekt op dat partsje hûd liet se in drip falle. Hedzer rydboske. It die him sear, mar tagelyk moast er him konsintrearje om net klear te kommen. Isis glide fan 't bêd ôf, sette de kears wer teplak en kaam werom mei in skearmeshâlder. Mei de linkerhân kriich se him by de kul en begûn him sêft ôf te lûken.
‘Meitsje my los,’ sei er heas. ‘Ik wol dy fiele, dyn hert klopjen hearre.’
Isis stoppe, bûgde de kul wat nei har ta en begun him mei de rjochterhân te skearen. Yn in refleks krûme er de rêch en biet op 'e tosken. Hy wie net by steat om helder nei te tinken, mar syn ûnderbewuste liet him net fersette tsjin de dingen dy't se die.
Al it hier ferdwûn. No wie er like keal as har fan ûnderen. Mei de lippen foarme ta in lytse o blies se de lêste hierkes fuort. It meske helle se út de hâlder en lei it njonken Hedzer op 't bêd. Yn ien floeiende beweging sloech se de skonken oer him hinne en liet syn kul troch in iepening yn har slipke by har nei binnen gliidzje. Nochris frege er har om him los te meitsjen. Se skodholle.
‘Ik bepaal wat er gebeurt,’ sei se. ‘Je voelt me nu. Dit is genoeg.’
Tergjend stadich begûn se op en del te gean. Hedzer die de eagen ticht, liet him folslein meifiere. Alle kearen as se del kaam roste se oer it plak dêr't er keal wie. Hy fielde it skrinen, mar ûndergie it as in needsaak. Harren geslachtsdielen wiene it brânpunt dêr't alles om draaide; it koe allegearre fierders neat mear skele. Doe't er klear kaam wie de kramp sa ferheftich, dat er net fernaam hoe't Isis it skearmeske yn syn boarst sette en him yn 't fleis kerve.
Doe't it dien wie wie er hielendal fan 't sintrum. De lea die him sear en hy stie te triljen op 'e fuotten. Hy wist net wat er dwaan moast, woe har oankrûpe, mar hja hie him ôfward.
Wol hie se him wat te drinken oanbean. Wylst se it fruchtesop yn 'e glêzen geat, hie er oer har skeinde lea begjinne wollen, oer it tramtearjen. Mar hy koe it net, doarde it net. Hy hie it gefoel dat it ûnbesprutsen bliuwe moast; dat er oars wat ferniele soe tusken harren wat no noch te brekber wie. Dus hie er swijend dronken, wylst de sneed him yn it boarst baarnde en er him hieltyd mear fielde as in fisk dy't fan 'e heak helle wie en werom goaid yn it wetter. Sûnder dat er útmeitsje koe oft er der bliid om wêze moast of net.
| |
| |
By it fuortgean hiene se inoar in hân jûn. Hy hie net besocht om har in tút te jaan. Hja hiene ek neat ôfpraat, oars neat sein as dach en oant sjen. As in somby wie er nei de auto ta rûn. Under it riden wei fernaam er dat se him troch de hiele lea siet.
Hedzer hie it idee as wie it wol in jier lyn dat se byïnoar west wiene. It wie op 'e kop ôf in heal jier, mar der wie in soad feroare yn 'e tuskentiid. Lykas it feit dat Gerda by him wei wie. Har erch wie slim oanwakkere, dy earste pear dagen nei't er by Isis west hie. Njonken syn swijsumens it stikeme omklaaien, it net tegearre dûsen, gjin frijerij. Hja hie him frege hoe't er oan 'e bloedplakken yn syn t-shirts kaam. Doe hie er in ferhaal ophongen oer in oansketten puber dy't him mei in stikken bierglês fike hie, earne yn in feesttinte, nei in optreden. Noch koe er har eachopslach fiele, de klearens, de kjeld wêrmei't se him útslachte oant op it bonkerak fan it liichbeest dat er wie. Yn har eagen hie er syn eigen goare wierheid sjoen. It wie syn earste en syn lêste leagen. Sûnder de fine puntsjes fuort te jaan hie er har sein hoe't it siet. Dat er kunde oan in oar hie, dat it him folslein yn 'e besnijïng hie. As er fan it frommiske hâlde, hie se frege. It antwurd wie er skuldich bleaun. Dochs hie Gerda deselde jûnes har klean byïnoar socht en wie fuortgien. Hy hie har net tsjinhâlden, ek net doe't se trije dagen letter de rest fan har guod ophelle. En hoe teskuord er him de earste wiken ek fielde, dreame die er fan Isis.
No wie er behoarlik senuweftich. Sûnt dy middeis hie er har net wer opsocht, dat fan 'e jûnes soene se inoar foar it earst wer sjen. Isis hie ek neat fan har hearre litten. De kearen dat er yn bestân stien hie om har te beljen wiene machtich. Mar alle kearen wie er der foar tebek skrille. Der wie wat dat him tsjin hâlde. Eangst. Eangst om har te deun op 'e hûd te kommen, letterlik en figuerlik. der moast ôfstân bliuwe. Eangst faaks ek om wat der barre soe as er har wol moete. Nettsjinsteande de kalmte dy't er har oan de oerflakte sjen litten hie, wie er dochs kjel wurden fan de sado-seks. En fan it feit dat er der op 'en djipsten fan genoaten hie. Elkenien wie der no, útsein Isis. Arnold blêde yn guon papieren om, wylst Elizabeth al oan 'e sherry siet. Dat fernuvere Hedzer, om't it wenst wie dat se mei kofje, of, yn Elizabeth har gefal, krûdetee út ein setten. Hans wie nei it húske, mar kaam krekt de keamer yn. Hy seach der suterich út. De eagen leine him djip yn 'e kassen, de wangen wiene him ynfallen. Koest sjen dat er âld waard. Hy kochele, keurich achter de hân, en riste him ta om eat te sizzen. Hedzer fielde hoe't syn fingers yn 'e beklaaiïng fan 'e bank grypten, as wiene it ynsekten dy't los fan him harren eigen gong giene.
‘Minsken,’ sei Hans, ‘foar 't wy begjinne haw ik in meidieling.’ Hy wie even stil, roste mei de trui tusken tomm' en wiisfinger oer it boarst. ‘It muoit my dat ik it sizze moat, mar Isis komt net. Fjirtjin dagen lyn haw ik in briefke fan har hân. Dêryn skreau se dat se werom moast nei België. Ut har toan te fernimmen wie it in hommelse beslút, mar wol wat dêr't se net foar wei koe. Hoe en wat wit ik fierders net, tekst en útlis hat se net jûn. Is se ek net ferplichte fansels. Wol moast ik jimme fan har groetsje en súkses tawinskje mei de skriuwerij. It kaam my oer 't mad, dat wol 'k wol earlik tajaan.’
Hy gie sitten en loek oan 'e skouders. Der spriek in beskate machteleazens út syn hâlding, dy't net oerien liek te kommen mei de ynhâld fan it boadskip dat er brocht. Arnold wie de earste dy't de mûle iepen die.
‘Skreau se ek wêr't se hinne ferhuze is?’
Hans skodholle.
‘Nee. Hiel spitich. Oars hiene wy faaks fia de
| |
| |
post noch in útwikseling fan wurk hawwe kinnen. Mar ik bin bang dat dit in klassyk gefal fan stil weiwurden is.’
Hedzer woe net nei syn earmen sjen. Hy die it dochs. Allegearre pikefel. Lytse heuveltsjes mei teisterkes op 'e top. It wie in teken dat er neitinke moast. Mar dat woe net. De kop siet him fol ynswarte oalje dêr't de tinzen as helpleaze fûgels yn stykjen bleaune. Likegoed waard er noch wol de ferbjustering fan de oaren gewaar. Arnold dy't him mei in ferheard gesicht ôfwêzich oer 't boarst siet te wriuwen; de grutte eagen fan Elizabeth, it ûnleauwe dat as in wasem fan har ôfsloech. Hans, dy't der útseach as sliepte er alle nachten ûnder in brêge mei in flesse drank yn 'e hân. Hedzer eage it selskip oer en wist. Mei in ferpletterjende wissichheid. It hertstochtlike fers dat Hans him koartlyn tastjoerd hie. De frije foarm dy't Arnold op twa fan 'e trije gedichten los litten hie. Elizabeth har kwolme fers oer Sappho. Hedzer fielde him ynienen beroerd. De wûne op it boarst jûke him ûnhuerich. Hy hie ferlet fan frisse lucht, fan rûmte; moast de oalje sjen te loazen.
As yn in dream riisde er oerein. Hy hie oanstriid om in nuver, heech lûd te meitsjen. Mar der kaam neat. Sa stie er oer de flier: as in toudûnser, wifkjend, balânsearjend. Doe rûn er de keamer út.
Thús wie it stil en leech. Hedzer stoarre foar him út. It wie droech waar. Fris. De beammen yn 'e achtertún sieten al wer tsjok yn 't blêd. As polzen mei oprôle fûsten stiene se yn 'e skimerjûn. Hy strûpte syn spikerjek oan en gie nei 't hok. Under in ald, stoffich kleed stie in barbecue. Hy smiet it kleed oan 'e kant en naam it ding mei nei de tûn. Hy fandele wat hout byinoar en stiek it mei in skoat spiritus yn 'e brân. Doe't it aardich lôge gie er it hûs yn en kaam werom mei de Larrivée, in krat bier, en in map dêr't al syn gedichten yn sieten. Hy krige in ferware túnstoel en gie njonken it fjoer sitten. Even blêde er troch de fersen. Lei se doe ien by ien yn de flammen. Doe't ek it lêste fers ta jiske keard wie sette er in fleske oan 'e mûle en dronk it yn ien kear leech.
|
|