Trotwaer. Jaargang 33(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 51] [p. 51] Sipke Jansma Ofskie no raast in dwerse weareld troch myn kleuren op 't palet ik stil myn honger yn de griene rein der't de reinbôge de ierde rekket dêr wol ik hinne sûnder dat it sear docht sil ik sizze Michaël wês mei mij, no en yn de oere fan myn dea de groetnis oan de wesp, dy't mij stuts de groetnis oan de minsken, dy't mij sloegen oer de glêzen see tichtebij de wâl sil ik myn hân opstekke myn bonkjend hert sil rêstich wêze no is it noch fol lead moarn sil ik tûzen hynders menne foar Gods figelante no noch is myn hert fol lead myn hannen fiele as fan stien myn kleuren twifelje it doek skoddet op de ezel troch alles hinne skilderje ik sinne myn wolken, lamkes, blommen yn kleuren bin ik kaam yn kleuren reitsje ik wei Vorige Volgende