In memoriam Rink van der Velde (1932-2001)
Piter Terpstra
De op 17 febrewaris 2001 ferstoarne skriuwer Rink van der Velde hat de fertsjinste dat hy mei romans dy't foar in grut part fan literêre betsjutting binne in breed publyk berikt hat. Dat is yn de Fryske literatuer in seldsumheid.
Men soe it ek sizze kinne fan Ulbe van Houten en De sûnde fan Haitze Holwerda, mar dy hat mar ien roman skreaun. De produktive Reinder Brolsma, dy't mei guon fan syn romans en ferhalen soarge foar hichtepunten fan it Fryske proaza fan syn tiid, koe ‘de gewoane man’ ynkringend en faak ek mei ynleine humor útbyldzje, mar helle lang net de oplagen fan Rink van der Velde. Dêr moat wol by sein wurde dat er foar de oarloch skreau, doe't de belangstelling foar Fryske boeken lytser wie as tsjintwurdich.
Nei de oarloch hie Fryslân mei Paulus Akkerman, Watse Cuperus en Hoatse de Jong noch wol in tal populêre, folksaardige skriuwers, mar literêr wienen dy net fan folle betsjutting. Abe Brouwer kaam dêr - benammen troch syn dryste kar fan ûnderwerpen - krekt boppe-út. Syn maklik lêsbere romans soenen hege oplagen helje. Hy waard faak - net altyd like ridlik - de grûn yn boarre. (Foaral Anne Wadman koe der wat mei, hoewol't dy letter syn fertelkeunst wol wurdearre en op 't lêst sels ta de konklúzje kaam dat Brouwer miskien wol in wichtige skriuwer wurde kinnen hie as er opgroeid wie yn in yntellektueel, artistyk en benammen kritysk miljeu.)
It meielkoar fergelykjen fan Brouwer en Van der Velde soe in soad tiid freegje. Mar der is in koartere wei. Fan beide sa suksesfolle skriuwers is in boek ferfilme: De gouden swipe en De fûke. Yn beide gefallen kin net sein wurde dat de film gjin rjocht docht oan it boek. Yn De gouden swipe fynt men de grutte fantasy fan Brouwer werom: in konflikt tusken heit en soan (nei Fryske tradysje dus tusken in grutske boer en syn opfolger, dy't in arbeidersdochter trouwe wol) dat op de hurddraversbaan útfochten wurdt en nei in happy end liedt. Spannend, mar ûnmooglik en sûnder ferdjipping: in ‘trienneluker’ dy't de massa oansprekt. Yn de film De fûke, as oarlochsferhaal ek net sûnder aventoer, krije de figueren fan de heit en de soan, hast like sterk as yn it boek, op sober wize ynhâld. - Tsjinoer it oproppen fan grutte effekten by de iene stiet de ferdjipping by de oare.
Men koe net ferwachtsje dat alle romans fan Rink van der Velde de kwaliteit fan Defüke ha soenen en likemin dat se de populariteit fan Foroaring fan lucht beneikomme soenen. Rink hie syn namme as skriuwer al sa gau fêstige dat er blykber gjin ferlet hie fan fierder literêr aventoer. Dochs is it net sa dat al syn boeken yn de betroude krite en ûnder itselde folk, de Walden en de Wâldsjers, spylje. De sydsprongen leverje lykwols net de bêste resultaten op. Geiten, Griken en gekken is noch in oannimlike reportaazje fan in transport nei Grikelân ta, Rjochtdei waard in wat al te maklik yn Tsjecho-Slowakije situearre ferhaal, wylst it yn Israël spyljende Chamsyn fierste betiid skreaun is (doe't er it lân noch net goed kennen leard hie). Folle better en goed dokumintearre is wol De histoarje fan kammeraat Hollanski oer in Fries dy't yn 1941 nei Ruslân ta giet en dêr yn frjemde kriichtsjinst bedarret.
By alle fariaasje bliuwt Van der Velde yn it foarste plak de skriuwer fan syn eigen libbens-