G.N. Visser (90)
In mannich opmerkings oangeande Eric Hoekstra ‘De poëzy fan Garmant Nico Visser’ yn Trotwaer, desimber 2000:
1. | Yn de titel stiet efter de namme Visser tusken heakjes it sifer 80. As dit it tal jierren fan de dichter oantsjut moat dat fansels 90 wêze. |
2. | De namme Fan Wering yn de ynlieding heart in h efter te stean. |
3. | Mei ‘klassik’, ek yn de ynlieding, sil ‘klassyk’ miend wurde. |
4. | It wurd ‘winding’ op side 457 is in nuvere krusing fan Hollânsk en sabeare-Frysk. As fakwurd by Fryske poëzy wurdt ornaris it wurd ‘kear’ brûkt. |
5. | Ien fan de nammen ûnder de foto op side 459 moat wêze: Durk J. Heddema (net: Heedma). |
6. | De opmerking: ‘Ik hie tocht dat Visser wol út echte “Nordyske” talen.... oersette soe’ (s. 461) is fansels ûnsin as men wit, dat Visser studearre hat en drs. is yn de Ibearyske talen, mei as haadfak Portugeesk. Yn benammen de Braziliaanske poëzy sil er ek grif mear fan syn gading, yn syn geast, fûn hawwe as yn de Skandinavyske, boppedat talen dy't er net behearsket. |
M.S.