Meiwurkers
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei, yn febrewaarje 2000 syn trêde, It aai fan Siderius, in ynspekteur Hofstra mystearje.
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jout lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it 0-nivo ôf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. Yn septimber ferskynde fan har Oxzana, ferhaal fan in flechtinge.
Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it flmd; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêr-histoaryske stikken.
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige wurksum by de Fryske Akademy. Hy hâldt him ûnder mear dwaande mei de fraach hoe en wêrom taalbelied ta stân komt.
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media.
Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert, is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de kffb útjûn wurde. Hat frijwat non-fiction skreaun (oer Frysk toaniel, korpsmuzyk, skûtsjes en regionale skiednis) en kabaret (foar Ratattette en It Wâld).
Goffe Jensma (1956) wurket by de Fakulteit fan de Godgeleardheid en Godstjinstwittenskip fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy publisearre op kultuerhistoarysk en universiteitshistoaryks mêd.
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, koartlyn oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternetútjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer.
Henk van der Meulen (1925) wie sjefredakteur en resinsint fan de Ljouwerter Krante. Skreau û.o. in monografy oer de keunstskilder Jerre Hakse en wie ko-auteur fan Leeuwarden, beeld van een stad.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Bertus Mulder (1949) is sosjaal-demokraat, wie dosint sosjale skiednis en is deputearre foar kultuer fan de Provinsje Fryslân.
Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk, Frysk en wiisbegearte, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante. Koartlyn ferskynde De brulloft fan Valentijn, syn twadde ferhalebondel.
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichtbondels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij, In útjouwerij fan QuizeQUânsje (1995).
Piter Yedema (1941) prate thús gjin Frysk mar Stedsk. Wie fan berop gemysk analist en learaar natuerkunde. Hâldt him dwaande mei poëzy, fertalen, resinsje- en stikjeskriuwen en mei skilderjen.
(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens)