Trioel
Reaksje op ‘De kreaasje fan de oersetter’
De Fryske Boekeklub kffb hat de memoires fan Elie Wiesel útjûn (oant no ta twa dielen) yn in oersetting fan Jacobus Knol. Yn it oktobernûmer besprekt Alida van der Meulen dy oersetting. Alderearst wurdt de oersetting priizge, om't dy tige lêsber is: ‘Hie ik allinne it Frysk lêzen dan soe ik it boek foldien tichtslein hawwe en hie 'k mei spanning nei de twa folgjende dielen útsjoen.’ Dêrnei wurdt de oersetting út it Frânsk op 'e souwe lein en dy kin der neffens de ‘skoaljuffer’ Van der Meulen net op troch. It reade poatlead komt derby en der is neffens har fan alles mis mei de oersetting.
Wy binne fan miening dat der nêst de letterlike oersetting ek in mear hjoeddeiske wize fan oersetten is, nammentlik de dynamysk-ekwivalinte. Knol hinget dy kant mear oer, tinkt us. Dêr is neat mis mei, as de bedoeling fan it orizjineel mar goed werjûn wurdt.
Itselde docht him foar mei de Fryske Bibel. De Nije Fryske Bibel Oersetting fan 1978 sjocht der hiel oars út as dy fan Wumkes en Folkertsma (1943) en beide gongen se út fan deselde grûntekst. De iene bleau sa letterlik mooglik by de tekst (‘Doe tilde Jakob de fuotten op en gyng nei...’ (Genesis 29:1)), de oare fertaalde wat ‘frijer’ (‘Doe sette Jakob de stap deryn en gong nei...’), mar beide bleauwen se trou oan it orizjineel. Prof. W. Buma silger e.o. hawwe mei harren oersetting fan De fjouwer evangeeljes sjen litte wollen dat der ek noch in middenwei is.
In fergeliking fan de Frânske tekst fan Elie Wiesel mei de Ingelske, Dútske en Fryske oersetting lit sjen dat de oersetters no ris dizze en dan de oare kant oerskaaie, en dat de Fryske hiel aardich de middenwei oanhâldt.
Foar it bestjoer fan de kffb, Dick Eisma.