Biten en brokken
Jan Pieter Janzen
Omrop Fryslân út 'e koers
De nijstsjinst fan in Amerikaansk televyzjestasjon yn Chicago hat it ôfrûne jier de koers drastysk ferlein. Gjin idel fertoan fan persintatoaren en oare omballingen mear, mar it nijs as ienichste mjitstêf, sûnder oproppen, oankundigingen fan eigen programma's en oare nijsfrjemde eleminten. Je net troch de konkurrinsje ôfliede litte, mar sjoernalistyk je eigen gong gean. Dy hard-news approach hat fertuten dien: it tal harkers en sjoggers is wer tanommen.
Ynvestearje yn sjoernalistyk en dus yn minsken en net allinnich mar yn technology en management, is it boadskip út Chicago. In boadskip dat bij Omrop Fryslân noch net oankommen is. Dêr gong de radio it nije jier yn mei in útwreiding fan fiif oeren deis, ûnder it motto It hâldt net op, hjir is de omrop non-stop (alle wurkdagen fan moarns seis oant jûns alve oere; yn 't wykein moat it mei gâns minder ta en is de radio fan njoggenen oant sânen yn 'e loft).
In ferrassende koerswiziging. Want wie it de nije direkteur-haadredakteur sels net dy't yn novimber 1997, op in feestlik oanklaaid sympoasium oer ‘Regionale media, de kânsen en bedrigings’, iepenlik ôfstân naam fan it mearis-better-firus dat Omrop Fryslân ûnder syn foargonger yn 'e besnijing krigen hie? Net de kwantiteit mar de kwaliteit moast tenei foarop stean, sei Pim Gaanderse:
Ik zie regionale omroepen hun uiterste best doen om naar een avondvullend programma te werken op tv en 24 uur radio per dag te maken. Dat zij zich daarbij steeds minder onderscheiden van landelijke zendgemachtigden, steeds minder complementair zijn, lijkt er te weinig toe te doen. Op den duur zie ik daarin een bedreiging. Hoe meer uren des te kleiner de kans om uitgesproken regionaal te zijn, te kunnen zijn. [...] Daarom denk ik dat degenen die kansrijk willen zijn er goed aan doen het lef te hebben om te kiezen. Te kiezen voor de beperking. [...] Ik denk dat het fout is de programma-opzet te laten verwateren. Door slappe aftreksels te maken die steeds minder met regio of provincie te maken hebben.
Dúdlike taal, mar fansels wol folslein yn striid mei de útwreiding dy't amper trije jier letter samar trochfierd waard. ‘Voortschrijdend inzicht’? Basearre op minne harksifers en it fergriizjen fan it fêste harkerspublyk? In ultym besykjen om tweintigers en tritigers te lûken? Wêrmei? Mei muzyk fansels, ‘non-stop muzyk’, ôfwiksele mei de breanedige promo's foar it eigen produkt.
Fierders in ekstra oere ‘nijs’ of wat dêr foar trochgean moat. Foar it oare de bekende programma's, presintearre op de al like bekende en fertroude wize, dus foaral noflik en mei in heech ‘fansels’-, ‘jimme’- en ‘jo’-gehalte - wij binne ommers ien grutte harkersfamylje en moatte foaral net pleage wurde mei tefolle kwaliteit. Nee, kwantiteit, dêr sieten wij as harkers om te springen en dy ha wy per 1 jannewaarje dus krigen.
Dochs soe in behoarlike, kwalitative opfrisbeurt fan ‘it nijs’ gjin kwea kinne. LC-haadredakteur Rimmer Mulder hat dêr op datselde sympoasium oer ‘kânsen en bedrigings’ al in fraaie foarset foar jûn:
Als de Leeuwarder Courant met nieuws komt over baggerende gedeputeerden of dealende waterschappen, dan hoeven de getroffen bestuurders, om de zaak te sussen, alleen maar aan Om-