Langst nei de ferlerne sturt
Marga Claus
Yn it ramt fan it vu-temaprojekt oer keunst, leauwe en wittenskip hâlde Gert J. Peelen woansdeitejûn 6 desimber ll.yn it CHN Hotel Wyswert syn lêzing ‘Verlangen naar de verloren staart’. Peelen is ûndermear kolumnist by de Volkskrant. Oan de ein fan 'e jûn lei syn esseebondel Aan weten niet genoeg (oer de spanning tusken analyze en ferbylding) út soarte te keap.
Yn dy bondel tal fan kultuer-filosofyske beskôgingen dêr't wer in soad oan te genietsjen falt: ‘Liederlijke letteren - de literatuur als morele vrijplaats’ (wat foar Eeltsje H.), ‘De eeuwige intellectueel - het wankel evenwicht tussen verstand en emoties’ (foar wa net) en in oantal oertinkingen oer it ivige konflikt tusken leauwe en wittenskip, mei de keunst as katalysator en ferbinende faktor tusken myte en logos.
Peelen is in rêstige man en tige beskieden. Wat opfalt oan syn ferhaal, mar ek oan syn essees is de heldere trochsichtige taal en de koarte sinnen sûnder opsmuk. Peelen docht wat foar syn harkers en makket se dêrmei ta syn potinsjele lêzers. Wylst er syn ferhaal hâldt, binne der op de wite muorre achter him foto's te sjen fan de filosofen/ teologen/wittenskippers/keunstners dêr't er it oer hat, of ôfbyldingen by de streamingen dy't er neamt. As rêstpunt no en dan in gedicht dat elkenien meilêze kin. In pear kear ferskynt der in skilderij, om syn wurden te yllustrearjen of krêft by te setten. It is in ferademing, de rêst dy't der fan dy ôfwikseling útgiet.
Sà soene de stúdzjejûnen yn It Aljemint oan de Fryske Akademy der útsjen kinne. Dan wurdt it minder in kwestje fan persoanen of ‘aller ogen gericht op kwatta’, mar stiet de presentaasje ‘yn tsjinst fan’. Of sa't Peelen it sels formulearret: it giet net om my of om wat ik skreaun ha, mar it is wichtich dat minsken sicht krije op grutte lijnen en ferbannen.
Guon yn de seal falle oer de titel fan de lêzing: ‘Verlangen naar de verloren staart’, in fersrigel fan K. Michel. Dochs strykt dy ‘koppende chapeau’ perfekt mei de ynhâld en hy daget boppedat út ta mear witten. De sturt stiet symboal foar al ús fanselssprekkendheden, leit Peelen út. As in minske der efter komt dat er selsstannich neitinke kin, en dat it libben net bestiet út isolearre hjir-en-no mominten, ferliest er op it selde stuit syn sturt. Wat earst in kwestje fan iten, oerlibjen en fuortplantsjen wie, rint út op de grutte fraach: wêr giet it allegear om? Der komme in soad swierrichheden op jin ôf as dat selsbewustwêzen werklik trochbrekt. De priis is heech en de langst nei de sturt wurdt grut. Lit ús wer de oerminske wurde, dy't noch tinke mei dat de ierde plat is en de geasten us libben bestjoere. Want djipdolle oer it ‘wêrom’ (filosofy, religy), en kennis fan it ‘hoe’ (wittenskip) is allegear prachtichmoai, mar it libben wurdt der net makliker op.
Peelen pleitet foar it fielber hâlden fan de spanning tusken wittenskip en leauwe. De dialooch moat der bliuwe, wêrby't beide dissiplines elkoar respektearje en weardefolle saken fan elkoar oannimme. Ommers: wittenskip en religy komme fan deselde stam en binne ûntstien út deselde needsaak. It ‘hoe’ fan it libben en it ‘wêrom’/‘wêrta’ moatte lykwols nea folslein yn elkoar opgean, om't dan òf de wittenskip òf it leauwe de slach ferliest en der gjin korreksje fan wjerskanten mear wêze sil.
It moaiste soe wêze as in yntelligint, witten-