licht en fyn / as hier fan te ier berne lamkes / en sa sêft... / Sêft as wolken fan wol.’ (26)
Arachne ‘fertelt’ hoe't Apollo ferlyfd (‘fereale’ skriuwt Dykstra fansels) wurdt op Daphne, de dochter fan riviergod Peneius. Mannehaatster fan it boppeste buordsje Daphne wurdt troch de soan fan Jupiter achternei sitten oant se yn in laurierbeam feroaret. Kostlik hoe't Dykstra oan 'e ein fan it ferhaal in eigentiidse yntepretaasje oan it gehiel jout. Leafdesgodsje Cupido dy't Apollo útlaket en de gek oanstekt: ‘“Ik fernim it al, / omke hat de smaak fan leafde / op 'e lippen!” gichele Cupido. / “Sterkte, en oant sjen!” / En hy wjukke wer fuort / om oaren lok of ferdjer te bringen. / Yn 'e loft makke er noch al / in pirûet, in dûkflecht en in looping. / Inkeld om te narjen.’ (38)
It twadde ferhaal dat Achmed weeft giet oer de Phaëthon, de soan fan Apollo en Clymene. Hij giet nei de sinnegod (Apollo) om te freegjen oft dy werklik syn heit is. As er in winsk dwaan mei, freget er oft er in kear mei de sinnewein fleane mei, in tocht dy't de Kosmos hast wer yn Gaos feroaret. Gelokkich grypt oppergod Jupiter yn: ‘“De sinnewein oan in snotjonge jaan,” / boldere Jupiter. “Donderhale! / Koest wol plústers yn 'e kop ha! / Witst net dat de ierde hillich is? / Sjoch, sels de noard- en súdpoal / steane yn 'e brân. Dy bliksem! / Noch efkes en de himel / falt yn 'e see, de ierde is wer / woest en leech en de skieding / tusken dei en nacht wurdt wei. / Alles nei de bliksem! / Werom nei grize gaos.”’ (56)
Minerva wol mei Achmed ‘ôfweve’ troch de ferhalen oer kening Midas en it ferhaal oer Orpheus en Eurydice te fertellen. Beide ferhalen hawwe ommers as strekking dat in ierdse sterveling net yn it skaad fan in god stean kin.
De ein fan 'e myte fan Orpheus en Eurydice wurdt troch Cornix, bij wize fan eksperimint, twa kear ferteld: ‘Ik meitsje de myte fan Orpheus en Eurydice twa kear ôf. De earste kear fertel ik it ferhaal, sa't it heart. Sa't myn learmaster it my fertelde. De twadde ferzy betink ik sels.’ (.97)
Lykas yn Orfeo ed Euridice, de opera fan Christoph Willibad von Gluck dy't ôfrûne simmer op de Bombrekken bij Aldegea-W. opfierd waard, hat ek Cornix (hjir it alter-ego fan Dykstra) in hiel eigen draai oan ‘har’ ferzje fan Orpheus en Eurydice jûn. Hat it ferhaal op 'e Bombrekken noch in happy-end, yn de bewurking fan Dykstra is fan dy ‘fersoenende werynterpretaasje’ gjin sprake. Al liket it der earst wol op, mar de skriuwster fan Wolken fan wol bliuwt trou oan ien fan de motiven fan it klassike Orpheusferhaal: de dea is net foar te kommen. Hoe't Orpheus oan syn ein komt wol ik hjir net ferklappe, mar it is op in tige hilarise wize.
Troch de treflike wize wêrop't Dykstra de myten fan Ovidius yn in eigentyds jaske stutsen hat, kinne de ferhalen ek yn 'e ienentweintichste ieu wer mei. En dat is in skaaimerk fan klassikers: ferhalen dy't generaasjes lang meigeane, dy't hieltyd op 'e nij ferteld wurde, dy't op allerhanne wizen werferteld en bewurke binne sûnder oan sizzenskrêft te ferliezen.
Yn Wolken fan wol wurde de âlde myten humoristys en flitsend ferteld. It taalgebrûk is orizjineel en de toan is hiel ritmys. De ‘bewurkingen’ binne sa fanselssprekkend werjûn dat ik as oprjochte lkl'er gjin momint twifel of ik ha te krijen mei in oarspronklik klassyk wurk. Dykstra blaast mei Wolken fan wol it stoffige imago dat de klassiken ha, alteast bij it grutte publyk, beret fuort. In fantastys boek en ik sjoch no al út nei in ferfolch!