Oebele Naneur
Mei sokken sit ik oan
Ik haw my jierrenlang ynset foar in deugdlike stavering fan it Frysk, mar ik haw it opjûn. Dit âlde folk oan de smelle, mar ús sa djoere stripe oan it Noarderhêf is sa stom as in okse en fertsjinnet in stomme stavering. No sa.
Mar wat my besiele, kin ik demonstrearje oan it kopke hjirboppe. Want wat stiet dêr? It is it begjin fan 'e njoggende rigel út it sonnet ‘Poète maudit’ fan Tamme Tysker (D.A. Tamminga). De hele rigel is sa: ‘Mei sokken sit ik oan by 't bacchanael.’ It fers sil ôfkomstich wêze út 'e bondel Leksums, mar ik haw it lêzen yn Wadman syn Frieslands Dichters (s. 280), in boek dat ik kocht ha yn 1959 yn Sint Nyk, doe't wy dêr as Kristlik Fryske Jongerein oan 't boeksuteljen wienen.
Ik moat sizze dat it my fan 't begjin ôf fernuvere hat dat dy ik-figuer de sokken oan hie by 't bacchanaal. Mar ja, hy pluze ek oan in bitterkoekje, dat wêrom net? It hat desennia duorre foar't ik troch krige dat Tysker net ‘sokken’ bedoelde, mar ‘sokken’.
Tr. Riemersma