Salontafelboek mei in heech PKK-gehalte
Henk van der Meulen
Jouke van den Bout (gearst.), Architectuur in Fryslân 1940-2000. Teksten Ap Ernst, Herma Hekkema en Peter Karstkarel. Fotografy Arthur Blonk, Caroline Koolschijn en Saskia Toussaint. Foarmjouwing bw h ontwerpers (Douwe Huitema). Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2000. 144 siden. f 49,50.
Om't der noch gjin boek wie oer de moderne arsjitektuer yn Fryslân hat de Stichting De Bouw/Kunst yn 'e mande mei it 75 jier besteande Hûs en Hiem dêryn no foarsjoen mei de gearstalling fan Architektuer yn Fryslân 1940-2000.
Moast sa'n soarte fan boek der komme? Fansels wol, nettsjinsteande dat Arp Ernst en Herma Hekkema yn har essayistyske ynlieding de arsjitektuer yn it Fryslân fan de twadde helte fan de tweintichste ieu karakterisearje as ‘niet hemelbestormend’, ‘zonder veel uitschieters naar boven’ en ‘trendsettend nauwelijks, veeleer trendvolgend, maar zeker niet trendy’. En wat skriuwe Hans Achterbosch fan de Stichting De Bouw/Kunst en Ap Timmermans fan Hûs en Hiem yn har ‘Ten geleide’? Dit: ‘De vaart der volkeren lijkt aan Friesland voorbij te zijn gegaan, de dichtheid van de bebouwing is geringer, er zijn minder parels, maar ze zijn er, terwijl de kwaliteit van het gemiddelde zeker een redelijk niveau vertoont’.
Gjin ûnbidich jûchheigerop dus oer de Fryske boukeunst. Likemin kin men botte entûsjast wêze oer dizze útjefte. Jitris, fan sa'n soarte fan boek is grif wol ferlet. Mar fan dit boek?
Al is de kar fan de yn dit boek beskreaune en ôfbylde bouwurken fansels arbitrêr, de seleksje ropt wol de nedige fraachtekens op. Wat bygelyks kipet der neffens de gearstallers boppe alles út? De Nije Kromme, de Slachtemarathon-brêge oer de provinsjale dyk Ljouwert-Boalsert. Krije de oare projekten in heale of heechút in hiele side tabedield, oan De Nije Kromme binne twa folle siden taparte. Nei in wat eksaltearre beskriuwing fan Jouke van den Bout hat de mentale belutsenens en it fakmanskip fan arsjitekt Rein Hofstra in perfekte brêge oplevere, in keunstwurk yn mannichfâldige betsjutting. Mar wat makket de prestaasje fan Hofstra noch grutter? It feit dat hy foar it ûntwerp gjin honorarium frege hat, fynt Van den Hout. O ja, hoe dat sa? As je wat fergees dogge, meie je dêr dan mei de pet nei smite?
Dy kritykleaze en ûnevenredige oandacht oan De Nije Kromme (neffens my in folslein ûnnedige skeining fan it Fryske greidelânskip) sil yn alle gefallen ien man deugd dwaan: Peter Karstkarel, de inisjator fan de Slachtemaraton fan ôfrûne simmer en idolaat fan dizze brêge, dy't der mei tanksij syn krewearjen kommen is.
Je soene, as je slim erchtinkend binne, hast de yndruk krije dat Karstkarel as ghostwriter fungearre hat foar dizze lofsang op De Nije Kromme. Fral om't it ‘pkk-gehalte’ fan dit boek al sa opfallend grut is.
Karstkarel hat nammentlik wer ferskate petten, nee yn syn gefal huodden op. Sa hie er in sit yn de advisearjende stjoergroep en makke ek diel út fan de seleksjekommisje. Boppedat is