Trotwaer. Jaargang 33
(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 33]
| |
Natuer en minsken by Rink van der Velde
| |
Ferhaal en struktuerIt Guozzeroer giet oer de Akkrumer Bavius Bouma, dy't as âld man mei in kwaal oan 'e luchtwegen op 'e dea wachtet, en oer de skriuwer dy't him syn ferhaal ûntfytmannet. Bavius hat yn 'e oarloch yn Normandië arbeide. Dêr hat er syn grutte leafde, de Russyske Irina ‘mei de kante stuten’, troffen. Dochs is er op syn twadde ferlof ûnderdûkt yn 'e Deelen, dêr't him in drama ôfspile hat. It antike guozzeroer, in kanon fan in gewear, hat der in wichtige rol yn spile. Om't Bavius tsjinakselet hat de ferteller klauwen om it ferhaal boppe wetter te krijen. Dy ferteller is ferhaleskriuwer en kranteman, swarte sjek-smoker en natuerminske mei bysûndere oantinkens oan 'e Deelen - nimmen oars as Rink van der Velde sels. Om't er syn eigen persoan yn it skreaune ferhaal bringt en besteande nammen, plakken en sitewaasjes brûkt, liket it drama wier bard te wêzen. Dat men jin suver wat bedondere fielt as dat net it gefal isGa naar eind2, bewiist it fakmanskip fan 'e skriuwer. Hy sprekt yn 'e earste, boppeste laach fan it ferhaal de lêzer direkt ta. ‘Dit is de histoarje fan in guozzeroer en fan de man dy't der om dea it libben mei behâlden hat’. Justjes persoanliker mar krekt sa direkt einiget it boek mei: ‘Ik hie it him oars sa graach gund, sa'n lêste berjocht fan Irina mei de kante stuten.’ Beide sitaten binne letterkundich. Sa praat in ‘gewoan’ ferteller net, sa skriuwt er. Troch it boek hinne ‘sprekt’ de skriuwer lykwols faken al yn praattaal, meastentiids sober mar gauris yn ferrassende observaasjes. De twadde laach wurdt útmakke troch like sobere dialogen fan de skriuwer-ferteller mei Bavius Bouma: ‘Hienen se de kolf gewoan tsjin it skouder?’ / ‘Heit al, mar dy hie der in sekje mei strie tusken....’ Dy dialogen binne, krekt as sa faak by Van der Velde, sterk yn har natuerlikens. In inkeld kear mar docht in petear keunstmjittich oan. | |
[pagina 34]
| |
Sokke dialogen rinne, tredde laach, út op it ferhaal dat de ferteller yn biten en brokken fan Bavius Bouma te hearren kriget. Dat bloeit as it spannend wurdt yn filmyske beskriuwings op. Men lêst/heart de personaazjes Koos Waanders en Karst de Leeuw praten as wie men der sels by; de fjirde laach. Dit prosédee is by Van der Velde net nij. Hy ûnderbrekt ek yn eardere boeken gauris in rinnend ferhaal om de lêzer persoanlike observaasjes en gedachten mei te dielen. Yn syn suksesfolste boek Foroaring fan lucht (1971) dogge sokke tuskenstikken bytiden keunstmjittich oan, hjir fersterket it de yllúzje fan ‘wier bard’. De oergongen fan 'e iene laach nei de oare - fan yndirekte nei direkte rede, fan partisipaasje nei neiferteller- en taskôgerskip - binne yn It Guozzeroer sa linich en floeiend, dat it nergens steurt. Van der Velde is in master yn it ferrifeljen; men hat as lêzer net troch hoe yngewikkeld de konstruksje winliken is. | |
It belibjenYn dit ferhaal figurearje wer minsken dy't mei beide smoarge skonken yn 'e natuer steane. Jagers en fiskers. Van der Velde skriuwt hast altyd oer minsken dy't direkt en natuerlik reagearje, leafst plattelânsfolk dat him yn 'e wrâld fan stêd, polityk en amtnerij net thúsfielt. Djipgeande selsrefleksje past dêr net by. Yn syn foarkar foar dat primityf-gewoane stiet Van der Velde yn in romantyske Fryske tradysje.Ga naar eind3 Der binne yn dy tradysje ferkearde dingen skreaun, yn de oarloch bygelyks. It mei dúdlik wêze dat soksoartige aberaasjes fier fan 'e tinkwrâld fan Van der Velde lizze. Mar it is him wol ferwiten dat syn sketsen fan ‘gewoane mantsjes’ as Durk Snoad en Pake Sytse de personaazjes psychologysk gjin rjocht dogge. Dy krityk jout Van der Velde yn It Guozzeroer ymplisyt in antwurd op. Op side 110 beskriuwt er de deastriid fan in oansketten fersûpende hazze. ‘En doe begûn de hazze te razen, hy raasde as in lyts bern en op 't lêst wie it âljen.’ Fjouwer siden letter raast in minske dy't oansketten is. ‘Dat slagge mar heal, mar hy krige syn stim al werom en skreaude. It wie in benaude gjalp dy't oergyng yn razen en op 't lêst âle er as in bolle.’ Natuer heart dea by, en Bavius makket dêr mei syn trochrikke longen foar himsels likemin in probleem fan as de jagers dy't yn ien skot achttjin fûgels deadzje, of de ûnderdûkers dy't it ferrie foar wêze moatte. It is allegear fan deselde natuerlike oarder fan opfrette of opfretten wurde. Sok werombringen fan emoasjes ta natuerlike skema's jildt net allinne foar libben en dea, ek foar oare eksistinsjele funksjes. It is treffend dat Bavius syn grutte leafde Irina mei har lichemsfoarmen oantsjut: ‘Irina mei de kante stuten’, krekt as gyng it oantinken net fierder as by de ljisken, en rûsde men sa'n frommes mei de noarmen fan it stamboek. Yndied, se ‘nodden’ noflik; petearje koe in Fries net mei in Oekraynske. Mar hja stiel as wurkster yn it konservefabryk foar him gauris in blikje mei lekkere fisk, en hy kocht as arbeider mei in knap lean skuon foar har. ‘Dat wie in moai begjin fan de ferkearing, saaklik, mar wol in bewiis dat se inoar tagedien wienen.’ Even letter set de skriuwer it noch justjes swierder oan: ‘“Wy ha tegearre in protte wille hân,” sei Bavius. Ik fyn dat heul wat foar sa'n ynbannich man.’ Ja, mar in mennich siden en in definityf ôfskie letter seit dyselde ynbannige Bavius by it weromtinken: ‘“Merde.” En syn kin begûn te triljen.’ Unfermogen om him te uterjen troch de taalkleau, ûnwil ek. Van der Velde jout der in prachtige metafoar foar. As Bavius nei syn ûnderdûken Irina in kaart út Akkrum stjoert, kin der gjin adres fan 'e ôfstjoerder op, want dan | |
[pagina 35]
| |
koene de Dútsers him fine. It is fersideboartsjen út benaudens foar de fijân. Mear as ‘Auf Wiedersehen’ doarde er net te skriuwen, en dat der gjin aakliker klisjee yn syn sitewaasje te betinken wie, hat er fyftich jier letter noch gjin euvelmoed yn. Soksoarte minsken ferhâlde har as it om gefoel giet, mar de natuer bliuwt baas. Bavius syn maat Karst de Leeuw kin syn emoasjes by de dea fan meiminsken stoer ûntkenne, de mage oppenearret him en toant yn 't koarjen hoe't it him oangiet - wat er noait sizze soe of koe. | |
Minsken en natuerDe natuer is by Van der Velde de essinsje. By natuerminsken, dy't teoretysk redenearjen net leard ha, net wolle of net oandoare, is dat dúdlik genôch. Yn harren bestean is it no ien kear belangriker om sân soarten iel te ûnderskieden as de nuânses te witten tusken mismoedich en mankelyk, blier en optein. Van der Velde is sels sa'n natuerman: ‘Ik hâld dan fêst / Yn 't fjild is 't bêst’ hat er Gysbert Japiks neiskreaun.Ga naar eind4 Syn fisy op 'e minske is gjin ferâldere mystifikaasje. Hy is ferrassend aktueel. Natuerlike driuw en reaksje as essinsje fan it bestean is in sintraal tema yn 'e sosjobiology. It soe dat yn 1872 al wurde nei ûndersyk fan û.o. Charles Darwin, mar dy kaam ûnder it taboe fan kristen-humanisten te lizzen. It duorre mear as hûndert jier foar't de evolusjonist Edward O. Wilson yn 1975 dizze tried wer opnaam mei syn Sociobiology. Doe hiene Freud en syn neifolgers de psychologe- en lekewrâld, en dêrmei de literatuer, lykwols al (te) djipgeande beynfloede. Primate-ûndersikers as Frans de Waal en Sarah Blaffer Hrdy hawwe de minske sûnt dy tiid wittenskiplik wer yn 'e natuer set, en de natuer yn 'e minske bleatlein. Rink van der Velde wie har yn syn lange, fruchtbere skriuwerskip gâns jierren foar, sa't keunstners wittenskipslju gauris foar binne. Yn It Guozzeroer makket de skriuwer dúdlik dat der mear yn syn wurk sit as oerflakkige lêzers en kritisy der oant no ta út helle hawwe. Dêr snijt er in oar aktueel probleem oan, nammentlik it geastlik eigendomsrjocht fan letterkundich wurk. Dat leit, sadree't in boek ferskynd is, net mear by de skriuwer mar by elke lêzer foar himsels - leare de postmodernen. Dit boekje is dêrom ek gjin testamint, sa't Zum ewigen Frieden foar Kant in koarte gearfetting fan syn bibleteek wie. Mar it is wol in ferhaal dat jin yn 'e beheining fan 119 siden in skerp sicht jout op in skriuwerskip dat mear as sljochtweihinne fertelkeunst is. Better revanche op de minder goed útfallen foarlêste roman (Alde Maaie, 2000) koe Rink van der Velde net nimme. It is in weardich ôfskie. Salút! |
|