Tegels
Meinou P.
‘De man stie by de tafel’, skriuwde in Afûkkursiste yn in stelopdracht. Se komt út Brabân (nee, it is frou Nijpels net), folge earst in kursus Frysk foar net-Friezen, helle dêrnei it A-diploma en no sit se by my yn in groep dy't mei de B-oplieding dwaande is.
Hokker man? En wêr komt er sa gau wei? soe ik hast mei in reade pinne yn de marzje skriuwe, mar ik krige al fierder lêzende troch dat it gewoan de man fan de froulike haadpersoan wie dy't hieltyd al yn it ferhaal figurearre.
Ik besocht de gedachtegong te folgjen dy't har der ta brocht hie om by ‘man’ foar it lidwurd te kiezen en net foar it besitlik foarnamwurd ‘myn’. ‘Us’, dat har leard is te brûken by famyljeleden, sil se wol gau fier fersmiten hawwe. Fan ‘myn’ wit se dat men dat yn it Frysk minder faak brûkt as yn it Nederlânsk. Foaral net by lichemsdielen, skriuwt de Afûk foar. En hienen wy by it besprekken fan De fûke fan Rink van der Velde net opmurken dat de fisker it noait oer myn frou en myn soan hat, mar altyd praat fan de frou en de jonge? Sa soe se wol ta har kar kommen wêze.
No moat ik har dus dúdlik meitsje hoe't it dan wol sit.
Op de fraach: ‘Is de frou thús?’ kin de manlike helte fan in stel anderje: ‘Ja, kom der yn, de frou sit krekt oan in beerenburchje.’ It net brûken fan it besitlik foarnamwurd is hjir op syn plak. As de (no ja, myn) kursiste dus in hy-ferteller keazen hie, hie se skriuwe kinnen: de frou stie by de tafel en dan hie ik witten, dat is syn frou.
Mar nimmen sil it yn syn (pardon, de) holle helje en freegje oan in frouspersoan dy't de doar iependocht: ‘Is de man thús?’ Yn sa'n gefal tinke jo al gau dat de frou in mysterieuze man yn 'e hûs hat dêr't nimmen fan wit hoe't er hyt. Men kin dêr rêstich jo man brûke, neffens my alteast. Oars wurdt it as der frege wurdt nei de baas, de boer, de dûmny, of de dokter. Dan jout it brûken fan it lidwurd de wat iroanyske ôfstân dy't hiel Frysk oandocht en is it krekt om te gnizen om jin foar te stellen dat ynformearre wurde soe nei jo baas, jo boer, ensfh. Ik soe teminsten as dûmnysfrou tink al gau anderje dat ìk in oare pastor hie, mar dat ik de dûmny wol eefkes roppe woe.
Nuver is wol dat men net freegje kin nei de ûnderwizer. Is dat berop net ‘heech’ genôch? Ik haw socht yn al ús neislachwurk (al it neislachwurk dat wy hawwe) mar ik koe der neat oer fine. Of soe it sa wêze dat it komt om't bazen, boeren, dûmny's en dokters dat dei en nacht binne en ûnderwizers allinnich mar ûnderwizer yn de skoaloeren? En as dat wier is, dan soe dêr wer út folgje dat in frou altyd frou is en in man allinnich mar yn 'e tiid dat er echt man is, wannear't dat dan ek mar wêze mei.
Ik tink dat ik mar tsjin de Brabânse sizze sil dat it besitlikfoarnamwurd by ús al moai ynboargere is en dat útsein Afûk-kursisten en harren lesjouwers dêr nimmen wekker fan leit.