Alde spoaren
Dy djipgong, wat ‘kreativer’ proaza en in ‘lekkerder tempo’ sitte wol yn it ferline jier útkommen fjirde reisboek Alde spoaren, al lit er ús ek dêryn gjin blierren oan 'e fuotten fiele. Dat hoecht fansels ek net, net eltse skriuwer ferstiet itselde ûnder ‘in lêzer meinimme op reis’. Mar ik mei der wol oer, dat de persoan himsels sjen lit, syn wanhoop fiele lit, syn selsoerwinningen dielt. Yn syn reis nei Larvik skriuwt er bygelyks, dat de petearen fan de minsken op it skip wat persoanliker wurde. Wêr ha jim it dan oer, wol ik nei sa'n sin witte. Mar wy wurde it amper gewaar. Hawar, sa skriuwt dizze skriuwer net, lit ik my beheine ta wat er wol sjen lit.
Douwe Kootstra is de man fan de sfearfolle beskriuwingen, de prachtige ferlikings, de ferteller fan poerbêst te fertarren ferhalen. Hy beskriuwt himsels as immen dy't graach lekker yt en op 'e tiid in slokje mei. Hy komt net graach by tsjuster oan as er noch gjin hotel hat, wol leafst net twa kear nei itselde plak en hy wit graach wat er sjocht. ‘Ik mei der graach oer as teory en wurklikheid op inoar passe.’ (11) Hy is in ‘fanatike gek dy't op 'e gleonste oere fan de dei fan alles moat’ (15) en siket mear en mear om lokaasjes mei stilte. It is net in held op see en hy hat in protte muoite ‘alle last-minute stress en oare soargen fan de fêste wâl los te litten’. En hy tsjut himsels faak yn de tredde persoan oan, benammen as it oer de ‘luie’ reizger en de aktive skriuwer giet. Hy hat as reisdoel, de klibers foar te bliuwen, want toerisme ferpest it lân, fynt er.
Alde spoaren befettet ferhalen oer Termessos (Turkije), Ierlân, Auschwitz, de skat fan Mildenhall yn Suffolk, in seereis nei Larvik en it grutste part fan it boek, 72 fan de 156 siden, wurdt ynnommen troch in ferhaal oer Vietnam.
Kootstra is benammen sterk yn it beskriuwen fan situaasjes en sfearen. Sa't er bygelyks