Oebele Naneur
‘Uit het Friese Wammelo’
De algemien priizge dissertaasje dy't Elsbeth Etty yn 1996 wijd hat oan libben en wurk fan de dichteres en politika Henriette Roland Holst-Van der Schalk (Liefde is heel het leven niet) kaam my pas ûnder eagen doe't koartlyn yn de nije paperbackrige Olympus in goedkeape edysje ferskynd is. Men lêst dat prachtboek - treflik fan styl, sterk fan fisy, ynfielen en trochsicht - mei de grutste niget oant en mei de lêste fan de 743 siden.
En dochs... en dochs... wie it my op utrekkene side 100 efkes, hiel efkes oer. Dr Etty komt dêr op de jildlike stipe dy't oan de ein fan de njoggentjinde ieu de noch jonge sdap net allinne fan de hear en mefrou Holst, mar troch dy harren tadwaan ek ú oare patrisyske fermiddens taskikt krige. Benammen jonkfrouwe Clara Jacoba de Vos van Steenwijk, jeugdfreondinne fan Jet Holst, kaam datoangeande fiks fanwegen. Yn deselde snuorje sawat dat ‘de freule’ - yndied deselde! - yn Wommels har ferneamde jongesskeatspriis ynstelde. Jonkfrou De Vos van Steenwijk har Fryske relaasjes komme yn de dissertaasje fierders net oar 'e oarder. Dr Etty folstiet dermei te sinjalearjen - en no komt it - dat hja ‘uit het Friese Wammelo’ fandinne is.
Yn earste opslach hie ik gjin antwurd op dit toponymysk riedling. Oant it my ynienen dúdlik waard: dat ‘Wammelo’ is in deasimpele ferskriuwing of better sein faaks ferlêzing fan de doarpsnamme Wommels. Mefrou Etty sil dy namme ris yn 'e flecht wei notearre hawwe, stel ik my foar, sûnder letter ek mar de minste aan te hawwen fan wàt hja delkwattele hie. By it weromlêzen hat hja - op 'e Fryske kaart blykber folslein ûnkundich - der oars neat fan meitsje kind as it nei it Saksysk útskaaiende ‘Wammelo’.
't Is dat Trotwaer al safolle komike rubrykskopkes yn gebrûk hat, oars soe ik noch wol ien witte.
Freark Dam