Autobiografyske snypsnaren (1)
Wêr't men jin al net drok om makket
Freark Dam
‘Gêês’, seinen wy Ketlikers as wy ‘gers’ bedoelden dat de Hollanners ‘gras’ neame. Dat wy harken al raar op, doe't in nij ynkommen jonge op it skoalplein it oer ‘gjes’ hie en itselde bedoelde. Dy knaap kaam, sa fernijde er us, fan de Drachtster Kompenije - in ús folslein ûnbekende oarde.
Dy gers-gjers-fariant hat leau 'k de earste west dy't by my heakjen bleau en myn niget oan dialektgeografyske ferskillen wekker makke. Ik kin ek noch, fan in jiermennich letter pratend, it plak (by 't fytshok) en de dei (in woansdei) oantsjutte dêr't en doe't op de Feenster ULO in klasgenoat dy't yn de Haske wenne my yndachtich makke op it ferskynsel dat guon minsken - wy bygelyks - fan ‘wênzje’ prate, wylst oaren der sokssawat as ‘wainsdy’ fan meitsje.
De hustaal fan myn jonge jierren hat it Ketlikers west, of rûmer nomd it Skoatterlânsk. It sil net ûnfersnien west hawwe, om't ús heit en mem dêr ymport wienen. Hja hienen har eigen Beetster/Tynster Frysk meinomd, fan heite kant boppedat noch mei in bewyske oerurven Tsjalberter Gietersk derûnder. Ik ha te koart yn Ketlik wenne - oant krapoan myn fyftjinde - en sûnt tefolle standerteftich Frysk praat èn Súdhoeksters èn Wâldsjers om my hinne heard om myn Ketliker memmetaal noch echt machtich te wêzen - it mei net lykje. Dat muoit my, mar it is no te let - namstemear om't de Ketlikers der hjoed de dei nei myn betinken sels ek mar in potsje fan meitsje.
Mouillearring bygelyks: ‘bjatsje’, ‘wjanne’, ‘mjorre’, ‘bjorren’ en mear fan dat mâls wie dêr yn de iere jierren tritich hege útsûndering. It waard beskôge as in bernlike oanwenst dy't men, krekt as bygelyks bêdpisjen, sa gau mooglik oergroeie moast en koe. No bjatsje se rûnom op 'e Skoatterlânske bjorren dat it in lust is.
It âlde boereketlikers moat, sa deun oan de Tsjonger, wol ynfloed fan ‘ginne kaante’ ûndergien hawwe. Dat wy as bern ‘brommels’ sochten by de droege sleatten ‘langes’ en dat guon boeren harren kij ‘mulken’ yn it Ketliker Skar wiist wol yn de Stellingwerver rjochting, lykas ek de ‘kroaie’ (kroade) dêr't hja mei oar it ‘pa’ rûnen.
Geve Fryske opgeande trijeklanken lykas wy dy kenne yn tiidwurden as ‘skriuwe’ en ‘bliuwe’ waarden yn it Ketlikers ta sleauwe ôfgeande twa-klanken: ‘skrûe’ en ‘blûe’. It heucht my dat de yngreven klaaiker Douwe Tamminga, in gearkomste bywenjend ûnder lieding fan de nij-oanrette foarsitter Rudi Boltendal, nij opharke doe't er troch de praeses ferwolkomme waard út namme fan It Skrûersboun. De Grinslanner Boltendal hie, as Feenster forens, syn deistich Frysk opstutsen op 'e Ketliker bjorren, dat sadwaande!
Sa net - de ‘blebberbeien’ dy't wy dêr eartiids by 't seksje sochten hjitte der hjoed de dei nei't ik my fertelle litten haw foar alle dúdlikheid al ‘bosbeien’ of better sein (dan begrypt elkenien it, no?) ‘bosbessen’. In pynlike oanslach op it Ketliker taaleigen fan myn jeugd is de namme fan it byldsje, yn de jierren sechtich oprjochte as doarpssymboal: de ‘raaptepper’.