Libbenselikser
Jitkse Kingma
In Mont Blancje opleppelje
Myn kompjûter jout altyd in leaf, sêft ting-lûdsje as der wer ien oankomt. Earst wie it sa lûd dat ik der fan skrok. Dan hie 't suver neat privees mear. Mar sûnt ik it folume bysteld haw ta in beskieden beltsje, past it by wat it is. Ting, in mailtsje. Der sitte hast alle dagen wol in pear spannende by. Fan kollega's dy't meitsje dat wurk net allinne wurk is. Fan skriuwers dy't ik begelied. Fan minsken dy't ik ris troffen haw by d' ien of oare gearkomste. It mailt sa maklik.
No't ik de etikette in bytsje ûnder de knibbel haw, wit ik dat ik net mei kapitalen tipe moat, want dan raze je tsjin immen. Sa haw ik in fan it begjin ôf muoisum ferrinnend kontakt ris folslein nei de barbysjes holpen. It wie sa lollich bedoeld. Ik skreau: heb je laatste mail per ongeluk naar de eeuwige jachtvelden geveegd, wat schredf je ook alweer? Kapitaal, omdat ik sabeare boppe it gefluit fan in trein útraasde. Nei in drege dei mei in protte gewraksel mei de kompjûter - hy hie mailkueren en liet myn mailtsjes fuortfloepe foar't ik se noch even neilêze koe, o sa gefaarlik - woe ik flak foardat ik in sprint nei it stasjon luts om de trein te heljen, noch even in lyts grapke meitsje. It lêste by him. Haw it útlein. Mar ik hie de troch himsels komponearre efterflap fan syn boek ek al yn twifel lutsen. Dit wie krekt in klap tefolle. Hawar.
De nuânses moatte by mail folle dúdliker oanjûn wurde as mei in telefoantsje of petear. Want wat ferdwine der in ûnbegrepen folsinnen yn it swarte gat fan cyberspace. Hoe faak ik net lêzen haw: ‘maar jij schreef toch...’ wylst ik yn myn eigen beleving de saak in hiel oare kant útstjoerd hie. Lokkich sitte soms al de âlde mailtsjes der noch oan, sadat je earne yn 'e sturt it plak weromfine kinne dêr't de saak ûntspoard is.
Je maile je folle earder yn it ‘je’-stadium, ha 'k it gefoel. En je wurde ek earder fertroulik. En dat makket it medium foar my tige oantreklik. Want ik hâld sa fan dy flitsende konversaasjes dy't je nei elkoar tastjoere kinne sûnder elkoar oan te sjen. Iderkear in stapke fierder. Krekt al, krekt net te fier gean. In knypeachje, in fraachje. En dan besykje orizjineel te wêzen. En koart. Yn in pear wurden in situaasje tekenje. De maillijn iepenhâlde. ‘As ik ticht genôch by dy bin om it bier te rûken kom ik it opdrinken.’ Sinnen freegjend beslute sûnder der in fraachteken efter te setten. Humor byinoar toetse: ‘Sjoch ik dan oft dyn kin krekt sa'n lang burd hat as dyn grappen.’
It ûnderwerp yn 'e mail set al faak de toan. ‘Skouder’: ‘Mei ik op dyn skouder útgûle, it iennichste dat my op dit stuit oan de Karakoram tinken docht (tsjin biograaf fan berchbeklimster dy't Karakoram betwingt) is de berch mei wurk dêr't ik tsjin oan sjoch.’
Antwurd: ‘Och, muze fan my. Wie ik mar dyn tafelhear, dan soe ik, om dy te fermeitsjen, krekt as de kening fan Sweden die by Jenny (de berchbeklimster) in Karakorumtop fan slachrjemme op dyn board bouwe en dy tegearre mei dy opleppelje.’
Even letter: ‘Nije wike sil ik op antikwariatetoernee, giest mei my mei?’
‘Wol wol, mar haw de ferkearde berch noch altyd foar myn noas.’
‘Fyn dy konklúzje hiel ûngesellich. Moatst dyn wurk net redusearje ta in kantoarbaantsje hear! Fan tl-ljocht wurdst aaklik bleek.’
‘Okee dan.’ - Ting.