Trotwaer. Jaargang 33
(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 17]
| |
Halbertsma-diskusje
| |
[pagina 18]
| |
gerlik beskavingsoffensyf yn de foarm fan de it Nut, it Friesch Genootschap en it Frysk Selskip fan 1844. De wurkjende leden fan sawol it Genoatskip as it Selskip binne lid fan dat Nut. | |
It nije keninkrykSintraal foar my is de fraach oft dy yn wêzen konservative Fryske identiteit sjoen wurde kin as in ‘dalend cultuurgoed’, fan heech nei leech, fan stêd nei plattelân. Is it sa dat de opfettings fan beheinde yntellektuele rûnten oer de Fryske identiteit yn in fakuüm nei ûnderen ta glydzje en delkomme yn fierders lege koppen en hollen fan wat ûnnoazele plattelanners? Litte dy har wol op sleeptou nimme? Komt dy konstruearre Fryske identiteit yn in ideologyske leechte telâne? Of feroaret dy identiteit yn de fal nei ûnderen, wurdt it fearke optilt troch de pûsters fan ûnderop? Konkreet taspitst: Hoe hawwe Friezen fan bûten de kringen fan de polityk-bestjoerlike elite, hoe hawwe de ynwenners fan de earder selsstannige provinsje stien tsjin it opgean yn in nasjonaal steatsferbân oer? Koe it har neat skele? Hokfoar betsjutting moatte wy der oan takenne dat party minsken har yn 1811 ‘De Vries’ neamden. Kloppet de konstatearring ‘dat al deze mensen op een symbolische manier protesteerden tegen de Franse onderdrukkers’ en dat sy dermei útdrukke woene dat sy foar alles frije Friezen wiene?Ga naar eind1 Bestie der al in Fryske identiteit foar't dy ‘konstruearre’ waard? In oare fraach. Der binne grutte feroarings yn de steatsstruktuer. Mar stiet dêr foaroer net kontinuiteit yn godstsjinstich opsicht? Dy fraach liket my om twa redenen fan belang. Yn 't foarste plak, om't it ús in yndruk jout oft it ‘dalend kultuerguod’ fan dy konstruearre Fryske identiteit yndie yn in ideologysk fakuüm delplofte. Mar tagelyk, om't dy fraach ús bringt by de sprieding fan de oanhing fan it Nut. Yn Libbensskôging yn Fryslân hat Lammert Jansma in oersjoch jûn fan religiositeit yn dizze provinsje. De earste folkstelling fan 1809 learde dat 90 persint fan de befolking hearde ta de Herfoarme Tsjerke, de rest ta de Roomske Tsjerke en de menisten. Dêrmei hawwe wy in oanknopingspunt mei it Nut, yn 1784 oprjochte troch de doopsgesinde dominy Jan Nieuwenhuizen. Haadfiguer yn it betooch fan Jensma is de meniste dominy Halbertsma. Sawol menisten as luthersken binne godstsjinstige minderheden. Mar der is in grut ferskil. De luthersken wiene net fij fan de polityk, sa't bliken docht út de rol fan in Thorbecke en in Domela Nieuwenhuis. De menisten moatte fan de oerheit net folle hawwe. Sy binnen warber op maatskiplik mêd. Se binne inisjators fan in praktysk kristendom. Jensma jout oan dat Fryslân oerfertsjinwurdige is wat Nutsleden oangiet. Dat jildt mear algemien foar de kustprovinsjes fan boppe it IJ. It binne streken dêr't feodalisme frjemd bleaun is en de menisten en frijsinnigen ynfloed hiene. No is it Nut net allinnich in nijsgjirrige organisaasje op himsels, mar foaral om wat it yn beweging sette. De saneamde ‘navolg-nutten’ binne funksjonele, op in doel rjochte organisaasjes.Ga naar eind2 Dêrta hearre de Maatschappijen voor Landbouw, het Onderwijzersgenootschap en ek de matigheid- en afschaffingsgenootschappen. Ek de sprieding fan ûnthâlders oer Nederlân is net gelyk. It swiertepunt lei yn Grinslân, yn Fryslân en yn Noard-Hollân boppe it IJ. Histoarysk sjoen rint blau oer yn read. Dat bringt my op de ferdieling fan de ôfdielingen fan de Sociaal-Democratische Bond. Ek derfan kin sein wurde dat dizze trije gebieten fier oan de kop steane. Dat jildt fierder foar de sdap en yn de earste helte fan de tweintichste ieu foar Christelijk-Democratische Unie. Oars sein, ik tink dat de woarteling fan it | |
[pagina 19]
| |
Goffe Jensma mei de oarkonde fan de Halbertsmapriis; links deputearre Bertus Mulder.
(foto Het Hoge Noorden/Jaap Schaaf) Nut en ‘navolg-nutten’ net yn in ideologysk fakuüm plakfynt, mar ynbêde is yn in al besteande frijsinnige kultuer. Op dy iepen boaiem sjitte ferskillende organisaasjes omheech. Ek yn Fryslân. | |
FolksferheffingDat bringt my op in tredde punt. Folksferheffing: hoe dogge jo dat? Der binne op syn minst twa konsepten fan folksferheffing: guon lizze de klam op de ûntwikkeling fan de eigen elite, oaren op de spreiding fan kultuer. Dat ferskil, dy tsjinstelling, stiet sintraal yn de ferhâlding tusken bygelyks de rederikerskeamers en it Nut. Dragende partij yn de egalitêre folksferheffing yn it Nut en de ‘navolgnutten’ binne de ûnderwizers, de skoalmasters. Der is dus yn it boargerlike beskavingsof- | |
[pagina 20]
| |
fensyf in spjalt dy't lykop rint mei it ûnderskied tusken it Friesch Genootschap en it Frysk Selskip, in organisaasje dy't droegen waard troch skoalmasters. En soe it dan net sa wêze kinne dat dy ûnderwizers har eigen ynfolling joegen oan soks as folksferheffing yn Fryslân? In útstapke. Fanâlds wie der by de rjochterlike macht yn Fryslân de opfetting dat in ynwenner fan dizze provinsje him fan it Frysk betsjinje moatte koe. ‘Er werd in het algemeen nogal ongedwongen mee omgegaan’. It yn de macht hawwen fan it Frysk troch de rjochters koe de tsjûgen of fertochten op har gemak stelle.Ga naar eind3 As de rekrutearring fan rjochters hieltyd wider wurdt, lizze nije, Nederlânske rjochters it near op it brûken fan it Frysk yn de rjochtsseal. Dus moat it plak fan it Frysk tenei juridysk befochten wurde, dêr wêr't earst de praktyk fan in twatalich Fryslân husriem wie? As dat de praktyk wie yn de rjochtspraak, hie wie dat dan yn it ûnderwiis? Tony Feitsma hat in kostlike dialooch út 1820 opdjippe dêr't in boerinne yn seit: ‘de bern moatte boersch prate ynne skoalle.’ Tagelyk jout Feitsma oan dat de nij ynstelde provinsjale ûnderwiisynspeksje it Frysk net gedoge wol. Mar wat wie praktyk, yn in wrâld sûnder radio en tillefysje, sunder audiofisuele media? Sân fan de njoggen leden fan dizze ûnderwiiskommisje wiene dominy's. Dy seagen der fansels wol op ta dat der bibellêzen waard, dat der songen waard yn de tale Kanaäns. Mar fierder? Wie de praktyk dat bern Frysk praten, mar dat it Frysk amper of gjin plak yn de skoalle hie? Op 'e siik nei materiaal om de oergong nei in Koninkrijk der Nederlanden skerper ta te ljochtsjen, kaam ik by in waarnimming fan Joast Halbertsma. Dy sinjalearret dat ‘de bern op folle skoallen nin Frysk prate meije, dat der tefoaren sa fier ôf wie fan ferbean te wêzen, dat de masters sels Frysk tsjin de skoalbern praetten’.Ga naar eind4 Mar koe folksferheffing yn Fryslân bestean troch it ûntkennen fan it Frysk? Of bestie folksferheffing út it oanlearen fan en it oergean op it Nederlânsk? Wat wie winliken it plak fan it Nederlânsk en wat feroare der no krekt oan troch it opgean yn it nije keninkryk? | |
De ‘Fryske sin’Jensma wiist derop dat de migraasje en mobiliteit fan Friezen hiel lang ta Fryslân beheind wie; jo kamen wol út mei jo Frysk. Yn de praktyk fan it maatskiplik libben naam dat Frysk in oerhearskjend plak yn en dat sil ek de reden west hawwe dat al dy emansipaasjebewegingsGa naar eind5 dy't letter ûntsteane, har betsjinje fan it Frysk. Hoe is it oars te ferklearjen dat de blauwe n.v. yn 1907 komt mei in Fryske lietebondel, it Frysk Unthâlders-Lieteboekje? Dy reëel besteande Blauwe Bondel liket my de tsjinhinger fan it ‘reade taske’ dat allinnich yn ferhalen bestiet. En hoe sit it mei it toanielspyljen? Ik soe wol wolle dat hjir neier ûndersyk nei dien wurdt, want de stelling fan Jensma dat der yn Fryslân mear yn it Nederlânsk as yn it Frysk toanielspile wurdt, wol my net oan. Dat bringt my op myn ôfslutende opmerkings. De Fryske ideology sa't Jensma dy ús foarhâldt, is rjochte op taal, skiednis en folkskarakter. Dy ideology wiist tebek. Opfallend dat de polityk en de demokrasy dêryn ûntbrekt. Dat kin ek hast net oars, om't wy hjir sprekke fan de ideology fan in ûnwisse, bedrige, net troch de befolking keazen politike klasse, dy't boppe de befolking stie. Dy hie gjin belang by demokrasy en it Frysk wie foar har allinnich histoarysk fan belang. Dy konseptuele brek is hiel dúdlik oan te jaan by Piter Jelles. Dy hat him oer wat er neamde de ‘Fryske sin’ krekter útlitten as Jensma oanjout. Ta de Fryske sin hearde dat de ‘Friezen fêsthâlde moasten oan it âlde, yn sin | |
[pagina 21]
| |
en yn taal, fêsthâlde oan ienfâld fan seden, oan de âlde deugden en oan de leafde foar de âlde grûn’. De Fryske sin wie foar Troelstra in bydrage ta kulturele ferheffing, as in seedlike wize fan libjen, dêr't de oplossing lei foar de maatskiplike problemen dan dy tiid. ‘Der wie ik mis mei’, skriuwt er letter yn Fan Liet en Libben. ‘De efterútgong fen Fryslân wier net alderearst in sedelik - it wier in maetskiplik fraechstik’.Ga naar eind6 Hy makke dêrmei de maatskiplike, politike en ekonomyske problemen los fan dizze tradisjonele ‘Fryske sin’, en iepene sa de wei foar de ynbêding fan it Frysk yn de demokratisearring fan de sosjale ferhâldingen yn Fryslân.
Ik bin my der fan bewust dat ik net op in gebrûklike wize reagearre haw by de útrikking fan dizze Joast Halbertsma-priis. Mar wy binne hjir yn Grou, berteplak fan Halbertsma, by gelegenheid fan in stúdzje oer dochs foaral Halbertsma, menist út in streek dêr't de menisten fanâlds sterk wiene, in streek dêr't it Nut in rol spile, dêr't de blauwe beweging dúdlik oanwêzich wie, om oer de reade mar te swijen. In plak ek dêr't de Fryske Krite syn 125-jierrich bestean fiert mei in sympoasium oer it Frysk Folksliet. It reade taskefan Salverda skerpet ús op, twingt ús om ús ôf te freegjen wêr't wy foar steane en oft wy de goede dingen dogge. Twingt Fryslân syn arguminten en motiven acht te slaan. Twingt ús ek ta de erkenning dat dy motiven woartele binne yn in grut tal ideologyske streamings. Krekt dat ek makket dat wy as provinsjaal bestjoer ús hieltyd wer ôffreegje hoe't it o sa stadige proses fan maatskiplike erkenning fan it Frysk fierder stal jûn wurde kin. It giet om it goed rjocht fan ynwenners fan dizze provinsje rûnom it Frysk brûke te kinnen. Us belied is rjochte op lykberjochtiging en lykweardigens fan it Frysk nest it Nederlânsk. |
|